Shae Summers: ferskil tusken ferzjes
Rigel 44: | Rigel 44: | ||
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf]] |
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf]] |
||
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Sineesk komôf]] |
[[Kategory:Amerikaansk persoan fan Sineesk komôf]] |
||
[[Kategory:Persoan berne yn 1994]] |
De ferzje fan 23 apr 2017 om 15.09
Shae Summers | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 novimber 1994 | |
berteplak | Fort Lauderdale (Floarida) | |
etnisiteit | Iersk Sineesk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2013 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Shae Summers, echte namme ûnbekend (Fort Lauderdale (Floarida), 24 novimber 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Sineesk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en in natuerlike kupmaat 32DD.
Libben en karriêre
Summers waard yn 1994 berne yn Fort Lauderdale, yn it suden fan 'e steat Floarida. Hja hat in mem dy't fan Iersk komôf is, en in heit dy't foar it meastepart Sineesk bloed hat.[1] Foar't se har karriêre yn 'e pornoyndustry úteinsette, wurke hja as siktaresse en masseuze.
Yn 2013, doe't se njoggentjin jier wie, makke Summers har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat hja neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in tolvetal pornofilms spile, benammen fan 'e foaroansteande studio's Reality Kings en Brazzers. Dêrnjonken hat se ek as yn 't spier west foar de ynternetsites fan dy beide labels, en teffens wurket hja geregeldwei as neakenmodel.
Keppelings om utens
- (in) Biografy en filmografy fan Shae Summers yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Shae Summers yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Shae Summers op FreeOnes
- (in) Beheinde biografy fan Shae Summers
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|