Alice yn Wûnderlân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Rigel 66: Rigel 66:
[[Kategory:Fantasyroman]]
[[Kategory:Fantasyroman]]
[[Kategory:Berneboek]]
[[Kategory:Berneboek]]
[[Kategory:Ingelsktalige literatuer]]
[[Kategory:Ingelsktalige roman]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]
[[Kategory:Roman út 1865]]
[[Kategory:Roman út 1865]]

De ferzje fan 19 feb 2017 om 22.32

Alice yn Wûnderlân
algemiene gegevens
oarspr. titel Alice's Adventures
   in Wonderland
auteur Lewis Carroll
taal Ingelsk
foarm berneboek
sjenre fantasy
1e publikaasje 1865, Londen
oarspr. útjwr. Macmillan Publishers
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Alice yn Wûnderlân
publikaasje 1964, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Tiny Mulder
ISBN oers. 978-9 06 27 34 771 (werprint.)

Alice yn Wûnderlân, yn it oarspronklike Ingelsk: Alice's Adventures in Wonderland (hoewol't it bekender wurden is ûnder de ferkoarte titel Alice in Wonderland), is in berneboek dat it masterwurk is fan 'e Ingelske skriuwer, dichter, wiskundige en fotograaf Charles Lutwidge Dodgson (1832-1898), better bekend ûnder syn pseudonym Lewis Carroll. It is in tiidleas, absurdistysk en bytiden hilarysk ferhaal dat ta it fantasy-sjenre rekkene wurde moat, oer in famke dat yn in kninehoale krûpt en dan yn in folslein oare wrâld bedarret dêr't se yn 'e kunde komt mei in hiele rige healwize personaasjes. Alice's Adventures in Wonderland waard foar it earst útjûn yn 1865. De Fryske oersetting fan Tiny Mulder datearret fan 1964.

In foto fan Alice Liddell, nommen troch Lewis Carroll yn 1858.

Eftergrûn

Lewis Carroll dosearre as wiskundige oan it Christ Church-kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford en pielde yn syn frije tiid û.m. wat mei skriuwen en dichtsjen. Yn 1856 rekke er befreone mei it gesin fan Henry Liddell, de nije rektor fan Christ Church. Op 4 july 1862 tocht er ûnder in roeitochtsje oer de Isis fan Folly Bridge, by Oxford, nei it doarp Godstow, fiif myl fierderop, in teltsje op om 'e trije suskes Lorina, Edith en Alice Liddell te fermeitsjen. It gie oer in ferfeeld lyts famke dat op aventoer út gie. De bern fûnen it prachtich, en fral Alice smeke him neitiid suver om it foar har op te skriuwen. Carroll liket earst net in protte fidúsje yn syn eigen ferhaal hân te hawwen mar doe't er fan oare kanten oanmoedige waard, sette er him der úteinlik dochs ta. Yn novimber 1864 koed er dan op 't langelêst Alice Liddell mei it hânskreaun en eigenyllústrearre manuskript bejeftigje, dat as titel droech: Alice's Adventures Under Ground. Hoewol't lang tocht is dat Carroll de haadpersoan fan dit ferhaal basearre hie op Alice Liddell, hat er dat sels altyd ûntstriden.

Yn 1865 waard it ferhaal útjûn as Alice's Adventures in Wonderland ("Alice Har Aventoeren yn Wûnderlân"), mei yllústraasjes fan 'e profesjonele tekener sir John Tenniel. It waard úteinlik lykwols bekender ûnder de ferkoarte titel Alice in Wonderland, dy't foar it earst brûkt waard foar in stomme film út 1903, ûnder rezjy fan Cecil Hepworth en Percy Stow, mei May Clarke yn 'e rol fan Alice. Nei it ûnbidige súkses fan 'e ikoanyske Disney-tekenfilm Alice in Wonderland, út 1951, dy't sûnt it byld fan Alice eins grutdiels bepaald hat, is de oarspronklike titel fan it wurk fierhinne yn 'e ferjitnis rekke.

