Bert Goedkoop: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 40: Rigel 40:
[[Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer]]
[[Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer]]
[[Kategory:Nederlânsk follybaltrener]]
[[Kategory:Nederlânsk follybaltrener]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1956]]

De ferzje fan 27 mai 2017 om 21.06

Bert Goedkoop
sporter
Bert Goedkoop yn 2008
Bert Goedkoop yn 2008
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 15 febrewaris 1956
sportive ynformaasje
sport Follybal

Bert Goedkoop (15 febrewaris 1956) is in âld Nederlânsk follybalspiler en follybaltrener. Op dit stuit is er technysk direkteur fan de NeVeBo, it Nederlânske follybalbûn.

Profyl

Bert Goedkoop begûn syn karriêre as follybaltrener yn 1988, hy die dat op klupnivo. Hy waard doe trener fan Martinus. Yn 1990 gie er nei Belgje om dêr de klup Maaseik te trenen. Yn 1993 waard er oansteld as haadtrener fan de Nederlânske follybalploech by de froulju. Twa jier letter waard der in grut súkses helle: op it Europeesk kampioenskip waard in gouden medalje helle. Ek einige er mei de ploech op in fyfde plak by de Olympyske Simmerspullen fan 1996 yn Atlanta. Yn 2001 waard Goedkoop trener fan de Nederlanske follybalploech by de manlju. By de World League fan 2001 waard de ploech yn Katowice, Poalen, knap sande. By it toernoai yn 2002 hie Goedkoop in ploech dy't ferjonge wie, dy ploech waard wer sande. Letter it jier waard yn Argentynje op it Wrâldkampioenskip in njoggende plak helle.

Nei in teloarstellend Europeesk kampioenskip 2011 by de froulju waard Avital Selinger ûntslein as bûnstrener. Bert Goedkoop naam dêrnei de lieding fan de ploech oer. Hy wie ynterim-trener foar de wedstriden dy't spile waarden yn it Pré-Olympysk Kwalifikaasje toernoai. Dêrnei soe der in nije bûnstrener oansteld wurde.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: