Seisbierrum: ferskil tusken ferzjes
omstav./korr. |
|||
Rigel 33: | Rigel 33: | ||
* [[Eelko Liauckama (krúsfarder)|Eelko Liauckama]], [[krúsfarder]] |
* [[Eelko Liauckama (krúsfarder)|Eelko Liauckama]], [[krúsfarder]] |
||
* [[Ytsje Steen]], oersetster |
* [[Ytsje Steen]], oersetster |
||
* [[Jetske Bilker]], |
* [[Jetske Bilker]], skriuwer |
||
* Jantsje Post, oersetter |
|||
== Strjitten == |
== Strjitten == |
De ferzje fan 18 mrt 2017 om 15.31
Seisbierrum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, noardwest fan Frjentsjer. It doarp hat 1.758 ynwenners (31 desimber 2009). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Seisbierrum diel út fan de gemeente Barradiel. De lêste jierren is der in soad kastúnbou om it doarp.
Seisbierrum leit op ûngefear acht kilometer noardeast fan de stêd Harns en ûngefear sân km. noardwest fan de stêd Frjentsjer.
Sûnt 1987 hat Seisbierrum de piramide fan Aeolus (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksje park en besikerssintrum fanwege it nije wynmole-eksperiminteel park tichtby Seisbierrum (feitlik op de himrik fan Easterbierrum).
Seisbierrum waard yn it ferline ek wol neamd: Sixtabarra en Sixtusburen. De Nederlânske Herfoarme Tsjerke fan Seisbierrum út de 12e iuw is noch altyd wijd oan de Hillige Sikstus. Dat waard folksetymologysk fannijs útlein as sekx, Aldfrysk foar seis; de Nederlânske namme is dan is dan ek itselde as Aldfryske. Ut dy let-midsiuwske foarm ûntstie de moderne Fryske namme Seisbierrum. It doarp wurdt om it jier 600 al neamd.
Yn 2010 hat de Sixtustsjerke in sânstiennen byld fan de hillige Adelbert út de 14e iuw weromkrige. It midsiuwske hilligebyld stie op in koarstek dat mei de byldestoarm fernield rekke. It byld hat gjin holle mear. It is yn 1960 weromfûn yn in tún by de tsjerke. It byld is op in sokkel yn de muorre fan de tsjerke delset.
Seisbierrum foarmet mei Pitersbierrum in soarte dûbeldoarp, meidat beide doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en ek fierder mei inoar ferweve binne. Doe't it gemeentehûs yn it dûbel-doarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foaral foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean.
Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1984 is dat net mear in heikel punt, want doe waard Seisbierrum ynlive by de gemeente Frjentsjerteradiel. De skiedsline tusken Seisbierrum en Pitersbierrum is dêrby wer op it âlde plak komd te lizzen en is de diskusje dus dien.
Mienskip
Tegearre hawwe de doarpen sa'n 1900 ynwenners yn likernôch 660 huzen (it bûtengebiet meirekkene) en dogge hja in soad dingen tegearre. It doarp hat in bibleteek en 2 basisskoallen, "De Barraboech" en "De Skeakel". Der is ien feriening foar Doarpsbelang en ien doarpshûs“ It Waad. Tsien kear yn't jier ferskynt harren doarpsblêd 'Silhûet'.
Ien fan de Keninklike Rederikerskeamers fan Nederlân sit yn Seisbierrum: Keninklike Rederikerskeamer 'Ons Genoegen'.
Ferienings
- Mir - soas
- Koka - judo
- Fuotbalferiening AVC
Berne yn Seisbierrum
- Tsjerk Hiddes de Vries, Frysk admiraal en seeheld út de 17e iuw
- Eelko Liauckama, geastlike
- Eelko Liauckama, krúsfarder
- Ytsje Steen, oersetster
- Jetske Bilker, skriuwer
- Jantsje Post, oersetter
Strjitten
Alle strjitten yn Seisbierrum.
Ferskaat
Tusken 1903 en 1935 hie Seisbierrum in stasjon oan it spoar Stiens - Harns.
Sjoch ek
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sexbierum fan Wikimedia Commons. |