Omar Sharif: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 31: Rigel 31:
[[File:Geraldine_Chaplin_-_Omar_Sharif.jpg|right|thumb|200px|Sharif mei [[Geraldine Chaplin]] yn ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]).]]
[[File:Geraldine_Chaplin_-_Omar_Sharif.jpg|right|thumb|200px|Sharif mei [[Geraldine Chaplin]] yn ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]).]]


In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e [[Spaanske Boargeroarloch]], yn 'e film ''Behold a Pale Horse'' ([[1964]]). Ek spile er in [[Joegoslaavje|Joegoslavyske]] [[partizanen|partizaan]] yn ''The Yellow Rolls-Royce'' (1964), de [[Mongoalen|Mongoalske]] feroverder [[Dzjengis Khan]] yn ''Genghis Khan'' ([[1965]]), in [[Dútslân|Dútsk]] militêr yn ''The Night of the Generals'' ([[1967]]), [[Rudolf, kroanprins fan Eastenryk]] yn ''Mayerling'' ([[1968]]) en de [[Argentynje|Argentynske]] revolúsjonêr [[Che Guevara]] yn ''Che!'' ([[1969]]). Syn bekendste rol útsein dy fan sjaryf Ali yn ''Lawrence of Arabia'' hie Sharif lykwols yn [[David Lean]] syn [[epos|epyske]] leafdesferhaal ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]), in adaptaasje fan 'e [[roman]] mei deselde namme út [[1957]] fan 'e [[Ruslân|Russyske]] [[skriuwer]] [[Boris Pasternak]]. Yn dy film, dy't ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] en de [[Russyske Revolúsje]] spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e [[dokter]] en [[dichter]] Jûry Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e [[Sovjet-Uny]] tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in ''[[Golden Globe]]'' foar bêste manlike akteur yn in spylfilmdrama.
In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e [[Spaanske Boargeroarloch]], yn 'e film ''Behold a Pale Horse'' ([[1964]]). Ek spile er in [[Joegoslaavje|Joegoslavyske]] [[partizanen|partizaan]] yn ''The Yellow Rolls-Royce'' (1964), de [[Mongoalen|Mongoalske]] feroverder [[Dzjengis Khan]] yn ''Genghis Khan'' ([[1965]]), in [[Dútslân|Dútsk]] militêr yn ''The Night of the Generals'' ([[1967]]), [[Rudolf, kroanprins fan Eastenryk]] yn ''Mayerling'' ([[1968]]) en de [[Argentynje|Argentynske]] revolúsjonêr [[Che Guevara]] yn ''Che!'' ([[1969]]). Syn bekendste rol útsein dy fan sjaryf Ali yn ''Lawrence of Arabia'' hie Sharif lykwols yn [[David Lean]] syn [[epos|epyske]] leafdesferhaal ''Doctor Zhivago'' ([[1965]]), in adaptaasje fan 'e [[roman]] mei deselde namme út [[1957]] fan 'e [[Ruslân|Russyske]] [[skriuwer]] [[Boris Pasternak]]. Yn dy film, dy't ûnder de [[Earste Wrâldoarloch]] en de [[Russyske Revolúsje]] spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e [[dokter]] en [[dichter]] Joery Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e [[Sovjet-Uny]] tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in ''[[Golden Globe]]'' foar bêste manlike akteur yn in spylfilmdrama.


In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice, yn 'e film ''Funny Girl'' ([[1968]]). Syn tsjinspylster wie dêrby de [[Joaden|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[sjongster]] [[Barbra Streisand]] yn har earste filmrol. ''Funny Girl'' waard yn [[1967]] opnommen, wylst yn it [[Midden-Easten]] de [[Seisdeiske Oarloch]] útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de [[Israel]] oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard dy yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch ''Funny Lady'', út [[1975]].
In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice, yn 'e film ''Funny Girl'' ([[1968]]). Syn tsjinspylster wie dêrby de [[Joaden|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[sjongster]] [[Barbra Streisand]] yn har earste filmrol. ''Funny Girl'' waard yn [[1967]] opnommen, wylst yn it [[Midden-Easten]] de [[Seisdeiske Oarloch]] útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de [[Israel]] oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard dy yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch ''Funny Lady'', út [[1975]].

