Roarik: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: nl:Rorik
L ik haw de ynleiding wat oanpast, dit wie my noch net nei it sin
Rigel 1: Rigel 1:
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] hearsker dy't tusken [[850]] en [[880]] oer in grût part fan [[Nederlân]] hearske hat, dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiete. Fan de Frankyske kening krige hy it gebiet as [[Greve]] in lien, mar it kin ek west hawwe, dat er him sels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske hat oer in grût part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiete. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet als greefskip in lien en wurdt derom as in ''Fryske greve'' beskôge, mar it kin ek west hawwe, dat er him sels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.


==Ofkomst==
==Ofkomst==

De ferzje fan 15 jul 2007 om 10.56

Rorik, ek wol Roerik fan Dorestêd of Hrörek wie in Deenske Wytsing dy't tusken 850 en 880 hearske hat oer in grût part fan Nederlân, dat yn dy tiid Fryslân hiete. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet als greefskip in lien en wurdt derom as in Fryske greve beskôge, mar it kin ek west hawwe, dat er him sels kening fan Fryslân neamd hat.

Ofkomst

Rorik waard om 810 hinne berne yn Jutlân, (Denemarken) as soan fan kening Anulo fan it skaai Haithabu. As Wytsing haadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn 836 plondere hy de nedersettingen Antverpia, Deurne mei har Benediktyner kleaster, Merksem, Ranst en Broechem. Fan it ferwoeste Antverpia liet Rorik in tipyske Wytsing-ringwalfesting meitsje.

Greve fan Fryslân

Yn 841 krige hy fan de Frankyske keizer Lodewyk de Fromme it eilân Wieringen yn lien tawezen. De keizer besocht hjirmei de Deenske Wytsings fan fan plonderje ôf te hâlden. It greefskip lykernôch hâlde him net fan it plonderje ôf. Tegearre mei syn broer Harald oermasterre hy de Fryske gebieten fanút de eilannen Wieringen (Rorik) en Walcheren (Harald). Yn 850 moast de nije keizer Lotarius II him by de hearskippy fan Rorik oer Fryslân del lizze. Yn datselde jier oermasterre Rorik de wichtigste stêden Dorestêd en Utert, wertroch de biskop fan Utert, Hunger him útwieke moast nei Deventer. De Frankyske keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsings en besochten de Wytsingslieders oan har ta bine troch grute gebieten yn lien te jaan.

Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekke tusken it Fly en Maas, dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige Hollân (Noard en Súd) en Utert. Neidat er foarmeel it Grefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden (854). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn 857 naam er Hedeby yn en yn 859 waard Bremen plonderre. Troch dizze tochten helle hy de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ôfnom. Yn 863 plonderde hy op'e nij Dorestêd, dat net mear opboud soe wurde.

De Friezen kamen tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, der't er tydlik Fryslân ferlitte moast. Lykwols socht Rorik tanadering by de Frankyske keningen Karel de Kale en Lodewyk de Dútser en waard yn 870 fan beiden in fazal. Hy stopte mei it hâlden fan plondertochten en krige dertroch syn Fryske lien tebek. Hy bekearde him ta it kristendom en kaam te ferstjerren yn 880. Hy waard opfolge troch Godfried, de soan fan Harald.

Literatuer

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.