Sjoerd Hamburger: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 75: Rigel 75:
[[Kategory:Stellingwerfsk persoan]]
[[Kategory:Stellingwerfsk persoan]]
[[Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap]]
[[Kategory:Persoan berne yn Aldeberkeap]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1983]]

De ferzje fan 28 mai 2017 om 11.07

Sjoerd Hamburger
sporter
Sjoerd Hamburger yn 2008
Sjoerd Hamburger yn 2008
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 8 febrewaris 1983
berteplak Aldeberkeap
lingte 205 sm
sportive ynformaasje
sport roeien
ûnderdiel Skiff - Acht
trener Dave Mcgowan
Peter van der Noort
Paul Broekhuizen
earste titel 2005 WK ûnder de 23 Skiff
O.S. Peking 2008 - Londen 2012
ekstra yn 2009 wûn Hamburger mei it team fan Oxford The Boat Race in tradysjonele wedstriid op de Teems tusken twa universiteiten.

Sjoerd Hamburger (Aldeberkeap, 8 febrewaris 1983) is in Frysk roeier. Hy die ien kear mei foar Nederlân op de Olympyske Spullen, mar wûn doe gjin medalje.

Karriêre

Foar’t hy begûn te roeien yn Utert hie hy yn Fryslân altyd kuorballe en in pear kear oan de 1/8ste triatlon meidien, alles op rekreatyf nivo.

Op syn achttjinde hat er him yn Utert nei wenjen set om dêr te studearjen. Yn 2007 slagge hy foar syn stúdzje Algemiene Sosjale Wittenskippen.
Sjoerd Hamburger kaam yn 2001 as studint yn Utert yn kontakt mei de studintenroeiferiening Orca. Op dat stuit hie de feriening meardere Olympia-gongers fan Sydney. Elien Meijer, Marieke Westerhof, Geert Cirkel, Peter van der Noort en Merijn van Oijen wienen lid fan de súksesfolle froulju-acht en de wat minder súksesfolle manlju-acht. Datselde jier begûn er te roeien yn de swiere mannen 8 fan Orca yn 2002.

Yn Utert begûn Hamburger foar it earst echt te sporten. De earstejiers swiere 8+ wie ridlik suksesfol mei in twadde plak yn it EYK, yn syn twadde roeijier is hy begûn te fjouwerjen op Orca.

Dy boat wie ek suksesfol, benammen yn de 4+ fjilden. Oan de ein fan it jier gie hy mei ûnder oaren Roy van Kessel nei de WU23 gien (6e).

Yn syn tredde jier is hy op advys fan syn coach Peter van der Noort yn de ienpersoans boat (skiff) begûn te roeien. Nei in suksesfol ferrûn NK mocht er nei de earste wrâldbeker. In goed ferrûne winter en in suksesfol jier hat hy oan de ein ôfsletten mei in brûnzen medalje op de WU23 yn de skiff.

Syn bêste prestaasje oant no (peildatum augustus 2008) is it winnen fan de wrâldtitel foar neo-senioaren. Yn 2008 makke hy syn Olympyske debút op de Olympyske Spullen fan Peking yn de skiffklasse. Yn de kwartfinale einige hy as fjirde yn syn searje efter Nij-Seelân, Sweden en Amearika mei in tiid fan 6.57.24. Hjirtroch is in hege klassearring útsluten, want allinnich de earste trije gienen nei de heale finale.

Nei de Spullen ferhuze hy nei Oxford om dêr oan in nije master te begjinnen. Yn 2009 wûn hy mei it team fan Oxford The Boat Race, de tradysjonele roeiwedstriid tusken de ploegen fan de universiteiten fan Oxford en fan Cambridge op de Teems. Hy is de twadde Nederlânske meidogger dy't de race mei Oxford wûn: Gerritjan Eggenkamp gie him yn 2002 foar. Yn it dêropfolgjende seizoen waard Hamburger as earste net-Ingelstalige bûtenlanner keazen ta president (kaptein) fan de roeiferiening fan Oxford. Sa die hy yn 2010 foar de twadde kear mei oan The Boat Race, mar syn ploech waard dizze kear ferslein troch Cambridge. Sûnt de simmer fan 2010 wennet hy wer fulltime yn Nederlân en roeit wer by Orca. Tidens it Wrâldkampioenskip wist Hamburger him mei de Hollân8 te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Prizen

Hamburger op nûmer 5 (fan de efterside ôf) by de start fan de The Boat Race 2009

Roeien (skiff)

  • 2004: 25e Wrâldbeker I - 7.00,03
  • 2005: 15e Wrâldbeker I - 7.19,14
  • 2005: 6e Wrâldbeker III - 7.03,19
  • 2005: 7e WK - 6.58,17
  • 2006: 7e Wrâldbeker I - 7.05,45
  • 2006: 7e Wrâldbeker III - 6.58,42
  • 2006: 8e WK - 6.45,06
  • 2007: 6e Wrâldbeker I - 7.05,69
  • 2007: 7e Wrâldbeker II - 6.51,70
  • 2007: 5e Wrâldbeker III - 6.54,80
  • 2007: 10e WK - 6.59,76
  • 2008: 8e Wrâldbeker I - 7.29,79
  • 2008: 7e Wrâldbeker II - 7.03,70
  • 2008: 13e OS - 6.58,71
  • 2009: 4e Wrâldbeker I - 6.07,96

Acht

  • 2010 : WK Karapiro
  • 2009 : Boatrace ferlern
  • 2008 : Boatrace wûn

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: