Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 87: Rigel 87:
[[Kategory:Frysk útjouwer]]
[[Kategory:Frysk útjouwer]]
[[Kategory:Persoan berne yn Winaam]]
[[Kategory:Persoan berne yn Winaam]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1965]]

De ferzje fan 24 mai 2017 om 13.43

Abe de Vries

Abe de Vries (Winaam, 10 jannewaris 1965) is in Frysk dichter, esseeïst, literêr kritikus, sjoernalist, útjouwer, oersetter, fotograaf en ien fan de Fryske publike figueren dy't it kulturele en yntellektuele debat yn Fryslân liede.

Biografy

Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns studearre er politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Dy stúdzje wie dêr doe, yn 1983, noch marxistysk oriïntearre en dat soe in belangrike ynfloed foarmje op it libben en wurk fan De Vries. Yn Amsterdam ûntwikkele him in grutte belangstelling foar de literatuer, benammen foar poëzij.[1]

Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Fan 1993 oant 1996 studearre er skiednis yn Grins. Ek heechlearaar Frank Ankersmit soe, hoewol't dy in útsprutsen liberaal wie, in wichtige ynfloed hawwe op it tinken fan De Vries, troch syn yntellektuele, teoretyske beneiering fan de skiedskriuwing.[2]

Underwilens joech De Vries les oan de leden fan it fredesleger yn Bosnië en Kroatië oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dy lannen en skreau er dêr opinystikken oer alle lanlike kranten. Yn 1996 waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn 1999 waard er, út ûnfrede oer de emosjonele en iensidige berjochtjouwing, korrespondint yn Belgrado foar it ANP, Trouw en Elsevier. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by Elsevier en makke er foar de reportaazjes reizen nei ûnder mear eks-Joegoslavië, Roemenië, Hongarije, Eastenryk, Tsjechië, Frankryk, Poalen, Ruslân en Afghanistan.[3]

Yn febrewaris 2003 naam De Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan Farsk, dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op it ynternet syn ienmanstydskrift Oranzjery De Kopspiker, dat er yn 2010 ferfong troch it weblog Seedyksterfeartfisk. Dat wie jierrenlang it liedende Frysk-literêre blog, mei content dy't it artistyk-kulturele likegoed as it miljeu-aktivistyske debat ynformearre.

Begjin 2005 folge er Jabik Veenbaas op as proazaresinsint by de Ljouwerter Krante. Fan 2006 oant 2011 wie er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek. Fan 2011 ôf is er ferbûn oan it Friesch Dagblad, earst as resinsjeskriuwer fan Fryske poëzij en esseeïstyske publikaasjes, ferslachjouwer fan algemien-kulturele ûnderwerpen en kollumnist fan de wyklikse kollum "Skroeier", en fan 2014 ôf ek as einredakteur fan it Friesch Dagblad.

Yn 2015 rjochte De Vries, tegearre mei Friduwih Riemersma, it literêre tydskrift Fers2 op, in digitaal platfoarm foar krityske, ûnôfhinklike literatuer en radikaal literatuerûndersyk.

Poëzij

Yn syn jeugd skreau De Vries al Nederlânsktalige fersen. Yn de hjerst fan 2002 debutearre er yn Fryslân mei de bondel De weromkommer yn it ûnlân. Gedichten út de bondel waarden earder yn de Fryske literêre tydskriften Trotwaer, Hjir en Kistwurk publisearre. Fan it fernijende, dwerse Kistwurk wie er ek redaksjelid.

Yn syn iere poëzij besocht er in lykwicht te finen tusken it hjoed en syn ferlerne jeugd yn Winaam, mei dêroan besibbe it tema fan de ferlerne leafde. Ek East-Europa wie yn dy perioade gauris ûnderwerp fan syn fersen. Letter is de leafde, it sykjen nei de betsjuttingsfolle oar, it finen en it wer ferliezen fan burgen-wêzen, sintraal yn syn dichtsjen kommen te stean. Dêrneist fynt men yn syn dichtsjen omtinken foar it ferlern gean fan de Fryske taal, de skiednis en de oantaasting fan de noardlike Fryske kuststreek en de marzjinale posysje fan de Frysktalige keunstner. De Vries syn lyryske poëzij lit in ûntjouwing sjen fan benammen byld-oriïntearre gedichten nei in bredere, mear ferheljende poëzij dêr't de muzyk fan de taal alle romte yn krijt.

