Slach by Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
kt
L Ieneach fan 'e Esk moved page Slach by Heiligerlee to Slach by Hilligerlee: ik woe der mar 'Hilligerlee' fan meitsje
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 21 apr 2017 om 19.09

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Slach by Heiligerlee
Part fan de Tachtichjierrige Oarloch
De Slach by Heiligerlee, troch Frans Hogenberg.
Slach by Heiligerlee. Frans Hogenberg.
datum: 23 maaie 1568
plak: Heiligerlee, Grinslân
útkomst: Oerwinning foar de Nederlânske opstannelingen
konfliktpartijen
rand Staatsgesinden rand Spanje
befelhawwers
rand Loadewyk fan Nassau
rand Adolf fan Nassau
rand Arenberg
sterkte
3900 fuotfolk
200 ruters
3200 fuotfvolk
200 ruters
ferliezen
50 1500-2500


De Slach by Heiligerlee op 23 maaie 1568 einige mei de earste oerwinning fan de opstannelingen yn de Tachtichjierrige Oarloch. De fjildslach wie by it stee Heiligerlee, tichtby Winschoten, yn de provinsje Grinslân.

Oanrin

Willem fan Oranje hie lang treuzele foardat er wat ûndernaam tsjin de ûnderdrukking fan de Nederlannen troch de Spanjerts. Yn maart 1567 noch, by de slach by Oosterweel, ferhindere er it protestantske leger fan Antwerpen út te help te kommen. Mar syn eigen behandeling, kombineare mei deiliks fersiken om help, feroare him fan miening. Hy benadere ferskate Dútske foarsten foar finansjele stipe en ferkocht 'sulverwurk, lytsguod, tapiten en oar foarstlik hûssieried' fan himsels.

It slagge him Frâns fan Coqueville, in ealman út Normandje, ree te finen om mei sân- of achthûndert manlju fan Frankryk út in ynfal te dwaan yn Arteesje en Henegouwen. De Greef fan Hoogstraten soe by de grutte rivieren del nei Gelderlân lûke. Syn broer greve Loadewyk fan Nassau soe yn Fryslân en Grinslân in oanfal ûndernimme. Hysels soe yn Brabân oplûke, sadree hy fernimme hie oft Alva syn leger oer dy trije ynfallen ferdiele hie.

Alva koe lykwols bewurkmasterje dat de Frânske kening Coqueville werom ropte. Coqueville waard letter op befel fan de Frânse kening as rôver ûnthaad.[1]

Foar de earste ynfal woe Willem fan Oranje Roermond ynnimme. Doe dat misleare luts hy mei syn opstannelingen op nei Erkelenz om dy stêd te oermasterjen. Alva stjoerde lykwols syn leger by it daagjen nei it by Dalheim noch sliepende leger fan Willem. Op 25 april 1568 late Willem fan Oranje syn earste nederlaach yn de slach by Dalheim. Fan de trije ynfallen hie allinnich dy yn it noarden sukses.

By Bellingwolde loeken de Steatske troepen Grinslân yn en oermasteren de Wedderborg, it besit fan de Spaanske stedehâlder yn Grins, Jan fan Ligne. Dêrnei rjochte de troepen fan greve Loadewyk har op de stêd Grins om dy oer te heljen mei te dwaan oan de opstân. Dat besyk misleare want de stêd wie al earder ûnder militêre drok troch troepen fan de Spaanskgesinde luitenant De Mepsche ynnommen. De godstsjinstfrijheid waard opheft en in protte Protestanten hienen de stêd ferlitten. Greve Loadewyk beskikte net oer foldwaande finansjele en militêre om de stêd belegerje te kinnen. Troch middel fan blokkaden dy't hy ten noarden en easten fan de stêd opwierp besocht hy, sûnder sukses, de stêd ôf te snijden fan de bûtenwrâld. Oan de súdd- en westside bleau de stêd berikber.

Ek it besyk om befolking yn opstân te krijen tsjin de lânshear rûn op niks út. De blokkaden kearden har tsjin Loadewyk op it momint dat de troepen fan Alva de foar Loadewyk wichtige logistyke rûte nei Delfsyl ôfsletten. It gefolch wie dat nei seis wiken belis de troepen fan Alva tichtby kamen en Loadewyk neat oars oerbleau as nei East-Fryslân te flechtsjen. By dy flecht waarden de troepen fan greve Loadewyk op de hichte fan Heiligerlee ûnderskeppe troch Spaanske troepen.

De fjildslach

Op 23 maaie ferkearde it steatske leger yn minne tastân troch honger en efterstân yn de beteling fan soldij. Greef Loadewyk koe lykwols syn manlju noch ienkear sa fier krijen de wapens op te pakken. .

Doa Loadewyk fan Nassau te witten kaam dat syn tsjinstanner tsjin him opluts, slagge hy deryn syn troepen wer te motivearjen en stelde harren op by it kleaster fan Heiligerlee. De omkriten dêr bestean út trije heuvels (garsten), dêr't ien fan in kleaster op stie. De oare twa kinne de garsten fan Westerlee en Napels west hawwe. Efter de heuvels fersnakste it grutste part fan syn troepen. Foar de heuvel mei it kleaster rûn in dyk, tusken de heuvels wiene kuilen ûntstean troch turfwinning. Ek yn de kuilen waard ynfantery ferstoppe. Tusken de dyk en de heuvels lei in sompich stik lân. De omkrite stiet tsjintwurdich bekend as dit Triennendelte.

Mei syn ruters ûndernaam Loadewyk fan Nassau in oanfal op it Spaanske leger. Aremberg, dy't fan plan wie te wachtsje op fersterkings, kaam dêrtroch yn der ferlieding om de Steatske ruters te efterfolgen. De Steatske ruters lokten it Spaanske leger de dyk oer tusken de heuvels troch. It Spaanske leger kaam dêrby telâne yn it sompige terrein tusken de heuvels, dêr't sy in maklike proai waarden foar de Waalske hierlingen, tûke skutters yn tsjinst fan greef Loadewyk.

Neffens guon boarnen sneuvele Adolf fan Nassau by de ruteroanfal op it Spaanske leger. Neffens oare berjochten neidat syn hyder op hol sloech ûnder it haadgefjocht en hy midden tusken de fijanlike troepen telâne. De wierheid sil wol ergens tusken heroïek en pech lein hawwe.

It ferlies oan Steatske side wurdt op 50 man rûst, oan Spaanske side op 1500-2500 manlju. De Steatske troepen hawwe ek 7 stikken geskut bút makke. Utsein it ferlies fan greef Adolf sneuvele ek de greef fan Aremberg. Beide eallju waarden ergens oars begroeven. Wêr it massagreve fan alle sneuvele militêren him befynt is net bekend. It stoflik oerskot fan greef Adolf is nei alle gedachten meinommen troch de weromlûkende militêren en lang om let te hof brocht yn Emden. De gebouwen fan it kleaster yn Heiligerlee waarden troch de troepen fan greve Loadewyk nei it fertrek yn brân stutsen.

Gefolgen

Monumint út 1868 foar de betinking fan de slach by Heiligerlee.

De oerwinning yn de slach wie it earste sukses fan de Nederlânske opstân dat in moanne earder op 23 april útein set wie mei de slach by Dalheim dy't ferlearn waard. It effekt fan de oerwinning wie lykwols beheind, want it folgjende treffen tsjin de Spanjerts soe wer útdraaie op in nederlaach. Yn de slach by Jemmingen waard it grutste part fan it Steatske leger yn de pan hakt. Greve Loadewyk koe him op it lêste momint út de striid weromlûke troch swimmend de Iems oer te flechtsjen. It ferovere gebiet gie ferlern en de oanfal op Grins wie misleare, Adolf de broer fan Loadewyk wie sneuvele en fan it leger wie sa goed as neat mear fan oer.

De betinking fan de slach krige pas foar yn de 19e iuw, yn 1826 waard in ienfâldige betinknulle (obelisk) pleatse. Yn 1868 krige de wertinkingen in mear nasjonaal karakter. Yn 1873 waard it hjoeddeistige Greve Adolfmonumint troch kening Willem III ûntbleate. Tsjintwurdich is yn Heiligerlee in museum oer de skiednis fan de slach.

Sjoch ek


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Van der Aa: François de Coqueville

Keppeling om utens: