Jakoba fan Beieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
{{stavering}}
{{Dyn|
{{Dyn|
| ofbyld = [[ofbyld:Jacqueline de Bavière.png|180px]]
| ofbyld = [[ofbyld:Jacqueline de Bavière.png|180px]]

De ferzje fan 24 jul 2007 om 19.36

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Jacoba fan Beieren
libben
berne16 july - 1401
(Le Quesnoy - Henegouwen)
ferstoarn9 oktober - 1436
(Teijlingen by Sassenheim)
heitWillem VI fan Hollân
memMargaretha fan Bourgondië
houlik 1
datum? - 1416
partnerJan fan Touraine
berngjin
houlik 2
datum? - 1418
partnerJan IV fan Brabân
berngjin
houlik 3
datum? - 1422
partnerHumphrey fan Gloucester
berngjin
houlik 4
datum? 1432 én 1434
partnerFrank fan Borsele
berngjin
Hartoginne fan Beieren
perioade1417 - 1436
foargongerWillem VI
opfolgerFilips fan Bourgondië
Greve fan Hollân en Seelân en Henegouwen
perioade1417 - 1436
foargongerWillem VI fan Hollân
opfolgerFilips fan Bourgondië
Hûs Wittelsbach

Jacoba fan Beieren (Le Quesnoy, Henegouwen, 16 july 1401Teijlingen, by Sassenheim, 9 oktober 1436) wie greve fan Hollân en Seelân, Henegouwen en hartoch fan Beieren.

De earste jierren

Op 15 jierrige leeftyd trout se mei de Frânske prins Jan fan Touraine, dy’t yn jannewaris 1417 ferstoar. Fermoedlik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit greve Willem VI. Sy folge har heit op, mar har omke de Luikse biskop Jan fan Beieren krieg Hollân tawizen fan de Dútske KeizerSigismund. De striid tusken Jacoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de Hoekske en Kabbeljauwske twisten.

Yn 1418 troude Jocoba fan Beieren mei har Neef Jan IV fan Brabân. De krieg hjirfoar tastimming fan de Paus. Er wie in soad protest tsjin it houlik, sa wienen ûnder oare Hollân en Seelân tsjin. Ûnder druk fan keizer Sigismund waard de pauselike tastimming yntroke. Omdat hy syn finansjeel ferplichtingen net koe neikommen, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan Jacoba foar 12 jier oan har fijân Jan fan Beieren. Jacoba liet hjir op it houwelik ûnjildich ferklearren en gie nei Ingelân, wer sy yn 1422 troude mei Humphrey fan Gloucester.

Tegearre mei Humprey gie sy yn 1424 werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks- echtgenoat Jan IV, dy’t stippe waard troch Filips fan Boergondië (Filips de Goede). Doet Hymprey har yn 1425 yn de steek leit foar in hofdame, joech Jacoba fan Beieren de striid op. Se joech sich oer oan Philips fan Boergondië en waar yn Gent yn de finzenis setten.

Fernijde striid

Doet har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieden yn hânen fan Philips fan Boergondië. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelan. De Hoeken fersetten sich hjirtsjin en befrijden Jacoba fan Beieren. De eallju lieden fan it skuttersgilde “Sint Joris” fan Heusden Spiering en Aalburg slaggen deryn Jacoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappings plan makke. Jacoba en har kamenier ferkleiden har yn manneklean en runen simpel it kastiel út. Bûten wachten Spiering in Aalburg mei hynders en it fjouwertal wist te ûntkommen fia Breda en Woudrygem nei Vianen.

Jacoba pakt de striid tjsin Philips fan Boergondië wer op yn de trijehoek Gouda - Oudewater - Schoonhoven. Trije jier letter moat se wer frede slutten. Yn dit fredesferdrach (de Tút fan Delft) waard bepaald dat Philips fan Boergondië erfgenaam soe wurde fan Jacoba fan Beieren. En dat Jacoba fan Beieren net mear mocht trouwe. Jacoba bliuwde yn namme noch grevin fan Hollân mar moast al snel alle macht ôfstien.

In pear letters is se dochs troud mei Frank fan Borselle. Trochdat se hjirmei it fredesferdrach skeinde, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se trêde werom op it slot Teylingen, wer se yn 1436 op 35 jierrige leeftyd festoar oan tuberkulose. It is net bekind wer Jacoba fan Beieren te hôf brocht is. Er binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarmde Tsjerke yn Sint Maartensdyk leit. Mar mear foar de hân is dochs dat se te hôf is brocht yn Delft.

Keppelings om utens