Robert Louis Stevenson: ferskil tusken ferzjes
Rigel 232: | Rigel 232: | ||
[[Kategory:Skotsk berneboekeskriuwer]] |
[[Kategory:Skotsk berneboekeskriuwer]] |
||
[[Kategory:Skotsk essayist]] |
[[Kategory:Skotsk essayist]] |
||
[[Kategory:Persoan berne yn 1850]] |
|||
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1894]] |
De ferzje fan 5 mai 2017 om 17.33
Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Robert Louis Balfour Stevenson (Edinburgh, 13 novimber 1850 - Vailima (Samoa), 3 desimber 1894) wie in Skotsk skriuwer fan romans, gedichten, toanielstikken en reisferhalen. Syn meast bekende boeken hearre Treasure Island, Kidnapped en Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde ta.
Stevenson wie tige populêr yn syn tiid. Hy heart by de 30 meast oersette skriuwers yn de wrâld. Hy waard bewûndere troch tal fan auteurs, sa as Jorge Luis Borges, Ernest Hemingway, Rudyard Kipling, Marcel Schwob en Vladimir Nabokov.
Libben
Stevenson waard berne yn Edinburgh as soan fan yngenieur Thomas Stevenson (1818–1887) en Margaret Balfour. Syn âlden wiene tige religieus, mar hysels ferlear it leauwe yn syn stúdzjetiid op de universiteit, alhoewol't it wol ynfloed op him hâlde soe. Yn syn koarte libben ûndernaam er in soad. Hy waard ynearsten yngenieur, lykas syn heit (dy't it ûntwerp fan de fjoertoer modernisearre). Om reden fan swakke sûnens gie er lykwols oer op rjochtestúdzje, mar hy hat nea praktisearjend jurist west. Op'e ein fan syn libben wie er plantaazjehâlder en stamhaad yn Samoa.
Hy makke ferskate reizen nei it keninkryk Hawaï en waard freon fan kening David Kalakaua, by wa't er in protte omsloech. Teffens krige er kunde oan dy syn nicht, prinsesse Victoria Kaiulani, lykas Stevenson ek fan Skotsk komôf. Op it eilân Molokai besocht er pater Damiaan dy't dêr wurke ûnder ferballe leprapasjinten. Fanny Osbourne, syn oare helte, hat him bot stipe yn syn aventuerlik, mar ek ek dreech en noedlik libben. Hy stoar yn de âldens fan 44 jier oan in beroerte yn syn wenplak Vailima[1] in Samoa.
Bibliografy
Titel | Publikaasjejier/útjouwer | Titel oerset | Opmerkings |
---|---|---|---|
An Inland Voyage | 1878, Kegan Paul | n.f.t. | Reisferhaal |
Edinburgh: Picturesque Notes | 1878, Seeley, Jackson & Halliday | n.f.t. | Dokumint |
Travels with a Donkey in the Cévennes | 1879, Kegan Paul | n.f.t. | Reisferhaal |
Viginibus Puerisque and other Papers | 1881, Kegan Paul | n.f.t. | Essees |
Familiar Studies of Men and Books | 1882, Chatto & Windus | n.f.t. | Essees |
New Arabian Nights | 1882, Chatto & Windus | n.f.t. | Fertelling |
Treasure Island | 1883, Cassel | Skateilân | Fertelling |
The Silverado Squatters | 1884, Chatto & Windus | n.f.t. | Fertelling |
A Child's Garden of Verses | 1885, Longmans& Co/ Scribner's | n.f.t. | Gedichten |
More New Arabian Nights: The Dynamiter | 1885, Longmans& Co | n.f.t. | Fertelling. Mei Fanny (van de Grift) Stevenson |
Prince Otto | 1885, Chatto & Windus | n.f.t. | Fertelling |
The Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde | 1886, Longmans & Co | De núveraardige skiednis fan Dr. Jekyll en mr. Hyde | Fertelling |
Kidnapped. | 1886, Cassel/Scribner's | Untfierd | Fertelling |
The Merry Men and Other Tales and Fables. | 1887, Chatto & Windus | De Fleurige Mantsjes | Fertelling |
Memories and Portraits. | 1887, Chatto & Windus | n.f.t. | Essees |
Memoir of Fleeming Jenkin | 1887, Longmans & Co | n.f.t. | Biografysk |
Underwoods | 1888, Chatto & Windus | n.f.t. | Gedichten |
The Black Arrow: A Tale of Two Roses | 1888, Scribner's/ Cassel & Co | De Binde fan de Swarte Pylk | Fertelling |
The Master of Ballantrae: A Winter's Tale | 1889, Scribner's/ Cassel & Co | De Hear fan Ballantrae | Fertelling |
The Wrong Box | 1889, Scribner’s/ Longmans & Co | De Ferkearde Kist | Fertelling, mei Lloyd Osbourne |
Ballads | 1890, Chattp & Windus | n.f.t. | Gedichten |
Father Damien: An Open Letter to the Reverend Doctor Hyde of Honolulu | 1890, Chatto & Windus | n.f.t. | Pamflet |
In the South Seas | 1891, The Sun (tydskrift)/ Black and White (tydskrift) | Yn de Stille Súdsee | Reisferhaal |
A Footnote to History | 1892, Cassel & Co | n.f.t | Reisferhaal |
The Wrecker | 1892, Cassell/Scribner’s | n.f.t | Reisferhaal. Mei Lloyd Osbourne |
Across the Plains With Other Memories and Essays | 1892, Chatto & Windus | n.f.t | Essees |
Catriona | 1893, Cassell/Scribner’s | De aventoeren fan David Balfour | Fertelling |
Three Plays | 1892, Nutt | n.v.t | Toanielstik. Mei W.E. Henley |
Island Nights’ Entertainments | 1893, Cassell/Scribner’s | n.f.t | Fertelling |
The Ebb Tide | 1894, Heinemann | n.f.t. | Reisverhaal. Mei Lloyd Osbourne |
1895 (Postúm), Methuen | n.f.t. | Brieven | |
Songs of Travel and other Verses | 1895 (Postúm), Edin Ed, Poetry | n.f.t. | Gedichten |
Record of a Family of Engineers | 1896 (Postúm), Edin Ed | n.f.t. | Biografysk |
Weir of Hermiston | 1896 (Postúm), Chatto & Windus | n.f.t. | Fertelling |
St. Ives | 1897 (Postúm), Scribner's | St. Ives | Fertelling |
Confessions of a Unionist | 1921 (Postúm), Cambridge Press | n.f.t. | Pamflet |
Keppelings om utens
- Bibliografy.
- Robert Louis Stevenson route GR70 Op de Stevensonrûte fan Le Puy en Velay oant Alès mei de GR70 yn Súd-Frankryk. Beskriuwing fan de GR 70, dy't troch de Haute Loire, Ardèche, Lozère en Gard tusken Auvergne en Cevennen kuierje.
E-teksten fan Stevenson op Wikisource (in) :
E-teksten fan Stevenson yn it Project Gutenberg (in) :
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Stobbe-literatuer
- Britsk romanskriuwer
- Britsk skriuwer fan histoaryske romans
- Britsk horrorskriuwer
- Britsk reisferhaleskriuwer
- Britsk dichter
- Britsk berneboekeskriuwer
- Britsk essayist
- Skotsk romanskriuwer
- Skotsk skriuwer fan histoaryske romans
- Skotsk horrorskriuwer
- Skotsk reisferhaleskriuwer
- Skotsk dichter
- Skotsk berneboekeskriuwer
- Skotsk essayist
- Persoan berne yn 1850
- Persoan stoarn yn 1894