De Fûke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 1: Rigel 1:
'''De Fûke''' is in boek fan [[Rink van der Velde]] út [[1966]] dat him ôfspilet yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1995]] hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op'e nij besjoen.
'''De Fûke''' is in [[roman]] fan [[Rink van der Velde]] út [[1966]] dat him ôfspilet yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn [[1995]] hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op'e nij besjoen. Yn [[2000]] makke [[Steven de Jong]] de [[film]] ''[[De Fûke (film)|De Fûke]]'', op basis fan dit boek.

== Ynhâld ==
== Ynhâld ==
Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek [[Joaden]] ûnder yn [[Fryslân]]. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de [[Tsjûkemar]] wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis hellet de plysje mei de Dútsers Germ syn heit op om him te ferhearren. De [[anargisme|anargistyske]] ielfisker siet al faker foar ferhoar en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket er hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.

== De film ==
De Fûke is de twadde Fryske (''lowbudget'') spylfilm fan [[Steven de Jong]]. De film kaam yn [[2000]] yn de bioskopen. [[Rink van der Velde]] hat it senario skreaun, tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan [[De Kast]]. De ielfisker hat yn de film in namme krigen: Jelle.
Yn de film spylje:
* [[Rense Westra]] - Jelle
* [[Syb van der Ploeg]] - JP
* [[Steven de Jong]] – Germ
* [[Peter Tuinman]] - [[Sicherheitsdienst|SD]]-adjudant
* [[Hidde Maas]] - [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]]-boargemaster
* [[Hilbert Dijkstra]] - adjudant
* [[Joop Wittermans]] – keapman
* [[Cynthia Abma]] – Mirjam
* [[Jan Arendz]] – de maat

Yn [[2001]] waard de film yn trije dielen op telefyzje fertoand.

== Oersettingen ==
== Oersettingen ==

De ferzje fan 22 feb 2017 om 23.05

De Fûke is in roman fan Rink van der Velde út 1966 dat him ôfspilet yn de Twadde Wrâldkriich. Yn 1995 hat de skriuwer it boek omstavere en ek de ynhâld op'e nij besjoen. Yn 2000 makke Steven de Jong de film De Fûke, op basis fan dit boek.

Ynhâld

Krekt as yn hiel Nederlân dûke der ek Joaden ûnder yn Fryslân. Ek by in ielfisker dy’t mei syn frou Gryt en soan Germ efterôf yn in húske oan de Tsjûkemar wennet. Op in nacht komt Germ net thús fan syn nachtlike tochten op’e mar. De oare deis hellet de plysje mei de Dútsers Germ syn heit op om him te ferhearren. De anargistyske ielfisker siet al faker foar ferhoar en is gjin maklik mantsje. Hy hâldt him stil as’t se him ûnderfreegje. Under it ferhoar rekket er hieltyd fierder yn de 'fûke'. Letter docht him bliken dat Germ oppakt is by syn wurk foar it ferset. As syn heit dat trochkrijt slaan by him de stoppen troch en dat is it begjin fan de ein.

Oersettingen

  • 'De Fuik' (in oersetting fan Jan J. Bijlsma) waard yn 1970 útjûn yn de Wereldbibliotheek en letter yn 'e Zilverschoonrige.
  • De Fûke is ek yn it Ingelsk ('The Trap', Henry J. Baron 1995) en yn it Oekraynsk ('Wjersha', Yuri O. Zhluktenko 1983) oerset. De Oekraynske oersetting is polityk en eroatysk sinsurearre. Dat koe yn de Sovjet-Uny net oars. Zhluktenko wist boppedat net krekt hoe 't al dat fiskersark wurke.
  • De Hebriuwske oersetting, makke troch Rink syn dochter Wytske, is noch net publisearre.