Hans Peter Richter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 46: Rigel 46:
[[Kategory:Dútsk soldaat]]
[[Kategory:Dútsk soldaat]]
[[Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1925]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1993]]

De ferzje fan 11 mai 2017 om 21.58

Hans Peter Richter
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Peter Richter
nasjonaliteit Dútsk
berne 28 april 1925
berteplak Keulen (Dútslân)
stoarn novimber 1993
stjerplak Mainz (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Dútsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
berneboeken, non-fiksje
perioade 2e helte 20e iuw
tema's Twadde Wrâldoarloch
bekendste
  wurk(en)
Damals War Es Friedrich
prizen Mildred L. Batchelder Award 1972
jierren aktyf ±19551993
offisjele webside
n.f.t.

Hans Peter Richter (Keulen, 28 april 1925Mainz, novimber 1993) wie in Dútsk skriuwer en útjouwer. Hy waard benammentlik bekend as auteur fan in stikmannich berneboeken oer de Twadde Wrâldoarloch en de dêroan foarôfgeande jierren dat Dútslân ûnder it bewâld fan 'e nazys stie. Syn meast ferneamde en súksesfolle wurk wie de roman Damals War Es Friedrich.

Libben

Richter wie hikke en tein yn Keulen. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er fan 1942 oant 1945 yn it Dútske leger, en ferlear dêrby syn lofterearm. Fan 1948 oant 1952 studearre er psychology en sosjology, earst yn Keulen, mar letter ek yn Bonn en Mainz. Syn doktoraat behelle er oan 'e universiteit fan Tübingen. Neitiid wurke er foar ferskate radiostjoerders en bedriuwen, wylst er yn syn frije tiid begûn te skriuwen. Twaris krige er foar syn skriuwwurk in stipendium útkeard fan 'e Cité Internationale des Arts te Parys. Yn 1973 waard Richter perfester wittenskipsmetodyk en sosjology oan 'e hegeskoalle yn it Hessyske Darmstadt. Richter ferstoar yn 1993 yn Mainz.

Fan al syn wurk wie de jeugdroman Damals War Es Friedrich, dy't er yn 1961 publisearre, fierwei it meast súksesfol. It boek giet oer it libben fan twa jonges, de iene fan kristlik komôf, de oare in joad, dy't tegearre opgroeie yn 'e nazy-tiid. Dizze roman waard yn Dútslân oant 2008 57 kear werprinte, is oerset yn 13 talen (wêrûnder it Frysk) en der binne wrâldwiid mear as twa miljoen eksimplaren fan ferkocht. Oan Richter waard foar dit boek û.m. yn 1972 de prestizjeuze Mildred L. Batchelder Award fan 'e American Library Association takend.

Wurk (in kar)

  • 1958: Karussell und Luftballon: Vier Geschichten für Kinder
  • 1961: Damals War Es Friedrich
  • 1962: Wir Waren Dabei
  • 1967: Die Zeit der Jungen Soldaten
  • 1974: Mohammed (biografy; yn 'e Reihe Große Gestalten)
  • 1975: Saint-Just und die Französische Revolution (biografy; yn 'e Reihe Große Gestalten)