Terptsjerke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 28: Rigel 28:
[[Kategory:Ryksmonumint yn Boarnsterhim]]
[[Kategory:Ryksmonumint yn Boarnsterhim]]
[[Kategory:Akkrum]]
[[Kategory:Akkrum]]
[[Kategory:Bouwurk út 1759]]

De ferzje fan 31 jul 2017 om 14.07

Terptsjerke

De Terptsjerke is in tsjerke yn Akkrum.

Op de gevelstien boppe de yngong oan de noardside fan de Terptsjerke stiet dat de earste stien lein waard troch Augustinus Lycklama a Nyeholt âld 17 jier op 13 maart 1759. De sealtsjerke is boud op it heechste punt fan de terp fan Akkrum as ferfanging fan in eardere ôfbrutsen tsjerke. De toer waard yn 1882 ommitsele en it sealdak waard ferfongen troch in ynsnoerde toerspits. Fan de twa klokken út 1698 is de lytsere skuorde klok op in letter momint ferfongen troch in klok út 1950.

De tsjerke hat fjouwer ruten fan brânskildere glês mei wapens makke troch Thomas en Tsjalling Gonggrijp. De oargelkas út 1821 is makke troch J.A. Hillebrand. It oargel út 1856 is makke troch Petrus van Oeckelen en is sûnt 1978 yn fazes restaurearre (1983, 2001 en 2010).[1]Sûnt de lêste restauraasje yn 2000 foarmje de grêfsarken út de 16e en 17e iuw wer it middenpaad yn de tsjerke. De wynfaan boppe it koar is in mearman.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

  1. Ljouwerter Krante d.d. 11 novimber 2010: Orgel van de Terptsjerke in Akkrum