Bart Schuil: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 52: Rigel 52:
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Snits]]
[[Kategory:Persoan berne yn Snits]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1942]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 27 mai 2017 om 00.50

Bart Schuil (Snits, 21 april 1942), is in Nederlânske puzelmakker en betinker/gearstaller fan telefyzjeprogramma's. Hy groeide op yn de Kleasterdwersstrjitte yn Snits. Syn heit wurke by Tonnema. Schuil gie yn Snits nei de HBS-A en die de learareoplieding Nederlânsk oan de Fryske Akademy. Op syn tweintichste gie hy yn tsjinst en bleau dêrnei yn Amsterdam hingjen. Hy leit him no ta op de hannel yn antyk en is foarsitter foar de VVD yn it stedsdiel Sintrum.

Hy fûn wurk by útjouwerij Spectrum, Het Vrije Volk en dêrnei by in fersekeringsmaatskippij en útjouwerij Rijam Schoolagenda. Yn 1969 trof Schuil Jan Meulendijks, dy't yn 1968 begûn wie as puzelmakker. Tegearre makken se letter de telefyzjeproduksje Een Horizontaal dat middels de telefoan meispile wurde koe. De televysjesjoggers moasten in wurd foarmje fan troch elkoar mjukste letters. Hjirnei folge Wegwezen (foar autoridende pearen). It wie de oanrin nei in hiel soad oare programma's:

Yn Belgje noch:

  • Topscore
  • Denksportkampioen

De rjochten binne ek ferkocht oan lannen as Dútslân en Itaalje. Oer de rjochten fan Lingo en Babylonië hat eartiids in soad strideraasje west.

De beide manlju wennen en wurken tegearre oan in pân oan de Amsterdamske Singelgrêft. Yn de wykeinen hienen se in wykeinhúske by Blesdike. Se leverje puzels oan De Volkskrant en twa oare Nederlânske kranten en Meulendijk joech ek noch eigen puzelboekjes út. Tegearre rjochten se WIN-produksjes op. Yn it earstoan leveren se allinnich ideeën oan foar de telefyzje mar produsearren de programma's hieltiten faker. Al gau rjochten se Win Tv Productions op. Se wienen dêrmei de earste telefyzjeprodusinten fan Nederlân. De programmaformats waarden in soad kopieard, wêrnei't se de formats fêstleinen yn Amearika. It gie harren doe finansjeel foar de wyn. De útjouwerij fan puzelboekjes waard letter ferkocht oan VNU (Keesing) en it telefyzje-produksjeburo oan Endemol. Schuil organisearret yn syn Amsterdamske Staetshuys literêre jûnen en klassike konserten. Hy sit ek yn it bestjoer fan de Opera Spanga. Yn 2007 is er troud mei Jan Meulendijks. Se waarden as earste homospan riddere troch keninginne Beatrix foar harren fertsjinsten.

Utjeften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

as ko-auteur:

  • Het grote Crypto woordenboek
  • Cryptoniemen
  • Het nieuwe cryptowoordenboek
  • Anagrammenwoordenboek
  • Herexamen
  • Tien voor Taal
  • Vreemd Nederlands
  • Het leukste uit Dinges
  • Nog meer leuks uit Dinges
  • Topscore woordenmaat
  • Doe nu zelf Herexamen
  • Spreekwoordelijk Nederlands

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]