Blêdplanten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 57: Rigel 57:
Oare morfologyske skaaimerken dy’t de ''Euphyllophyta'' ûnderskiede fan oare plantegroepen:
Oare morfologyske skaaimerken dy’t de ''Euphyllophyta'' ûnderskiede fan oare plantegroepen:
*de groei fan de blêden ferrint apikaal (oan de top) of marzjinaal (by de râne) en is einich; de [[Nerf (blêd)|nerven]] ûntwikkelje har út de top fan it blêd wei (basipetaal);
*de groei fan de blêden ferrint apikaal (oan de top) of marzjinaal (by de râne) en is einich; de [[Nerf (blêd)|nerven]] ûntwikkelje har út de top fan it blêd wei (basipetaal);
*De blêden binne spiraalfoarmich om de [[stâle]] hinne ynplante, by it ôfallen jout it blêd in groede oant yn it moarch;
*De blêden binne spiraalfoarmich om de [[Stâle (plant)|stâle]] hinne ynplante, by it ôfallen jout it blêd in groede oant yn it moarch;
*De stäle lit in [[pseudomonopoadiaal|pseudomonopoadiale]] groei sjen;
*De stäle lit in [[pseudomonopoadiaal|pseudomonopoadiale]] groei sjen;
*De (woartel (plant)|woartel]] hat [[eksarch (biology)|eksarch]] [[protoksyleem]], it [[woartelhier]] ûntstiet yn de [[endodermis]] fan de haadwoartel;
*De [[woartel (plant)|woartel]] hat [[eksarch (biology)|eksarch]] [[protoksyleem]], it [[woartelhier]] ûntstiet yn de [[endodermis]] fan de haadwoartel;
*De [[spoaredoaske]]s of sporangiums sitte yn pearen, groeppearre yn einstannige kegels;
*De [[spoaredoaske]]s of sporangiums sitte yn pearen, groeppearre yn einstannige kegels;
*[[Sperma]]sellen mei gâns [[flagel]]len.
*[[Sperma]]sellen mei gâns [[flagel]]len.

De ferzje fan 19 jun 2017 om 13.54

Blêdplanten
Sinneblom (Helianthus annuus), in typyske fertsjintwurdiger fan de Euphyllophyta mei grutte kompleks nerve blêden
Sinneblom (Helianthus annuus), in typyske fertsjintwurdiger fan de Euphyllophyta mei grutte kompleks nerve blêden
Taksonomy
ryk: Planten (Plantae)
ûnderryk: Lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: Faskulêre planten (Tracheophyta)
Kenrick & Crane, 1997


Euphyllophyta is de klade dy’t de Monilophyta, de fearplanten en feareftige planten, en de Lignophyta, mei as wichtichste subklade de siedplanten (Spermatopsida), omfiemet. It is de sustergroep fan de Lycophyta, de klade fan de wolvepoaten en ruskfearren.

De Euphyllophyta soene ûntstien wêze yn it Devoan, sawat 420 tot 380 miljoen jier lyn.

De klade is foar it earst beskreaun troch Kenrick en Crane yn 1997. Se wurdt troch guon auteurs de rang fan ûnderstamme takend en wurdt dan ek wol Euphyllophytina genoemd.

Nammejouwing en etymology

De wittenskiplike namme Euphyllophyta is ôflaat fan it Ald-Grykske eu (goed, echt), phyllo (blêd) en phyton, (plant) en ferwiist nei de oanwêzigens fan ‘echte’ blêden. De sustergroep fan de Lycophyta dêrfoaroer ha mikrofyllen, dy’t evolúsjonêr net te ferlykjen binne (net homolooch) mei makrofyllen (= "echte blêden").

Skaaimerken

Euphyllophyta ûnderskiede har troch de oanwêzigens fan eufyllen en makrofyllen, grutte, flakke blêden mei fertakke nerven, yn tsjinstelling ta de Lycophyta en âldere plantegroepen, dy’t inkeld mikrofyllen, lytse, linefoarmige blêden mei in inkelde nerf, hawwe. It is noch net dúdlik oft de makrofyllen mar ienkear ûntstien binne by de earste Euphyllophyta, of yn beide klades apart ûntstien binne.

Oare morfologyske skaaimerken dy’t de Euphyllophyta ûnderskiede fan oare plantegroepen:

Genetysk is de groep skaaimerke troch in ynferzje fan 30.000 nukleotiden yn it ‘Large Single Copy’- (LSC)-gebiet fan it gloaroplastgenoom.

Fylogeny en taksonomy

Neffens de klassifikaasje fan Kenrick en Crane binne de Euphyllophyta de sustergroep fan de Lycophyta (wolvepoaten en ruskfearren). Mei in tal útstoarne groepen foarmje se de klade Tracheophyta (fearplanten). Fearplanten en fearplanteftigen binne dus nauwer besibbe oan de siedplanten (beide ha se in mienskiplike foarâlder) as oan de wolvepoaten.

Stambeam fan de Tracheophyta, de blêdplanten

De klade omfiemet twa subklades, de Monilophyta mei sawat 9.000 soarten spoaredragende fearplanten en feareftige planten lykas de hynstesturtfamylje en de Lignophyta. Fan dy lêste besteane allinnich noch de Spermatophyta of siedplanten, mei sawat 260.000 soarten de súksesfolste plantegroep.


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: