Drachten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
pear bonkjes
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 86: Rigel 86:


== Kultuer en rekreaasje ==
== Kultuer en rekreaasje ==
Drachten hat in grut en modern teäter: ''[[De Lawei (teäter)|De Lawei]]'' en in jongereinsintrum/poppoadium [[Iduna (Drachten)|Iduna]] . It ''Museum Smellingerlân'', sit yn in âld [[kleaster]]. It toant wurk fan Fryske keunstners as [[Pier Pander]] en [[Sjoerd de Roos]], en hat dêrneist oar wurk fan [[De Styl]]-keunstner [[Theo van Doesburg]], syn Drachtster geastbesibben de bruorren [[Evert Rinsema|Evert]] en [[Thijs Rinsema]], en de [[Dada]]-keunstner [[Kurt Schwitters]]. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út [[1921]]. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de ''Papegaaiebuert'' neamd.<br />
Drachten hat in grut en modern teäter: ''[[De Lawei (teater)|De Lawei]]'' en in jongereinsintrum/poppoadium [[Iduna (Drachten)|Iduna]] . It ''Museum Smellingerlân'', sit yn in âld [[kleaster]]. It toant wurk fan Fryske keunstners as [[Pier Pander]] en [[Sjoerd de Roos]], en hat dêrneist oar wurk fan [[De Styl]]-keunstner [[Theo van Doesburg]], syn Drachtster geastbesibben de bruorren [[Evert Rinsema|Evert]] en [[Thijs Rinsema]], en de [[Dada]]-keunstner [[Kurt Schwitters]]. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út [[1921]]. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de ''Papegaaiebuert'' neamd.<br />
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. [[Breedtesport]] kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foar handikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it [[skûtsjesilen]], mei twa skûtsjes :''d'Halve Maen'' en ''Drachten''.
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. [[Breedtesport]] kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foar handikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it [[skûtsjesilen]], mei twa skûtsjes :''d'Halve Maen'' en ''Drachten''.

De ferzje fan 16 feb 2017 om 11.11

Drachten
Flagge fan Drachten Wapen fan Drachten
Flagge Wapen
Lokaasje fan Drachten
Gemeente Smellingerlân
Ynwennertal (2012) 44.940 (2012)
Webstee http://www.smallingerland.nl
Satellytfoto Drachten
Grutte tsjerke
Joaden en Roma monumint in Drachten

Drachten is it haadplak fan de gemeente Smellingerlân en is mei likernôch 44.900 ynwenners ek it grutste plak fan de gemeente. It is in flekke yn it easten fan de provinsje Fryslân mei mear as 22.000 arbeidsplakken. Nei Ljouwert is Drachten it twad grutste plak fan de provinsje Fryslân.

De namme 'Drachten', foarhinne 'Dragten', is nei alle wierskyn ôflaat fan 'Drait'. De Drait wie en is in streamke dat útkaam yn de Smelle Ie. It gebiet eastlik fan it plak hie in soad heechfean. Noarder Drachten (noardeast de Drait) is nei de oanlis fan de Drachtster Feart yn 1641 mei Suder Drachten (súdeast de Drait) útgroeid ta Drachten.

Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Drachten.

Drachten is ûntstien oan 'e east side fan it rivierke 'De Drait'. Om it jier 1200 hinne waard der in lytse stiennen tsjerke set (op it plak fan de hjoeddeiske PKN-tsjerke 'de Arke'). Dy tsjerke is sa'n 200 jier brûkt, oant it opkommend wetter de minsken fierder nei it easten dreau. Dêr ûntstienen Noarder Drachten en Suder Drachten.

Om 1550 hinne wie de Hollânske feanreserve op. Turf wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikulieren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de 17e iuw wie lykwols grutter as dat Fryslân leverje koe.

Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út De Haach, de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman Passchier Hendriks Bolleman út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne ornearre wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier mei skippen waard de Drachtster Kompanjonsfeart, de Dwersfeart en guon wiken oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan 't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it ferfeantsjen dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.
It hat oant begjin 19e iuw duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen.[1] Om 1830 waard der in gemeentehûs set en ferhuzen in soad notabelen fan Aldegea nei Drachten.

Drachten hat nea stedsrjochten krige, dat it is noch hieltyd in flekke (allinnich troch grutte, yndustry en iepenbiere foarsjenningen wurdt Drachten faak in stêd neamd). Begjin jierren fyftich fan de 20e iuw hie it plak tsientûzen ynwenners. Yn 1950 kaam der in fabryk fan Philips wêrnei't it tal ynwenners hurd omheech gie.

Religy

Yn Drachten stiet de Frije Baptistegemeente Bethel. Dy baptistegemeente is bot groeid de lêste jierren. Orlando Bottenbley is de foargonger.

Neist dy tsjerke binne noch in soad tsjerklike denominaasjes fertsjintwurdige, sa as Griffermearde Tsjerken, Herfoarme Gemeenten, PKN, Pinkstergemeenten, Folle Evangelyskegemeente, ensafuorthinne. Drachten hat lange tiid de grutste grifformearde gemeente fan Nederlân hân.

Troch it asylsikerssintrum is der ek in lytse Moslim-mienskip.

Wiken

Ferkear en Ferfier

Auto

Drachten leit oan de autosnelwei A7 tusken It Hearrenfean en Grins, oan de N31 nei Ljouwert en oan de N381 nei Emmen (Drinte).

Iepenbier Ferfier

Drachten is ien fan de pear gruttere Nederlânske plakken sûnder treinferbining, en nei alle gedachten sels it grutste Nederlânske plak sûnder spoarferbining (fan hokfoar soart spoar dan ek, brûkt as net-brûkt); de spoarline Grins - Drachten, (in âlde tramline dy't nei de oarloch foar frachtferfier brûkt is) is yn 1985 sluten. Dêryn hie feroaring komme kinnen at it Suderseespoar tusken Skiphol en Grins oanlein wie, mar dat is net bard. Plannen fan in lightrail-ferbining mei Grins en It Hearrenfean binne ek net trochgien.

It busferfier wurdt benammen fersoarge troch Qbuzz. De stedsbus fan Drachten wurdt riden as line 12. Streekrjochte ferbiningen binne der ûnder oaren nei Ljouwert, It Hearrenfean, Grins en Assen. De measte bussen sette ôf fan it Van Knobelsdorffplein.

Fleanfjild

Drachten hat ek in fleanfjildsje: Fleanfjild Drachten, in earder airstrip fan Philips.

Wetterwegen

Nei it yndustryterrein de Haven rint de Farwei Drachten. Dy farwei is ferbûn mei it Prinses Margrietkanaal en sa mei it lanlike farwegenet.

Yndustry

Sûnt 1950 sit yn Drachten in fabryk fan it Nederlânske elektroanikakonsern Philips, dêr't de wrâldferneamde Philishave-skearapparaten makke wurde. It fabryk begûn yn 1950 mei 14 meiwurkers. Wyls wurkje der twatûzen minsken.

Yn Drachten is ek it grutste yndustryterrein fan noard-Nederlân: Yndustryterrein de Haven. Oan de oare kant fan Drachten is lâns de snelwei A7 yndustryterrein Azeven oanlein, alhoewol't dat terrein feitlik yn de gemeente Opsterlân leit.

Kultuer en rekreaasje

Drachten hat in grut en modern teäter: De Lawei en in jongereinsintrum/poppoadium Iduna . It Museum Smellingerlân, sit yn in âld kleaster. It toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander en Sjoerd de Roos, en hat dêrneist oar wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, syn Drachtster geastbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út 1921. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de Papegaaiebuert neamd.
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. Breedtesport kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foar handikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes :d'Halve Maen en Drachten.

Fytsbrêgen

Yn it foarjier fan 2006 waarden yn Drachten twa unike fytsbrêgen iepene:

  • De Ring is in fytsbrêge oer de snelwei A7 en is in mienskiplik projekt fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân.
De Slinger
  • De Slinger is in fytsbrêge oer de Suderhegewei fan de Oerstesingel ôf nei de Ikesingel. Mei de 240 meter lingte is it de grutste fytsbrêge yn Noard-Nederlân. De brêge is boppe in rotonde boud en dy beide soargje tegearre foar in goede trochstreaming fan it ferkear. Eardat de rotonde oanlein waard moasten fytsers en fuotgongers fia in oerstekplak mei ferkearsljochten oer it krúspunt hinne. Dat levere in soad files op, omdat it krúspunt flakby de ôfrit fan de autodyk leit. De brêge sels is frij steil te neamen, wat in pear problemen opleveret foar âlderein en bern. Gelokkich is der yn it midden fan de brêge in útsjochplak makke, dêr't op it oare ferkear delsjoen wurde kin. Om it platfoarm is in stek mei spilen. Dêrboppe sit noch in grutte kegel dy de totale híchte fan de brêge 30 meter makket. Jûns is de hiele fytsbrêge ferljochte.

Blauwe wei

It kariljon fan Drachten
Ut ierde binnen wy berne
It fjoer stutsen wy út de grûn
Ta wolfeart woe it wetter ús drage
De loft hat it tankliet ús jûn

As tarieding op de oanlis fan de Drachtster Feart yn in Moleneind ûntwurp keunstner Henk Hofstra in symboalyske blauwe wei mei in ôfmjitting fan tsien by tûzen meter. Dêryn ferskynt yn it wyt de tekst Wetter is libben, wat teffens de titel fan it keunstwurk is. Dat late ta in soad protest fan de omwenners, omdat se hjir foarôf net of kwealik fan op 'e hichte brocht binne. Ek koste it tydlike projekt de gemeente in bedrach fan € 37.500. De blauwe wei levere Drachten wol in oantal berjochten yn de nasjonale en ek ynternasjonale parse op.

Sport

Drachten hat in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstriidbad. Breedtesport kin yn Drachten dien wurde yn meardere sportakkommodaasjes. Dêrneist is der in ferskaat oanbod fan handikaptesport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten hat sûnt 2005 ek in eigen skeelerbaan.

Drachten docht ek mei oan it skûtsjesilen, mei twa skûtsjes: d'Halve Maen en Drachten. Sportferienings:


Befolking

jier oantal ynwenners
1849 4.448
1869 5.245
1920 5.334
1947 9.249
1950 likernôch 10.000
1954 11.052
1959 15.902
1964 21.752
1969 28.972
1974 35.092
2004 42.420
2009 44.629
2012 44.940

Freonskipsbân mei Gobabis

Yn 2010 bestie de bân mei Gobabis 15 jier. Yn dy tiid binne ferskate projekten opset mei jildlike- en saakkundige stipe fan Smellingerlân. Beide gemeenten hawwe omtinken jûn oan saken as: húsfestjen, ferwurking fan smoargens, ferbettering fan de brânwacht, it foarkommen fan HIV/Aids en it opsetten fan kompjûterûnderwiis. Guon projekten hawwe al laat ta ferbetterings, benammen ûnder de meast earmen. Ut tank hat de gemeente Gobabis, by gelegenheid fan it 15 jierrich jubileum fan de bân, in nije wenwyk nei wethâlder Jan Rozema neamd, de 'Rozema Heights'. [2]

Strjitten

Berne yn Drachten

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red), Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.
  2. Breeduit. 15 jaar Gobabis en Smallingerland, 4 maart 2010