Greg (striptekener): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L robot Erbij: nl:Greg
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
{{Stavering}}
'''Greg''', [[skúlnamme]] fan ''Michel Regnier'' ([[Elsene]], [[5 maaie]] [[1931]] - [[29 oktober]] [[1999]]) wie in [[Walloonje|Waalske]] [[striptekener]], dy´t sawol stripferhalen tekene as skreaun hat foar oare tekeners.
'''Greg''', [[skúlnamme]] fan ''Michel Regnier'' ([[Elsene]], [[5 maaie]] [[1931]] - [[29 oktober]] [[1999]]) wie in [[Walloonje|Waalske]] [[striptekener]], dy´t sawol stripferhalen tekene as skreaun hat foar oare tekeners.



De ferzje fan 18 jul 2007 om 20.31

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Greg, skúlnamme fan Michel Regnier (Elsene, 5 maaie 1931 - 29 oktober 1999) wie in Waalske striptekener, dy´t sawol stripferhalen tekene as skreaun hat foar oare tekeners.

Greg groeide op yn Herstal en makke foaral as skriuwer opgong. Om´t hy oan in proatte riges tagelyk wurkte, brukte der ek ferskate oare skúlnammen, (lykas Louis Albert).

Yn de sechstiger, santiger en tachtiger jieren hie Greg in grutte ynfloed op´e ûntwikkeling fan de strip. Hy wie ferbûn mei wichtige stripjeugdbleden lykas Spirou (Robbedoes) en Tintin (Kuifje). Under syn leiding as haadredakteur fan it wykblêd Kuifje (fan 1966-1975) ferskenen der jeugdriges dy´t stik foar stik klassiekers wurden binne sa´t: Bernard Prince (mei Hermann en Dany), Comanche (mei Hermann), Roze Bottel (mei Dany), Bruno Brazil (mei Vance) en Luc Orient (mei Paape). Under Greg waarden oare tekeners by Kuifje helle dy´t fan grutte ynfloed west binne op de fernijing fan it Jeropeeske byldferhaal, û.o. Pratt en Auclair.

It hiele oeuvre fan Greg is bysonder grut mei mear as 250 albums en hjirfan is it tal suksesriges allyksa grut.

Greg wie hiel kundich yn syn fak en behearste alle kanten. It levere him de noadige pryzen en ûnderskiedings op.


Eksterne keppeling