Hallum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 97: Rigel 97:


=== Autocross ===
=== Autocross ===
Alle jierren wurdt op de lêste sneon fan augustus de autocross fan Hallum hâlden dêr't sa'n 150 [[kûreur]]s oan meidogge. Der wurdt riden yn fiif klassen: de Grand National Stockcar F1-klasse, de regioklasse H.A.C. 1600 (nei de organisearjende partij de Hallumer Autocross Club neamd), de frije klasse (foar de Durk Wagenaarbokaal), de keverklasse en de rodeoklasse. Oan de Grand National, foarhinne de massastart neamd, dogge sa'n 30 stockcars F1 mei, dy't stride om de Kafee H17-bokaal.
Alle jierren wurdt op de lêste sneon fan augustus de autocross fan Hallum hâlden dêr't sa'n 150 [[Koereur|koereurs]] oan meidogge. Der wurdt riden yn fiif klassen: de Grand National Stockcar F1-klasse, de regioklasse H.A.C. 1600 (nei de organisearjende partij de Hallumer Autocross Club neamd), de frije klasse (foar de Durk Wagenaarbokaal), de keverklasse en de rodeoklasse. Oan de Grand National, foarhinne de massastart neamd, dogge sa'n 30 stockcars F1 mei, dy't stride om de Kafee H17-bokaal.


=== Bartlehiem Skeelertocht Ferwerderadiel ===
=== Bartlehiem Skeelertocht Ferwerderadiel ===

De ferzje fan 15 feb 2017 om 12.39

Hallum
Flagge fan Hallum Wapen fan Hallum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hallum
Gemeente Ferwerderadiel
Ynwennertal (2014) 2751
Webstee [1]
de himrik fan Hallum
Hallum om 1950 hinne
Yn de omkriten fan Hallum is dúdlik dat it kleasterbesit fan Mariëngaarde en Nazareth en de stinslokaasjes elkoar oanfolje
Sloterdijkhûs (1723)

Hallum is it grutste doarp fan Ferwerderadiel. Yn 1744 wie it ynwennertal 1009. No leit dat om de 2751 hinne (1 jannewaris 2014). Dat komt ek om't in protte Hallumers harren wurk earne oars hawwe. De Ljouwerterdyk jout in goede ferbining mei Ljouwert. Op it terrein fan it ferdwûne koeke- en banketfabryk fan Hellema komt it plan Hof van Hallum. Yn de eardere mingerij/foarmerij en de direksjewente fan it fabryk sil in bakkerijmuseum anneks teeskinkerij, "It Hellemahûs", komme.

Namme

Ien ferklearring fan de namme Hallum kin wêze dat (yn de âlde stavering Hâllum) doarp op de hichte. Dat soe ôflaat wêze fan it Aldfryske wurd havilla of hal dat hichte betsjut. In oare ferklearring soe wêze kinne: It hiem fan Halle. Der is ek noch it âlde wurd hal, dat 'hillich' betsjut. Wer in oare ferklearring is dat Hallum eins it hiem fan de goadinne Hal, Hel, Holda of Hollier betsjutte soe. Der wurdt troch guon ek oan in oare betsjutting fan 'hal tocht. Hal, of health soe dan hoeke of skûlplak betsjutte kinne.

Skiednis fan it doarp

Yn Hallum binne yn 2007 produksjeresten fan in koperslagger fûn út de tiid om 400 hinne. Der sieten twa ringen en in diel fan in knyft by. Boppedat sieten der ek in tal fibula’s en potdiggels by.

It doarp is ûntstien op in kwelderwâl tsjin de Waadkust oan. Der wurdt tocht dat it begjin fan Hallum yn de Romeinske tiid leit. Yn 11e iuw waard der in seedyk, no de Hege Hearrewei, oanlein. Hallum kaam sa yndyksk te lizzen. Stadichoan is doe it bebouwen begûn. Der kamen sa paden, mei huzen dêroan, nei de tsjerke. Yn in âlde kronyk wurdt Hallum in 'hofstêd' neamd. Dat wol sizze in wichtige parochje. Letter waard der ek bûten de terp boud. Foaral by de feart kaam der letter bebouwing.

De Hallumer Trekfeart

It doarp waard ûntsletten troch de Hallumer Mear nei Bartlehiem. 'Mear' betsjut grinsskieding. Yn 1648 waard der in jaachpaad neist de feart oanlein. No wurde der huzen, yn it plan 'Oer de Feart', boud. Boatsjeminsken hawwe sa harren boat foar de doar lizzen. Der wurdt tocht dat de Hallumer Feart sa ek brûkt wurde kin foar de rekreaasje.

