Shae Summers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 38: Rigel 38:


{{DEFAULTSORT:Summers, Shae}}
{{DEFAULTSORT:Summers, Shae}}
[[Kategory:Amerikaansk administratyf meiwurker]]
[[Kategory:Amerikaansk neakenmodel]]
[[Kategory:Amerikaansk neakenmodel]]
[[Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur]]
[[Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur]]

De ferzje fan 1 apr 2017 om 21.59

Shae Summers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 novimber 1994
berteplak Fort Lauderdale (Floarida)
etnisiteit Iersk
Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
gjint

Shae Summers, echte namme ûnbekend (Fort Lauderdale (Floarida), 24 novimber 1994), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Sineesk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 45 kg en in natuerlike kupmaat 32DD.

Libben en karriêre

Summers waard yn 1994 berne yn Fort Lauderdale, yn it suden fan 'e steat Floarida. Hja hat in mem dy't fan Iersk komôf is, en in heit dy't foar it meastepart Sineesk bloed hat.[1] Foar't se har karriêre yn 'e pornoyndustry úteinsette, wurke hja as siktaresse en masseuze.

Yn 2013, doe't se njoggentjin jier wie, makke Summers har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat hja neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in tolvetal pornofilms spile, benammen fan 'e foaroansteande studio's Reality Kings en Brazzers. Dêrnjonken hat se ek as yn 't spier west foar de ynternetsites fan dy beide labels, en teffens wurket hja geregeldwei as neakenmodel.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fraachpetear mei Shae Summers