Byzantynske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L Ieneach fan 'e Esk moved page Eastromeinske Ryk to Byzantynske Ryk: gongberder + namme gelyk oan kategory
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 jul 2017 om 20.28

It Eastromeinske Ryk ûnder keizer Justinianus I tusken 527 en 565. De oranje gebieten binne tidens syn hearskippij herovere
It Eastromeinske Ryk yn 717 mei de komst fan de Arabieren

It Eastromeinske Ryk of Byzantyske Ryk wie it eastlike part fan it Romeinske Ryk dat nei de fal it westlike part fan it ryk (yn 476) yn noch mear as tûzen jier (oant 1453) yn stân bliuwe soe.

Yn dy tûzen jier bleau it ryk gewoan bekend stean as It Romeinske Ryk. De bewenners beskôgen harren sels as Romeinen (Rhomaioi) en wettige trochsetters fan it eardere Romeinske Ryk. De taal en kultuer (útsein de kristlike godstsjinst) waard lykwols stadichoan Gryksk. De offisjele taal, it Latyn bleau oant en mei de 7e iuw as offisjele taal yn swang en waard doe opfolge troch it Gryksk.

Ek oanswettende lannen lannen en riken (lykas de Perzen, Arabieren yn it easten, Jeropeanen yn it westen, en Russen yn it noarden) neamden it Romeinsk, en it waard as in grutte mislediging beskôge om it ryk Gryksk te neamen, omdat dat stie foar heidens. Sûnt de 17e iuw waard it ryk hieltyd faker Byzantynsk neamd, doe't histoarisy ûnderskied begûnen te meitsjen tusken it ryk út de Midsiuwen en dat út de Klassike Aldheid, dat yndied ek hiel oars wie. Dizze namme is ôfkomstich fan de Grykske stêd Byzantium (letter Konstantinopel, no Istanbûl).

Sjoch ek