Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 25: Rigel 25:
[[Kategory:Digitale bibleteek]]
[[Kategory:Digitale bibleteek]]
[[Kategory:Bibleteek yn Nederlân]]
[[Kategory:Bibleteek yn Nederlân]]
[[Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1999]]

De ferzje fan 1 jun 2017 om 19.01

De Digitale Bibleteek foar de Nederlânske Letteren (of: DBNL) is in webstee oer Nederlânske taal en literatuer. De side befettet literêre teksten, sekundêre literatuer en oanfoljende ynformaasje, sa as biografyen, portretten en hyperkeppelings. De DBNL is in inisjatyf fan de Stichting DBNL dy't yn 1999 oprjochte waard troch de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde. De opbou fan de digitale bibleteek is mooglik makke mei stipe fan ûnder oaren de NWO en de Nederlandse Taalunie.

Mids 2014 ûntsluet de DBNL in samling fan goed 11.000 digitalisearre boeken en tydskriften op it mêd fan de Nederlânsktalige literatuer, taal en kultuerskiednis.

In komitee, foarsitten troch Paul Schnabel, hat in kar makke fan tûzen wurken dy't troch it komitee as kaaiteksten fan de Flaamske en Nederlânske kutuerskiednis beskôge waarden. Dizze karút hjit de dbnl "basisbibleteek". Dochs misse guon wichtige klassike teksten út de Nederlânske literatuer, sa as Gerard Reve's De Avonden (1947) en Willem Frederik Hermans syn roman Nooit meer slapen (1966) út reden fan kopieerrjochten.

Ofdielingen

De DBNL hat aparte ôfdielingen foar:

Oare wichtige ôfdielingen binne: literatuerskiednis, atlas en tydskrifteljedder.

Sjoch ek

Keppeling om utens