Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Rigel 24: Rigel 24:
[[Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne op De Jouwer]]
[[Kategory:Persoan berne op De Jouwer]]
[[Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau]]
[[Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1845]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1918]]

De ferzje fan 11 mai 2017 om 12.04

Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 7 augustus 1845De Haach, 24 july 1918) wie in hoftsjinner en lange tiid direkteur fan it Kabinet fan de Keninginne.

Jonkhear P.J. Vegelin van Claerbergen waard berne as soan fan it Twadde-Keamerlid jonkhear P.B.J. Vegelin van Claerbergen (1808-1879) en dy syn earste frou, jonkfrou A. van Beyma (1815-1851). Hy bleau frijfeint.

Hy wie yn de jierren 1867-1870 luitenant-op-see twadde klasse. Yn 1875 waard hy beneamd ta partikulier sekretaris fan kening Willem III wat hy bleau oant 1879. Dêrnei kaam er yn tsjinst fan it 'Kabinet des Konings', dêr't hy yn 1899 direkteur waard; hy bleau dy funkssje hâlden oant 1910. Yn dat lêste jier waard hy beneamd as lid fan de Ried fan Steate yn bûtengewoane tsjinst en bleau dat oant syn ferstjerren. Yn 1875 waard hy beneamd as keamerhear yn bysûndere tsjinst wat er ek oant syn ferstjerren bleau.[1]

Underskiedings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje ûntliend oan: biografy PDC.