Yn 2005 krige De Vries de Gysbert Japicxpriis foar syn twadde bondel In waarm wek altyd. Hy is dêrmei, neist Trinus Riemersma, Jan Wybenga en Willem Abma de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre; der hat noch nea sa'n koarte tiid sitten tusken it opnimmen fan it literêre metier en it ûntfangen fan de Gysbert Japicxpriis as by it takennen fan dy priis oan De Vries.

Yn jannewaris 2013 ferskynde de sechsde bondel Ravensulver/Ravenzilver. Al twa jier letter, yn 2015, ferskynde de sânde bondel, Brek dyn klank. Brek dyn klank giet opnij yn op de postmoderne ûntwoartele relaasjes, mar fan in mear delikaat, trochlibbe perspektyf út as it eardere wurk, wylst it tagelyk de klassike foarm bewarret.[4]

Essays

Dêrneist is De Vries ien fan de belangrykste essayskriuwers fan Fryslân. In stikmannich wichtige essees oer de Fryske poëzij hawwe har wei fûn as ynliedingen fan antologyen en sammelbondels. De esseebondels oer de Fryske literatuer, Identiteit & kowesturten út 2008, Erfskip & krisis út 2015 en Winternocht & moannereis, yn tarieding, binne in idiosynkratyske mjuks fan empiryske literatuerskiednis, filosofyske kultuerkrityk en persoanlike refleksje op de eigen woartels. De fariearre aspekten wurde byinoar holden troch in sterk engaazjemint. De lêste bondel, Winternocht & moannereis, is dêrby rjochte op dekanonisearring fan de njoggentjinde-iuwske Fryske literatuer.

Fotografie

It fotowurk is op it snijflak fan dokumintêre fotografy en keunstfotografy. Faak is it Fryske lânskip it ûnderwerp en de muze. Utstallingen fan it wurk ha west yn de Skierstins yn Feanwâlden, Tresoar yn Ljouwert en yn Earnewâld.

Bibliografy

Dichtbondels

  • 2002 - De weromkommer yn it ûnlân
  • 2004 - In waarm wek altyd
  • 2006 - Under fearne goaden
  • 2006 - Warme boxkachels & weke irenes / Waarme bokskachels & weake irenes (Twatalige blomlêzing út eigen wurk)
  • 2008 - Fangst fan 'e demoandolfyn
  • 2010 - Sprankeskyn
  • 2013 - Ravensulver/Ravenzilver
  • 2015 - Brek dyn klank

Essees

  • 2008 - Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer
  • 2015 - Erfskip & krisis. Essays oer Fryslân en Fryske literatuer 2
  • 2016 - yn tarieding - Winternocht & moannereis. Essays oer Fryske literatuer 3

Oersettings

Ferskaat

  • 2004 - It sil bestean (Essay en blomlêzing út it wurk fan Obe Postma)
  • 2005 - Skielk beart de hjerst (Essay en blomlêzing út it wurk fan Douwe Kiestra)
  • 2008 - Het goud op de weg. De Friese poëzie sinds 1880
  • 2011 - "Fergettten pommerant. De poëzij fan Tjitte Piebenga as 'missing link'" (Ynlieding by it Sammele wurk - Poëzij fan Tjitte Piebenga)
  • 2012 - "De tsjustere Apollo" (Ynlieding by de Samle fersen fan Jan Wybenga)
  • 2013 - Bulldozers en bloednoazen. De stadsrand van Leeuwarden. (Foto's fan de stedsrâne fan Ljouwert)
  • 2014 - Friesland-Fryslân (Foto's fan Fryslân)

Gearstald

Prizen

Boarnen

  1. "Abe de Vries". Sirkwy: Fryske Literatuerside. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.
  2. "Abe de Vries". Sirkwy: Fryske Literatuerside. Tresoar. 2009–2012. Krigen 1 desimber 2015.
  3. "Abe de Vries". Epibreren. De Dichters uit Epibreren. 31 desimber 2004. Krigen 1 desimber 2015.
  4. "Abe de Vries". Friese-literatuursite. Jelle van der Meulen. 2015. Krigen 1 desimber 2015.

Keppeling om utens