Brûnei: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 48: Rigel 48:
[[Kategory:Histoaryske Britske koloanje]]
[[Kategory:Histoaryske Britske koloanje]]
[[Kategory:Sultanaat]]
[[Kategory:Sultanaat]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 10e iuw]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1888]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1984]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1984]]

De ferzje fan 14 jul 2017 om 18.24

برني دارالسلام
Negara Brunei Darussalam
Flagge fan Brûnei Wapen fan Brûnei
Flagge Wapen
Lokaasje fan Brûnei
Offisjele taal Maleisk
Haadstêd Bandar Seri Begawan
Steatsfoarm Sultanaat
Gebiet
% wetter
5.765 km²
8,6­%
Ynwenners (2008) 379.000
Munt Bruneiske dollar (BND)
Tiidsône UTC +8
Nasjonale feestdei -
Lânkoade BRN
Ynternet .bn
Tillefoan 673

Brûnei is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Bandar Seri Begawan en de sultan fan de absolute monargy is sûnt 1967 Hassanal Bolkiah.


Geografy

It sultanaat Brûnei bestiet út twa net oanienslettende stikken lân oan de noardwestkust fan Borneo en wurdt begrinzge troch de Súd-Sineeske See yn it noarden en it Maleizyske Sarawakgeberchte yn it easten, suden en westen. It grut part fan it lân wurdt bedekt troch tropysk reinwâld dêr't in protte dieresoarten libje. De kuststripe dy't tichtbefolke is, bestiet út mangroven ûnderbrutsen troch koraalsânstrannen.

Klimaat

Der hearsket in in tropysk reinklimaat.

Skiednis

Hassanal Bolkiah, Sultan fan Brûnei

Yn de 15e iuw waard troch Islamityske Maleizjers it sultanaat Brûnei stifte dat yn 1888 ûnder Britsk protektoraat kaam. Yn de Twadde Wrâldkriich wie it tusken 1941 en 1945 beset troch de Japanners. Nei de kriich waard it in Britske koloanje oant en mei 1959 doe't it in eigen grûnwet krige en autonomy. Folsleine ûnôfhinklikens folge foarfêst yn 1984. De sultan dy't yn 1967 op de troan kaam, regearret lykwols sûnt dy tiid it lân as absolút foarst.

Demografy

Befolking

Likernôch twatredde fan de befolking is fan Maleizyske komôf. De Sinezen foarmje de wichtichste etnyske minderheid (15 prosint fan de befolking).

Taal

De offisjele taal is it Maleisk; dêrneist is Sineesk in wichtige taal. Ek wurdt yn Brûnei in soad Ingelsk sprutsen.

Religy

De Islam is de offisjele religy fan Brûnei, en de sultan stiet oan it haad fan de islam yn syn lân. Oare religys yn Brûnei binne Boedisme (benammen ûnder de Sinezen), en it Kristendom.