De Stellen Brief: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 53: Rigel 53:


{{DEFAULTSORT:Stellen Brief, De}}
{{DEFAULTSORT:Stellen Brief, De}}
[[Kategory:Koart ferhaal]]
[[Kategory:Literêr wurk fan Edgar Allan Poe]]
[[Kategory:Detektiveferhaal]]
[[Kategory:Detektiveferhaal]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Ingelsktalich koart ferhaal]]
[[Kategory:Koart ferhaal út 1844]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

De ferzje fan 21 feb 2017 om 15.20

De Stellen Brief
algemiene gegevens
oarspr. titel The Purloined Letter
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre detektiveferhaal
1e publikaasje 1844
bondel Tales by Edgar A. Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Stellen Brief
publikaasje 1989, yn Frysk en Frij
oersetter Lieuwe H. Bouma

De Stellen Brief, yn it oarspronklike Ingelsk: The Purloined Letter, is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It is it trêde fan syn trije detektiveferhalen mei de fiktive Paryske priveedetektive C. Auguste Dupin yn 'e haadrol (de oare beide binne: The Murders in the Rue Morgue en The Mystery of Marie Rogêt). De trije Dupin-ferhalen wurde beskôge as wichtige foarútrinners op it hjoeddeistige detektivesjenre. The Purloined Letter, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, waard foar it earst publisearre yn 1844, yn it literêr jierblêd The Gift: A Christmas and New Year's Present for 1845. It wie tige súksesfol en waard al rillegau werprinte yn in ferskaat oan tydskriften en kranten. Poe fertsjinne wolteld $12 oan 'e earste printinge. It ferhaal waard letter tafoege oan 'e bondel Tales by Edgar A. Poe, út 1845. De Fryske oersetting fan Lieuwe H. Bouma datearret fan 1989.

Ynhâld

De nammeleaze ferteller, dy't fierders gjin rol spilet yn it ferhaal, is op besite by de ferneamde Paryske priveedetektive C. Auguste Dupin om it mei dyselde oer guon fan syn meast ferneamde saken te hawwen, as de prefekt fan 'e Paryske plysje, dy't inkeld oantsjut wurdt as G., deryn komt om Dupin syn help by in saak te freegjen. In brief is stellen wurden fan in fierders net by namme neamde heech pleatste aadlike frouwe. De dieder is bekend; it moat minister D. west hawwe, in man dy't nearne foar tebekskrillet, want dat wie de iennichste dy't yn 'e keamer west hat dêr't de brief lei. Mei't de brief in tige kompromittearjende ynhâld hat, besiket D. no de aadlike dame te sjantearjen.

De prefekt is der wis fan dat D. de brief noch hawwe moat, want de ynhâld is (noch) net útlekt. Fierders moat er him deunby him bewarje, want it fermogen om 'e brief fuortendaliks by de hân te hawwen is yn sa'n sjantaazjesaak hast like wichtich as it besit fan 'e brief sels. Mar de plysje hat it hiele ministeriële hotel dêr't D. ferbliuwt, op minusjeuze wize trochsocht sûnder in spoar fan it ding weromfine te kinnen. Dupin freget de prefekt om in yngeande beskriuwing fan 'e brief, en seit dan ta dat er de saak syn omtinken jaan sil.

In hoart letter, as de ferteller tafallich op 'e nij by Dupin te gast is, keart de prefekt werom. Hy hat noch altyd gjin spoar fine kinnen fan 'e brief, en stiet dan ek fersteld as Dupin dy oan oerlanget. Wylst de prefekt halje-trawalje mei de brief nei it sjantaazjeslachtoffer ta set, freget de ferteller oan Dupin hoe't er de brief yn 'e goedichheid fûn hat. Dupin antwurdet dat de Paryske plysje tige kompetint is, mar dat se D. ûnderskat hawwe; om't er gedichten skriuwt, giene se derfan út dat er in suffert wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Dupin ûntfytmannet de minister de brief.

Dupin leit de ferteller lykwols út dat D. wist dat de plysje tinke soe dat de sjanteur de brief op in yngewikkeld sideplak weibrocht hie, en dêrom bewarre er it ding op in plak dêr't it foar eltsenien te sjen wie. Dupin wie by de minister op besite gien yn dy syn hotelkeamer, dêr't er in suterige, heal teskuorde brief gewaar waard, dy't hoegenamt net liek op 'e brief dy't de prefekt oan him beskreaun hie. Noch ôfsjoen fan 'e steat dêr't it kefert yn ferkearde, wie it opskrift oars en wie de brief net fersegele mei it hartochlike wapen fan 'e famylje S., mar mei D. syn eigen monogram. Dupin murk lykwols op dat it papier derút seach as wie it earst de iene kant út rôle en doe de oare kant út. Hy konkludearre dat dit wol deeglik de oangeande brief wêze moast, mar dat D. it kefert binnenstbûtenst keard en sa op 'e nij fersegele hie, wylst er doe alles dien hie om it ding der sa suterich mooglik útsjen te litten.

Dupin liet mei sin in snúftabakdoaske efter as in ferlechje om 'e oare deis werom te kommen. Doe't se noch eefkes in praatsje makken, waard D. opskrikt troch in pistoalskot bûten op 'e dyk. Wylst D. ôflaat wie, ferfong Dupin fluch de suterige brief troch ien fan himsels dy't der krekt sa útseach, mar inkeld in bryfke mei in misledigjende tekst oan D. syn adres befette.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan The Purloined Letter waard yn 1989 as in twadielich fúljeton publisearre yn it Fryske tydskrift Frysk en Frij. De fertaling wie fan 'e hân fan Lieuwe H. Bouma.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, De Stellen Brief (oers. Lieuwe Hendrik Bouma), yn: Frysk en Frij, Diel I: 26 aug. 1989; Diel II: 2 sept. 1989.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.