Widsith: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Datearring: [[]] oars
Rigel 16: Rigel 16:
*[http://www2.wwnorton.com/college/english/nael/middleages/topic_4/widsith.htm In oersetting yn modern Ingelsk proaza]
*[http://www2.wwnorton.com/college/english/nael/middleages/topic_4/widsith.htm In oersetting yn modern Ingelsk proaza]


[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Ingelsktalich gedicht]]
[[Kategory:Gedicht]]
[[Kategory:Aldingelske literatuer]]
[[Kategory:Midsiuwsk edicht]]

De ferzje fan 22 feb 2017 om 15.01

Widsith is in Aldingelsk gedicht fan 143 rigels. It is foaral in wiidweidige rige mei nammen fan hearskers, stammen, folkeren en helden út tige útienrinnende tiidrekken.

Datearring

It gedicht is bewarre bleaun yn in manuskript út de 10e iuw, it Exeter Book. It gedicht sels is wierskynlik út de 6e iuw. It is anonym en opboud sadat doe wenst wie mei alliterearjende fersen, sûnder einrym.

It ferhaal

It gedicht giet oer Widsith (de namme betsjut 'fiere reis'), in omreizgjende minstreel. Hy skriuwt dat er by de Myrgings heard, in stam dy't allinnich yn it gedicht foarkomd, mar dy't mooglik buorlju wienen fan de Angelen.

It gedicht befettet benammen in wiidwijdige rige fan hearskers, stammen, folken en helden út bot útienrinnende tiidrekken, dy't ferneamd wienen yn de Germaanske wrâld fan de 6e iuw. De skriuwer linet mei syn gedicht op de tradysje fan mûnlinge oerleverings. Der wurde folken neamd lykas de Goaten, de Angelen, de Saksen, de Franken, de Romeinen en de Friezen en figueren lykas Julius Caesar en Offa, mar ek de Fryske kening Finn wurdt neamd.

It wie foaral de taak fan in minstreel om de heldedieden fan folken en benammen keningen te besjongen. It belang hjirfan wie tige grut en in sjonger koe dan ek rynsk beleanne wurde. Widsith beskriuwt yn it gedicht in oantal rike jeften dy't er krige en beslút mei de oertinkingen fan de omreizgjende minstreel dy't de lof 'sjongt fan eltsenien dy't him goed beleannet'.

Keppeling om utens