Jopie Huisman: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
+ ofbyld
Rigel 12: Rigel 12:
[[Kategory:Frysk keunstskilder]]
[[Kategory:Frysk keunstskilder]]
[[Kategory:Persoan berne yn Warkum]]
[[Kategory:Persoan berne yn Warkum]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn Warkum]]

De ferzje fan 1 mai 2017 om 13.39

Jopie Huisman (1986)

Jotje (Jopie) Huisman (Warkum, 18 oktober 1922 - Warkum, 29 septimber 2000) wie skilder, foddeman en âldizerkeapman.

Hy is jongste fan sân bern, heit is boere-arbeider en syn mem hat in manifakturewinkeltsje. Nei de ambachtsskoalle wurket er oant 1950 benammen as skilder yn in Warkumer ierdewurkfabryk. Fan jongs ôf oan tekent Jopie Huisman in soad fan wat er om him hinne sjocht en wat him rekket. Portretten út syn jonge jierren toane foaral syn famylje, letter tekent er ek stedsgenoaten út Warkum. It binne nea de pommeranten fan de stêd, mar altiten de gewoane man dy't syn belangstelling hawwe. As realistysk skilder besocht er altyd de emoasjes fan gewoane dingen en minsken wer te jaan. Hy wie autodidakt. Skilderijen ferkeapje woe er net: 'In bern ferkeapje jo dochs ek net'.

Yn 1986 is yn syn berteplak it Jopie Huisman Museum iepene dat sûnt dy tiid mear as 1,5 miljoen besikers luts.

Keppeling om utens