Yndustry

Om 1800 hinne wurde der 8 sûkereifabriken neamd. Hallum wurdt no ek wol it bakkersdoarp neamd. Der stiet in banketfabryk en in fabryk, dêr't bakken makke wurde. Fierders is der noch in metaalfabryk, dat begûn is as ûnderstypjend foar de suvelfabrik.

De States

Sytsjemastate yn al syn gloarje

Om Hallum hinne leinen alear in protte staten. De wichtichste wie Goslingastate fan 2½ bunder. Nei de Goslinga's is it oergien nei de Roorda's. Dy waarden wer opfolge troch de Burmania's. Yn 'e rin fan de tiid is der in pleats foar yn 't plak kommen.

In oare state wie Sytsjemastate. Dy wurdt yn 1307 al neamd as wenplak fan Oene Sytsjema, grytman fan Ferwerderadiel. Letter binne dêr de Burmania's kommen. Sytsjemastate is yn 1798 ôfbrutsen. De stiennen waarden brûkt om de Waltastate yn Boazum, dy't net rjochtlik ôfbrutsen wie, op 'e nij te bouwen. Tsjin Hijum oan lei Ondersmastate, better bekend as it Hûs fan Berou. Yn de 16e iuw is dêr in nije state boud. Yn 1800 wie dy al wer ôfbrutsen. Dan wiene der noch Feitsmastate en Jayemastate. Op Jajemastate hat Schelte Jajema wenne. Hy is yn 1228 yn in gefjocht sneuvele. De nammen fan de staten wurde yn ‘t ûnthâld holden troch strjitnammen.

Tsjerken

De kleasters

Under Hallum foelen twa kleasters. De ferneamde abdij Mariëngaarde en it nonnekleaster Genezareth, ek wol Nazareth neamd.

De Herfoarme Tsjerke

De Herfoarme tsjerke noch mei sealdtek yn 1732

De tsjerke is tawijd oan Sint Maarten. Neffens de libbensbeskriuwing fan Freark fan Hallum moat op it plak earder in tsjerke stien hawwe. Deryn wurdt ek beskreaun dat de pommeranten fan Hallum rûzje hienen. Dat moast útfochten wurde. In part flechte de tsjerke yn. De oaren wisten dêr wol rie op en stieken de tsjerke yn 'e brân. It âldste stik is de oanbou oan de noardkant. Letter hat dêr, nei't der wol tocht wurdt, it alter fan de fikarus, kapelaan, stien. Op dy oanbou stie in tuorke, yn 'e folksmûle 'De lytste toer' neamd. Dêr kin it oarspronklike angelusklokje yn hongen hawwe. Dy oanbou kin om 1100 hinne boud wêze as tsjerke. Der kaam ek in súdlike oanbou. De Hallumers sprekke oer de 'Koarte Gaarde'. Dat is in ferbastering fan Corps du Garde. Yn Frânske tiid wie der in Frânske besetting yn Hallum. De Hallumer toer wie in part fan it seinstelsel dat Napoleon oer syn hiele ryk brûkte foar it trochjaan fan befellen.

Yn 1804 wie Hallum yn 't nijs. By wurksumheden foel de sealdaktoer yn. It Hinz-oargel dat der noch mar sa'n 40 jier stie, waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn 1806 stie de spitse toer, sa as dy der noch stiet, der. Yn 1811 spile der wer in nije oargel. Dat is boud troch Johan Adolf Hillebrand, de masterfeint fan de oargelbouwers Albertus fan Gruisen en Soannen. It liket dat der nochal wat oan net yn 'e oarder west hat. Hartdoff en oaren hawwe der faak feroarings oan oanbrocht.

De preekstoel is makke yn 1773. Hy is ryk fersierd mei moai snijwurk fan Embderveld. Ek sit der oan de oargelkas snijwurk.

Yn de tsjerke hingje noch roubuorden dy't in oantinken jouwe oan de eardere Hallumer slachten.

Yn 1876 makke Jacob Douma it getten izeren stek om it tsjerkhôf hinne.

De Grifformearde tsjerke

De promininte Grifformearde tsjerke.
De Grifformearde tsjerke destiids.

Yn 1836 waard der troch Hendrik de Cock in ôfskieden tsjerke stifte. De gemeente groeide en der waard besletten om in eigen dûmny te beroppen. Dat waard Marten Annes Ypma fan Minnertsgea. Der waard ôfpraten dat salang hy noch by Tamme Foppes de Haan studearre, hy 200 gûne traktemint krije soe. As er klear wie, krige er 400 gûne. Yn 1845 wie dat safier. Doe blykte it dat de Hallumers fergetten wienen wat se fersein hienen. Ypma krige in berop fan in emigraasjeferieniging en gie yn 1846 nei Amearika. De Hallumers betochten te let dat it sa net moatten hie.

De ôfskieden gemeente is letter mei de ferieniging mei de dolearjenden meigien. Yn 1913 is de tsjintwurdige tsjerke, ûnder arsjitektuur fan de Grinzer arsjitekt Tjeerd Kuipers der kommen. Yn 1946 hat in part de Frijmakke Grifformearde Tsjerke stifte.

Yn 2006 hat de ferieniging mei de herfoarmen plak fûn. De Protestantske Gemeente hat as namme keazen: Prostestantske Gemeente 'Mariëngaarde' nei it eardere kleaster. As motto is der keazen foar wat oan de eardere Hallummer pastoar Freark fan Hallum taskreaun wurdt: 'God loovje en jins brea diele mei wa't it minder hawwe'. De grifformearde tsjerke hjit de Hoeksteen.

De Fermoanje

De fermoanje is der yn 1875 delset. Hallum hat al hiel lang in menniste-gemeente hân. No dielt er de dûmny mei Sint Anne.

Mienskip

It doarp hat in feriening fan Doarpsbelang en in kommisje foar it jierlikse doarpsfeest. It doarp hat twa skoallen: Op 'e Dobbe en It Fundamint. It iepenloftswimdbad hjit "De Sân Stjerren". It doarpsblêd hjit it Sân Stjerren Nijs. It histoarysk argyf komt te stean by it argyf op de side fan de LC.

Ferienings

  • De Koekefretters - shantykoar
  • Hallumer fanfare
  • Toanielferiening Hallum
  • KV Hallum - kuorbal
  • Wykels-Hallum - fuotbal
  • Keatsferiening Hallum
  • D'r Boppe op - biljerten
  • Turnlust - gymnastyk
  • Havot - folleybal
  • Tennisferiening Hallum
  • Diep Triest - darten

Befolking

Grutste puzel fan de wrâld

Yn novimber 2011 wie de grutste (yn searje makke) puzel fan de wrâld klear. Dy puzel fan 6x2 meter waard makke troch Henk Braak. Hy hie 14 moanne wurk om it 17 kilo swiere gefaarte mei 32.256 puzelstikjes dien te meitsjen. De foarstelling is in plaat fan keunstner Keith Haring besteande út kleurrike puzels besteande út 32 rjochthoeke foarstellings. Om de grutte puzel tsjin de muorre te krijen moast in raam wike, sadat ien grutte muorre ûntstean koe. Foarôfgeand hie Braak al ris in puzel fan 24.000 stikjes makke, dy't in grut oerwâld foarstelde.

Autocross

Alle jierren wurdt op de lêste sneon fan augustus de autocross fan Hallum hâlden dêr't sa'n 150 koereurs oan meidogge. Der wurdt riden yn fiif klassen: de Grand National Stockcar F1-klasse, de regioklasse H.A.C. 1600 (nei de organisearjende partij de Hallumer Autocross Club neamd), de frije klasse (foar de Durk Wagenaarbokaal), de keverklasse en de rodeoklasse. Oan de Grand National, foarhinne de massastart neamd, dogge sa'n 30 stockcars F1 mei, dy't stride om de Kafee H17-bokaal.

Bartlehiem Skeelertocht Ferwerderadiel

Sûnt 1988 wurdt alle jierren mei start en finish yn Hallum de Bartlehiem Skeelertocht Ferwerderadiel organisearre. De wedstriid oer 100 kilometer stiet bekend as iepen Nederlâns kampioenskip en is acht kear wûn troch Erik Hulzebosch. De rider dy't it measte oanfalt yn 'e wedstriid, krijt de Willem Poelstra Wikselbokaal, neamd nei de op 16 oktober ferstoarne marathonrider Willem Poelstra (24) út Hijum. Tagelyk mei de wedstriid wurdt ek in toertocht organisearre.

Berne yn Hallum

Strjitten

Sjoch ek

Keppeling om utens