Pessennius Niger: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 31 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q201053
kt
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:PescenniusNigerDen.jpg|200px|right|thumb|250px|Portret fan Pessennius Niger op in [[denarius]]]]
[[Ofbyld:PescenniusNigerDen.jpg|200px|right|thumb|250px|Portret fan Pessennius Niger op in [[denarius]]]]
'''Pessennius Niger''', ''folút Gaius Pessennius Niger'', (sa.[[135]] - [[194]]), wie [[Romeinske keizers|Romeinske keizer]] fan [[193]] oant 194. De namme "Niger" bestjut yn it [[Latyn]] "swart", dat wie it tsjinoerstelde fan de namme fan ien fan syn rivalen foar it keizerskip, nammentlik [[Klodius Albinus]], waans namme "Albinus", "wyt" betsjut.
'''Pessennius Niger''', ''folút Gaius Pessennius Niger'', ([[berne]] yn [[135]] oant [[140]] – [[stoarn]] [[maaie]] [[194]]), wie [[Romeinske keizers|Romeinske keizer]] fan [[193]] oant 194. De namme "Niger" bestjut yn it [[Latyn]] "swart", dat wie it tsjinoerstelde fan de namme fan ien fan syn rivalen foar it keizerskip, nammentlik [[Klodius Albinus]], waans namme "Albinus", "wyt" betsjut.


== Ofkomst ==
== Ofkomst ==
Rigel 20: Rigel 20:
* [http://www.roman-emperors.org/pniger.htm {{aut|Michael L. Meckler}}, art. Septimius Severus (193-194 A.D.), yn ''DIR'' (1998).]
* [http://www.roman-emperors.org/pniger.htm {{aut|Michael L. Meckler}}, art. Septimius Severus (193-194 A.D.), yn ''DIR'' (1998).]


[[Kategory:Romeinsk keizer]]
[[Kategory:Romeinsk amtner]]
[[Kategory:Romeinsk politikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk]]
[[Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is]]
[[Kategory:Persoan berne yn de 2e iuw]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 194]]

De ferzje fan 2 mai 2017 om 16.02

Portret fan Pessennius Niger op in denarius

Pessennius Niger, folút Gaius Pessennius Niger, (berne yn 135 oant 140stoarn maaie 194), wie Romeinske keizer fan 193 oant 194. De namme "Niger" bestjut yn it Latyn "swart", dat wie it tsjinoerstelde fan de namme fan ien fan syn rivalen foar it keizerskip, nammentlik Klodius Albinus, waans namme "Albinus", "wyt" betsjut.

Ofkomst

Pessennius Niger waard om-ende-by 135 berne yn Akwinum (tsjintwurdich Akwino yn Itaalje). Hy hearde ta de Romeinske ridderstân en waard troch keizer Kommodus begjin tachtiger jierren opnommen yn de senaat. Hy wie in skoftlang gûverneur fan de grinsprovinsje Daasje en sûnt 191 wied er gûverneur fan Syrje.

Trije keizers

Nei de moard op keizer Pertinaks op 28 maart 193 waard de troan troch de Pretoariaanske Garde ferkocht oan de rike senator Didius Julianus. Lilk hjiroer kaam it Romeinske leger yn opstân en rôp harren kommandanten ta keizer. Yn Syrje waard Pessennius Niger yn it poarper hyst, krektas Septimius Severus yn Pannoonje en Klodius Albinus yn Brittanje.

Fan de trije generaals wie Severus as earste yn Rome. Hy liet syn keizerskip formeel besegelje troch de senaat en waard it mei Albinus iens. Sy dielden de macht. Albinus krige yn ruil foar syn stipe de titel fan caesar en hâlde it bewâld oer syn westlik gebiet. De senaat, dy't leaver Pessennius as keizer hawwe woene, waard troch Severus ûnder druk setten om him ta steatsfijân te ferklearjen.

Striid om de Macht

Pessenius Niger woe sa gau at er koe nei de haadstêd Rome om Serverus de hearskippij te betwisten. Fanút Syrje luts er nei it westen, mar syn opmars waard lykwols opkeard. Yn in twatal slaggen, by Sysikus en Nisea waard Pessenius Niger troch Septimius Severus tsjinhâlden.

Ein

Nei de fjildslaggen, dy't beide sûnder dúdlike oerwinner einige wie, die Pessenius begjin april 194 in twadde poging syn macht út te wreidzjen.

Op de grutte flakte fan Issus, dêr't 500 jier earder Aleksander de Grutte de Perzyske kening Darius ferslein hie, botsten syn leger op dat fan Severus. Yn de slach waard diskear Pessenius finaal ferslein en sneuvelen 20.000 fan syn soldaten. De fersleine keizer flechte nei Antiochje, waard finzen naam en deade.

Keppeling om utens