Mei Alice's Adventures in Wonderland fêstige Carroll syn namme as skriuwer en belibbe er in súkses dat er neitiid nea wer belykje kind hat. Ein 1871 ferskynde der mei Through the Looking-Glass and What Alice Found There ("Troch de Spegel en Wat Alice Dêr Untdiek") in ferfolch op Alice's Adventures in Wonderland. Dat boek wie wat dûnkerder fan toan, wat mooglik feroarsake wêze kin troch de depressiviteit dêr't Carroll oan litte sûnt syn heit yn 1868 kommen wie te ferstjerren.

Ynhâld

Alice ferfeelt har, wylst se mei har suske yn 'e tún oan 'e rivierkant sit. Op in stuit sjocht se in pratende, oanklaaide wite knyn foarbykommen. Se folget him nei in kninehoale en krûpt deryn. Se begjint omleech te rûgeljen en falt dan in hiel ein nei ûnderen. Dan befynt se har ynienen yn in nuveraardige seal mei withoefolle doarren fan alderhanne maten dy't allegearre op 't slot sitte. Mei in lyts kaaike dat se fynt, ûntslút se in doarke dat fiersten te lyts foar har is, en sjocht dat it tagong jout ta in kreaze tún. Dan ûntdekt se op in tafel in fleske dêr't fan "DRINK MY" op stiet. As hja dat docht, krimpt se sa bot, dat se te lyts is om 'e kaai te pakken dy't se op 'e tafel lizze litten hie. In stik koeke dêr't fan "YT MY" op stiet, makket dat se sa slim groeit dat se mei har holle tsjin 'e soudering oan slacht.

In yllústraasje út 'e earste útjefte fan 1865, troch sir John Tenniel, fan Alice oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en de sânslieper.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Alice har holle docht sa'n sear dat se gûle moat, en har triennen binne sa grut dat se de seal splis sette. Nei't se troch it oppakken fan in waaier wer krompen is, swimt se yn har eigen triennen om en moetet dêrby in grut tal ûnderskate bisten dy't allegear fuortspield binne troch it opkommend sâlt wetter. As se úteinlik de wetterkant berikke, is de fraach hoe't se wer opdrûgje kinne. In mûs jout in hiel drûge lêzing oer Willem de Feroverder, mar dat helpt net bot. In dodo stelt út om in hurddraafwedstryd te hâlden wêrby't se allegearre yn in rûntsje drave sadat der nimmen winne kin. Alice jaget úteinlik ûnbedoeld de bisten fuort troch te fertellen oer har (net mear as trochsneed gefaarlike) kat.

Eefkes letter komt de Wite Knyn wer foarby. As hja foar him, om't er har oansjocht foar syn tsjinstfaam, de wanten fan 'e hartoginne út 'e hûs helje sil, groeit se by ûngelok wer grutter, oant der in kliber bisten komt dy't har mei stiennen bekûgelet. De stiennen feroarje yn koekjes as se har reitsje, en as se dy opyt, krimpt se wer. Dêrop moetet se in blauwe rûp dy't op in poddestoel in wetterpiip sit te smoken. Dy riedt har oan om stikjes fan beskate dielen fan 'e poddestoel ôf te brekken en te bewarjen, mei't it opiten dêrfan har groeie en krimpe litte kin.

Nei in eintsje rinnen berikt Alice it hearehûs fan 'e hartoginne, dêr't se in petear hat mei in kikkert dy't dêr tsjinstfeint is. Se rekket der lykwols allinnich mar noch mear betize fan. Se giet mei de hartoginne oan it miel, mar de kokkinne hat fiersten tefolle piper yn it iten dien, dat alle iters útsein de kokkinne sels en de Cheshire-kat moatte der freeslik fan proeste. Nei iten jout de Cheshire-kat har oanwizings om by it hûs fan 'e Maartske Hazze te kommen. As se dêr arivearret, giet se oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en in sânslieper, dy't sa slûch is dat er hieltyd yn 'e sûs rekket, mar dan hurdhandich wer wekkerskodde wurdt troch de Maartske Hazze of de Huoddemakker. Under it absurde petear bringt de dy lêste op 't aljemint dat er der ea fan beskuldige is dat er besocht de tiid te deadzjen. Dêrom is de Tiid sa lulk op him wurden dat er foar him net mear rinne wol. Sadwaande is it no altiten teetyd. Op 't langelêst kriget Alice har nocht fan al it ûnsinpraat en jout se har ôf.

