David Copperfield (roman): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 72: Rigel 72:
}}
}}


[[Kategory:Ingelske literatuer]]
[[Kategory:Literêr wurk fan Charles Dickens]]
[[Kategory:Roman]]
[[Kategory:Autobiografyske roman]]
[[Kategory:Fiktoriaanske roman]]
[[Kategory:Ingelsktalige roman]]
[[Kategory:Roman út 1849]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]

De ferzje fan 20 feb 2017 om 18.46

David Copperfield
algemiene gegevens
oarspr. titel David Copperfield
auteur Charles Dickens
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre ûntwikkelingsroman
1e publikaasje 1849-1850 (as fúljeton)
as boek: 1850, Londen
oarspr. útjwr. Bradbury & Evans
oersetting nei it Frysk
Fryske titel David Copperfield
publikaasje 2015, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 47 576

David Copperfield, mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk, al is de folsleine titel eins The Personal History, Adventures, Experience and Observation of David Copperfield the Younger of Blunderstone Rookery (Which He Never Meant to Publish on Any Account), is in roman fan 'e hân fan 'e grutte Britske skriuwer Charles Dickens (1812-1870). Dit boek, dat beskôge wurde kin as in ûntwikkelingsroman, fertelt it ferhaal fan 'e jonge David Copperfield fan syn jonge bernejierren oant syn folwoeksenens. It is ien fan Dickens syn bekendste romans, en stiet derom bekend dat de skriuwer der in protte autobiografyske eleminten yn ferwurke. David Copperfield waard foar it earst publisearre yn 'e foarm fan in fúljeton yn 'e jierren 1849-1850, en dêrnei as boek yn 1850. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2015.

Ynhâld

De roman beskriuwt it libben fan 'e David Copperfield yn it ik-perspektyf, as wie it troch David sels skreaun. David wurdt berne te Blunderstone, yn it Ingelske greefskip Suffolk, deunby Great Yarmouth yn it oangrinzgjende greefskip Norfolk. Dat bart yn 1820, in healjier nei de dea fan syn heit. Syn earste jierren bringt er yn relative gelokkigens troch mei syn mem en harren freonlike húshâldster Peggoty. As er sân jier is, wertrout syn mem lykwols mei in Edward Murdstone. By dat heuchlike barren is David lykwols net oanwêzich, om't er te útfanhûzjen stjoerd is by Peggoty har famylje yn Great Yarmouth. De reden dêrfoar is dat syn mem it te drok mei it trouwerij hat om om him te tinken, mar dêrnjonken is David it ek net mei it houlik iens, en dat stekt er net ûnder stuollen of banken.

De jonge David wurdt betsjinne (yllustraasje troch Frank Reynolds (1876-1953).

Peggoty har broer, in fiskerman, húsmannet yn in wenboat mei syn oannommen omkesizzers Em'ly en Ham en in âldere widdo, frou Gummidge. De lytse Em'ly wurdt troch har pleechheit frijwat bedoarn, en David rekket fereale op har. As er nei de trouwerij wer thúskomt, docht bliken dat er gelyk hie mei syn wjerakseljen tsjin it houlik, want Murdstone en dy syn suster Jane, dy't by it gesin ynlûkt, tirannisearje David en syn mem en meitsje har it libben ellindich. Dat hat syn ynfloed op David syn prestaasjes op skoalle, en as Murdstone him in wan bruien jaan wol om't er dêr net mear meikomme kin, byt David him. Ut wraak beävensearret Murdstone dat er nei in ynternaat stjoerd wurdt, Salem House, dat ûnder de hearskippij stiet fan 'e ûnmeilydsume boppemaster Creakle. Dêr rekket David befreone mei in jonge fan syn eigen jierren, Tommy Traddles, en ek mei in âldere jonge, dy't fan James Steerforth hjit. Hy ûntwikkelet in hertstochtlike bewûndering foar de egosintryske Steerforth, dy't er beskôget as in nommele minske.

As er mei de krystdagen thúskomt, ûntdekt David dat syn mem it libben skonken hat oan in jonkje, dat syn healbroer is. Koart nei't er weromkeard is nei Salem House, komt lykwols it berjocht dat sawol syn mem as syn bruorke kommen binne te ferstjerren, wêrnei't er daliks nei hûs roppen wurdt. Ek de húshâldster Peggoty ûntfalt him as hja yn dyselde snuorje trout mei de pleatslike fuorman, Barkis. Syn styfheit Murdstone stjoert David dan nei Londen ta, dêr't er te wurk steld wurdt yn in wynhannel dêr't Murdstone foar in diel eigner fan is. David syn baas Wilkins Micawber, by wa't er ynwennet, wurdt troch Dickens ôfskildere as in tragikomysk figuer, ien fan tolve ambachten en trettjin ûngelokken. Uteinlik rekket de man sa djip yn 'e skulden dat er troch de rjochter foar in pear moannen nei it tichthús stjoerd wurdt. As er frijkomt, ferfart er nei Plymouth om in nij libben op te bouwen. Sa bliuwt der nimmen oer om foar David te soargjen, dat de jonge beslút út te naaien foar't syn styfheit him wer ûnder de tomme krije kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hy rint fan Londen alhiel nei Dover ta, dêr't syn iennichst oerbleaune famyljelid, syn âldmuoike Betsey Trotwood, wennet. Dy wie by syn berte nei Blunderstone ta kommen mar wie teloarsteld wer ôfset doe't bliken die dat David net in famke wie. As er no by har oankomt, hat se lykwols begrutsjen mei him en stimt se deryn ta om him fierder grut te bringen. Betsey-muoi, sa't David har neamt, makket koarte metten mei Murdstone syn besykjen om 'e fâdij oer de jonge werom te winnen. Hja neamt David om ta Trotwood Copperfield, mei as ropnamme "Trot", en dat wurdt ien fan 'e ferskate nammen dy't de jonge David geandewei it ferhaal draacht.

