Orgaandieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L Ieneach fan 'e Esk moved page Weefseldieren to Orgaandieren over redirect: bettere namme
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 jun 2017 om 17.12

Orgaandieren
In reinwjirm.
In reinwjirm.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eurmetazoa)
Buetschli, 1910

De weefseldieren (Latynske namme: Eumetazoa) foarmje in rangleaze taksonomyske groep fan it ryk fan 'e dieren (Animalia) en it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa). Ta dizze groep hearren hast alle bisten, útsein de sturtselligen (Choanozoa) en de spûnsdieren (Parazoa). De sturtselligen wurde soms net iens ta de bisten rekkene, en nij ûndersyk liket út te wizen dat de weefseldieren en de spûnsdieren har los faninoar ûntwikkele hawwe út in mienskiplike foarâlderlike bistekloft. De weefseldieren kinne sadwaande definiëarre wurde as bisten mei folslein differinsjearre weefsels. Se wurde ek wolris lykslein mei de echte dieren (Metazoa), om't de taksonomyske yndieling op dit nivo noch net alhiel útkristallisearre is. De weefseldieren falle útinoar yn 'e radiaaldieren (Radiata), oftewol de kwabben en besibbe libbensfoarmen, en de twasidigen (Bilateria), dêr't alle oare bisten ta hearre.

Klassifikaasje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.