Carl Ludwig Jessen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 42: Rigel 42:
[[Kategory:Deensk persoan fan Noardfrysk komôf]]
[[Kategory:Deensk persoan fan Noardfrysk komôf]]
[[Kategory:Dútsk persoan fan Noardfrysk komôf]]
[[Kategory:Dútsk persoan fan Noardfrysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1833]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1917]]

De ferzje fan 29 apr 2017 om 12.19

Carl Ludwig Jessen, Selsportret, 1857

Carl Ludwig Jessen (Deezbüll (no diel fan Niebüll), 22 febrewaris 1833 - dêre, 4 jannewaris 1917) wie in Noardfryske keunstskilder. Hy is oant no ta bekend as de "Friesenmaler". It belang fan syn wurk leit yn it skilderjen fan de Noardfryske boerekultuer fan syn tiid.

Libben

Nei in oplieding ta skrynmakker gie Jessen oan't wurk as hûsskilder op pleatsen yn de polders fan Noard-Fryslân. Yn 1848–1854 begûn er mei it portretskilderjen; hy wie autodidakt. Yn 1853 joech er it skrynmakkerswurk der oan en lei er him hielendal ta op it skilderjen. Fan 1856 oant 1865 studearre er oan de Akademy fan Kopenhagen by V. N. Marstrand. Dêrnei gie er werom nei Noard-Fryslân. In stúdzjebeurs makke it him mooglik om fan 1867 oant 1868 nei Parys en Itaalje te reizgjen. (Hy besocht Rome, Ariccia, Roca di Papa). Fan 1869–1870 libbe er yn Klockries en fan 1871 oant 1875 wenne er yn Hamburg. Uteinlik gie er werom nei Deezbüll dêr't er ek stoar.

Wurk

Jong famke, 1859
  • 1857: Selbstbildnis, Kiel, [1]
  • 1866: Alter Bauer, Flensburch, [2]
  • 1866: Bei Jürn Moritzen, Kiel, [3]
  • 1868: Italienische Hirtenfamilie, Flensburch, [4]
  • 1870: Friesischer Bauer mit Zipfelmütze, Flensburch, [5]
  • 1875: Alte Frau aus Risum, Flensburch, [6]
  • 1875: Friesisches Thinggericht, Kiel, [7]
  • 1876: Alter Friese, sitzend, Flensburch, [8]
  • 1880: Die letzte Tröstung, Flensburch, [9]
  • 1903: Gruppe aus Nordfriesland, Altona, [10], gefunden auf The World of Theodor Storm, [11]
  • 1917: Selbstbildnis, Flensburch, [12]

Samlings

Museums yn Hamboarch, Hamburg-Altona, Kiel, Flensburch (Museumsberg), Hüsem (NordseeMuseum Husum), Tondern, Niebüll-Deezbüll en Neurenberch hawwe wurk fan Jessen yn harren samlings.

Literatuer

  • Konrad Grunsky, Klaus Lengsfeld: Gemaltes Nordfriesland, Carl Ludwig Jessen und seine Bilder. Husum Verlag, Hüsem 1983, ISBN 3-88042-202-8

Keppeling om utens