Difference between revisions of "Slokterm"

Jump to navigation Jump to search
13 bytes added ,  2 years ago
no edit summary
De '''slokterm''' is in ûnderdiel fan it [[spiisfertarring]]stelsel. It is it part fan it [[magetermkanaal]] tusken de [[mûle]] of bek en de [[mage]]. Meastepart fan alle [[sûchdieren]] hat in slokterm.
 
De slokterm fan de minske is om-ende-by 25 sintimeter lang en trochstrings 2 sintimeter dik. Hy begjint yn de kielholte en einiget yn de mage. Der sit in [[slútspier]] (''cardia'') ûnder yn de slokterm dy't foarkomme moat dat de ynhâld fan de mage werom streamt nei de slokterm.
 
Twa soarten spieren soargje foar de gearlûkende beweging ([[peristaltyk]]) fan de slokterm, dy't it iten nei de mage beweecht en by [[spuien]] krekt de oare kant op triuwt.

Navigation menu