In yllústraasje fan sir John Tenniel, út 1865: Alice hat earst frijwat muoite om kroket te spylen mei in libbene flamingo ynstee fan mei in houtene hammer.

Yn 'e tún sjocht Alice trije libbene kaartspulkaarten dy't wite roazen read oan it fervjen binne om't de Hertenkeninginne it grou hat op wite roazen. Koarte tiid letter komme der mear kaarten de tún yn, mei dêrûnder ek keningen en keninginnen. Alice wurdt yn 'e kunde brocht mei û.o. de Hertenkeninginne, dat in sinnich en ritich persoan is, dy't by it minste of geringste dat har net noasket, daliks ropt fan "Derôf mei syn kop!" Alice wurdt mear twongen as útnûge om mei te dwaan oan in spultsje kroket, wêrby't lykwols gjin bal brûkt wurdt, mar in oprôle stikelbaarch, dy't net mei in houtene hammer, mar mei in libbene flamingo fuortslein wurde moat. Alice hat der earst frijwat muoite mei om dizze ferzje fan it spul ûnder de knibbel te krijen.

Nei ôfrin fan it spul stelt de keninginne Alice foar oan 'e griffioen, dy't har meinimt nei de Sabeare Skylpodde. Dy is tige drôf om't er foarhinne in echte skylpodde wie. Hy wol Alice dêroer fertelle, mar de griffioen falt him yn 't wurd om't er ynstee in spultsje spylje wol. De griffioen en de Sabeare Skylpodde dûnsje dan de kreeftedûns foar Alice, en sysels hâldt wilens in foardracht. Wylst de Sabeare Skylpodde dêrnei it ferske "Tsjeppe Sop" foar har sjongt, sleept de griffioen har mei om in proses by te wenjen.

It docht bliken dat de taartsjes fan 'e Hertenkeninginne stellen binne, en de Hertenboer wurdt fan dy skanddie fertocht. Der is in sjuery gearstald, besteande út in ferskaat oan bisten, de Wite Knyn fungearret as heraut en de Hertenkening is rjochter. Wylst de rjochtsaak geande is, begjint Alice wer te groeien. De sânslieper beskrobbet har dêrfoar, mar hja byt fan har ôf mei te sizzen dat sy it net helpe kin en dat elkenien dat wit. Underwilens moat de Gekke Huoddemakker in tsjûgenis ôflizze, wêrby't er de Hertenkening it bloed ûnder de neilen wei hellet mei syn yndirekte antwurden. Dêrnei wurdt Alice oproppen om te tsjûgjen, mar hja is dan sa grut groeid dat se by ûngelok de sjuerybank omsmyt. Dêrop wurdt it proses stillein oant de sjuery wer teplak set wurde kin. Op 't lêst wolle de kening en keninginne Alice ferbalje, troch Regel 42 oan te heljen, wêrmei't elkenien dy't mear as in myl heech is, de tagong ta it hof ûntsein wurde kin. Alice giet lykwols mei harren yn diskusje, en redendielt troch, sels as har dat ferbean wurdt. De Hertenkeninginne ropt fan "Derôf mei har kop", mar Alice is dan sa grut dat se net mear benaud is fan al dat lytse ûnrant.

Op it stuit dat de kaarten har bestoarmje, wurdt se wekker makke troch har suske en sjocht se dat it gjin spylkaarten binne, mar blêden dy't har yn it gesicht falle. Se fertelt har suske oer har dream en giet dan om tee. Har suske bliuwt efter, falt sels yn 'e sliep en dreamt oer Alice har dream.

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan 'e Alice's Adventures in Wonderland ferskynde yn 1964 ûnder de titel Alice yn Wûnderlân by de Afûk te Ljouwert. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Tiny Mulder (1921-2010), dy't better bekend is as Frysk dichteresse. Yn har ynlieding skreau hja fan: "Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben, en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern." En dat is yn 'e lêste fyftich jier net feroare.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Carroll, Lewis, Alice yn Wûnderlân (oers. Tiny Mulder), Ljouwert, 1964 (Afûk), sûnder ISBN (lettere werprintinge: ISBN 978-9 06 27 34 771).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.