David falt foar de tsjeppe Dora Spenlow (yllustraasje troch Frank Reynolds (1876-1953).

Betsey-muoi stjoert de jonge nei in oare skoalle ta, in folle betteren-ien, dy't rund wurdt troch dr. Strong. Dy besiket oprjocht en bring syn learlingen in gefoel fan ear en selsrêdsumens by. David giet deunby de skoalle yn 'e kost by Betsey-muoi har abbekaat Wickfield en dy syn skrandere dochter Agnes, mei wa't er goed befreone rekket. By harren yn wennet ek Wickfield syn fyftjinjierrige siktaris, Uriah Heep. Dyselde wit, ta Agnes har grutte fertriet, op snoade wize de âlder wurdende Wickfield te bedragen. Sa stelt er Betsey-muoi har jild, mar lit it lykje as hat Wickfield it sels efteroerdrukt. Syn úteinlike doel is, sa dielt er David op boasaardige manear mei, om Wickfield sa omleech te heljen dat er nei de hân fan Agnes tingje kin. Underwilens is David syn eardere baas Micawber wer tsjinkommen, en hy helpt de man oan in baan as assistint fan Heep. Micawber wurdt dan troch Heep by al syn oplichterspraktiken belutsen, want Heep mient dat er yn Micawber ien troffen hat dy't himsels net wanlyk is. Mar dat blykt net sa te wêzen, en mei help fan Micawber bringe David en Agnes de wiere tadracht fan it ien en oar oan it ljocht, mei as gefolch dat Betsey-muoi har jild weromkriget en Heep yn it tichthús ferdwynt.

Underwilens ferliedt en ûntearet David syn egoïstyske skoalfreon Steerforth de jonge Em'ly Peggoty. As dat útkomt, biedt er earst oan om har mei ien fan syn tsjinstfeinten trouwe te litten, foar't er alhiel útpykt. Em'ly ferdwynt dêrnei yn Londen, mar har omke Peggoty, de fiskerman, wit har op te spoaren mei de help fan 'e prostituee Martha, dy't fan oarsprong ek út Norfolk komt. Ham, oan wa't Em'ly foar de trageedzje fersein wie, is ûnderwilens omkommen yn in stoarm, doe't er besocht in skip te help te kommen dat foar de kust yn 'e swierrichheden rekke wie. Steerforth, dy't passazjier oan board fan datseldichste skip wie, rekke dêr ek by dea. Nei't er Em'ly weromfûn hat, emigrearret Peggoty mei har, frou Gummidge en de Micawbers nei Austraalje, dêr't se allegearre noch lang en lokkich libje.

David syn grutte leafde, Agnes Wickfield (yllustraasje troch Frank Reynolds (1876-1953).

David sels kriget kunde oan 'e tsjeppe mar naïve Dora Spenlow, de dochter fan syn wurkjouwer. Hy trout mei har, mar har houlik is ûngelokkich oant David him derby delleit dat Dora altyd wat bernich bliuwe sil. Fan in miskream kriget se lykwols sa'n reis dat se dêrnei stadichoan weikwynt en úteinlik stjert. Nei de dea fan syn earste frou beriedt David him deroer hoe't it no fierder moat. Uteinlik beslút er mei de ferstannige Agnes Wickfield te trouwen, dy't altyd al fereale op him wie. Mei har fynt er it wiere gelok en kriget er teminsten fiif bern, wêrûnder in dochter dy't er ferneamt nei syn âldmuoike Betsey.

Ferfilmings

David Copperfield is in grut tal kearen adaptearre ta film- en tillefyzjeferzjes:
David Copperfield (film út 1911), in stomme film út 1911
David Copperfield (film út 1913), in stomme film út 1913
David Copperfield (film út 1922), in stomme film út 1922
Personal History, Adventures, Experience and Observation of David Copperfield the Younger (film), in film út 1935
David Copperfield (tillefyzjesearje út 1956), in tillefyzjesearje út 1956
David Copperfield (tillefyzjesearje út 1966), in tillefyzjesearje út 1966
David Copperfield (film út 1969), in film út 1969
David Copperfield (tillefyzjesearje út 1974), in tillefyzjesearje út 1974
David Copperfield (tillefyzjesearje út 1986), in tillefyzjesearje út 1986
David Copperfield (film út 1993), in tekenfilm út 1993
David Copperfield (tillefyzjesearje út 1999), in tillefyzjesearje út 1999
David Copperfield (film út 2000), in film út 2000

Fryske oersetting

David Copperfield waard yn 2015 ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear, dy't ek al oare wichtige fertalings út 'e wrâldliteratuer op syn namme stean hie, wêrûnder dy fan Idylls of the King, fan Alfred Lord Tennyson, Tess of the d'Urbervilles, fan Thomas Hardy, en The Time Machine, fan H.G. Wells. De fertaling fan David Copperfield waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert yn in mânske edysje fan 765 siden. De publikaasje waard mei mooglik makke troch de Stichting Kristlik Frysk Folksboek en de Douwe Kalma Stifting.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dickens, Charles, David Copperfield (oers. Geart fan der Mear), Ljouwert, 2015 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 47 576.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.