Jacob Sjoukes Visser: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
kt
Rigel 9: Rigel 9:
[[Kategory:Persoan berne yn Snits]]
[[Kategory:Persoan berne yn Snits]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Snits]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Snits]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1793]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1794]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1820]]

De ferzje fan 26 mai 2017 om 16.05

Jacob Sjoukes Visser, meast Jacob (Snits?, 1793 of 1794 - Snits, 18 maaie 1820) wie in bekend persoan yn de omkriten fan Snits. Hy spile in grutte rol yn de histoarje fan de Snitswike en Hurdsyldei yn Snits.

De Snitser Jacob Visser wie yn Frânske kriichstsjinst naam. Yn 1814, oan de ein fan de Frânske besetting waard der tocht dat er dea wie. Doe't it bliken die dat er desertearre wie en noch libbe, wie dat reden foar de Snitser befolking om Jacob Visser feestlik te ûntfangen. Hy wie op wei nei hûs en dat paad gie doe noch oer wetter. Yn sân hasten waard in feestlike boattocht út Snits wei organisearre. In slachoarder luts hiel farrend Snits nei De Jouwer om Jacob Visser feestlik op te heljen. De sylpartij foel sa yn de smaak dat besluten waard om tenei elk jier in dei mei feestlike sylwedstriden en -plechtigheden te organisearjen. Dit waard de Snitser Hurdsyldei, dy't de opfolging foarme fan it Snitser Admiraalsilen. Letter waard it dei útwreide ta de hjoeddeiske Snitswike.