Herma M. van den Berg: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 25: Rigel 25:
[[Kategory:Nederlânsk amtner]]
[[Kategory:Nederlânsk amtner]]
[[Kategory:Nederlânsk publisist]]
[[Kategory:Nederlânsk publisist]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1918]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 2005]]

De ferzje fan 21 mai 2017 om 23.08

Drs. Herma M. van den Berg (1918 - Utert, 29 septimber 2005) wie in keunsthistoarika.

Van den Berg studearre nei it gymnasium keunstskiednis, mei as byfakken archeology en arsjitektuer. Yn 1942 docht sy har doktoraaleksamen, mar yn 1941 makket sy al in útstalling yn it Amsterdamsk Steedlik Museum: ln Holland staat een huis, oer ien iuw ynterieurûntjouwing. Koart nei de oarloch komt sy yn tsjinst fan de Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, dêr't sy oant har pinsjonearring ta bliuwe soe.

Van den Berg hat tal fan monuminten yn Nederlân beskreaun, benammen dy yn noardwest- en noard-Nederlân. Troch har bydragen oan de rige De Nederlandse Monumemen van Geschiedenis en Kunst, útjûn by de Steatsútjouwerij yn De Haach, hat sy in bliuwend plak yn de de Nederlânske monumintebeskriuwing krigen.

Yn 1990 kriget sy it earelimaatskip fan de Vereniging Oud Hoorn dêr't sy soad wurk foar út de kant set hat.

Wurk

Karút:

  • Westfriesland, Tessel en Wieringen (1955)
  • R.F.P. DE BEAUFORT en HERMA M. VAN DEN BERG, De Nederlandse monumenten van geschiedenis en kunst. Deel III De Betuwe. De Haach, 1968
  • Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: Ferweradeel, De Haach 1981.
  • Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: De Dongeradelen, De Haach 1983.
  • Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: De gemeente Dantumadeel, de Haach 1984.
  • Berg, Herma M. van den, De Monumenten van Geschiedenis en Kunst: Noordelijk Oostergo: Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Haach 1989.
  • Wurk fan Herma van den Berg yn de DBNL

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: