Johan Vegelin fan Claerbergen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 23: Rigel 23:
[[Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf]]
[[Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Aldeboarn]]
[[Kategory:Persoan berne yn Aldeboarn]]
[[Kategory:Langwar]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Langwar]]

De ferzje fan 1 mai 2017 om 20.19

Jonkhear Johan Vegelin fan Claerbergen, (Aldeboarn, 27 augustus 1690 - Langwar, 27 july 1773) wie riedshear en grytman fan Doanjewerstâl (oant 1772) en lid fan Deputearre Steaten.

Johan Vegelin fan Claerbergen (ek Vegilin van Claerbergen), lid fan de famylje Vegelin van Claerbergen, wie in soan fan Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715) en Anna Maria van Vierssen (1653-1696).

Johan hie niget oan it sels meitsjen fan kaarten en krige ûnderrjocht fan Willem Loré. 1713 tekene er in kaart fan Herema State. Hy liet in grutte wandkaart meitsje fan de provinsje Fryslân. Dy Vegelinkaart wie 1739 klear. De kaarten fan de gritenijen Doanjawerstâl en Haskerlân jouwe in sekuer byld fan de stewaasje yn de earste helte 18e iuw.[1] Hy skreau Een dagverhaal van Jhr. Johan Vegelin van Claerbergen: omtrent de troubelen van het jaar 1748. It waard yn 1899 útjûn troch G.H. van Borssum Waalkes. Vegelin van Claerbergen wie anneks mei ynpolderingen by Langwar en de Koudumer Slieperdyk. Hy fersette him tsjin it ferkeard útfeantsjen fan stikken lân.

Yn syn testamint joech er oan dat syn grutte grûnbesit, en dêrtroch syn politike macht, net yn ien hân komme mocht. Dat nei syn fertsjerren yn 1773 gie zijn grûnbesit yn Doanjewerstâl nei syn pakesizzer Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828) en it besit yn Haskerlân nei dy syn suster Catharina Lucia.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tresoar, Letterhoeke, 2007, nr.2, s. 12-14 De kaarten van Vegelin van Claerbergen
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Vegelin van Claerbergen, jhr. Johan.