De ferzje fan 15 feb 2017 om 11.36

Omar Sharif
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Omar Sharif
(berne as Michel Demitri Chalhoub)
nasjonaliteit Egyptysk
berne 10 april 1932
berteplak Aleksandrië (Egypte)
stoarn 10 july 2015
stjerplak Kaïro (Egypte)
etnisiteit Libaneesk-Arabysk
jierren aktyf 19542015
prizen 3x Golden Globe
César 2004
offisjele webside
gjint

Omar Sharif (Arabysk: عمر الشريـف‎, sekuerdere transliteraasje: ‘Umar Eš-Šarīf; útspr.: ['ʕumɑɾˤ ɛʃɪ'ɾi:f]; berne as: Michel Demitri Chalhoub; Aleksandrië, 10 april 1932Kaïro, 10 july 2015) wie in Egyptysk akteur fan Libaneesk komôf. Hy sette syn karriêre yn 'e fyftiger jierren yn syn eigen lân útein, en wûn dêrby ek bekendheid troch syn houlik mei de ikoanyske Egyptyske aktrise Faten Hamama, wêrfoar't er him ta de islaam bekearde. Yn 'e sechstiger jierren briek er ynternasjonaal troch mei rollen yn klassike Ingelsktalige films as Lawrence of Arabia, Dr. Zhivago en Funny Girl. Hy waard nominearre foar in Oscar en wûn trije Golden Globes, en wie behalven yn Amerikaanske en Britske films ek te sjen yn Frânske, Italjaanske, Spaanske, Grykske en Arabyske produksjes. Njonken syn aktearkarriêre wie Sharif ek in libbenslange entûsjast fan it kaartspul bridge (dêr't er ferskate boeken oer publisearre), en teffens wied er grut leafhawwer fan hynstekoertsen.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Omar Sharif waard yn 1932 berne yn 'e Egyptyske havenstêd Aleksandrië, as Michel Demitri Chalhoub, yn in melkitysk Gryksk-katolyk gesin fan Libaneesk komôf. Syn heit, Joseph Chalhoub, wie in foaroansteand keapman yn djoere houtsoarten dy't oarspronklik út Zahlé kaam en koart nei de iuwwiksel nei Egypte emigrearre wie. Doe't Sharif fjouwer jier wie, ferhuze it gesin nei de Egyptyske haadstêd Kaïro, dêr't er fierder opgroeide. Syn mem, Claire Sa'ada, waard dêr in bekend gastfrou foar de hegerein, en kening Farûk kaam oant syn ôfsetting yn 1952 geregeldwei by de Chalhoubs oer de flier.

Sharif learde oan it Fiktoariakolleezje yn Aleksandrië, dêr't syn talint foar talen oan it ljocht kaam, en letter oan 'e Universiteit fan Kaïro, dêr't er ôfstudearre yn wis- en natuerkunde. Dêrnei wurke er ferskate jierren foar syn heite ûndernimming, oant dy yn 1952 yn 'e swierrichheden kaam troch nasjonalisaasjes en oare beheinings fan 'e frije hannel doe't yn Egypte de republyk útroppen waard en Gamal Abdel Nasser oan it bewâld kaam. Sharif teach dêrop nei Londen, dêr't er in aktearoplieding foalge oan 'e Royal Academy of Dramatic Art. Hy feroare yn namme yn "Omar Sharif" doe't er him yn 1955 ta de islaam bekearde om mei aktrise Faten Hamama trouwe te kinnen.


Aktearkarriêre

Yn 1954 sette Sharif yn Egypte útein mei syn aktearkarriêre, mei in rol yn 'e film Shaytan Al-Sahra ("Duvel fan 'e Woastyn"). Datselde jiers noch spile er ek mei yn Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hy rekke al gau ferneamd, en spile neitiid mei yn grutte Egyptyske produksjes as La Anam ("Sliepleas"; 1958), Sayyidat al-Qasr ("Frouwe fan it Paleis"; 1959) en Nahr el Hub ("De Rivier fan 'e Leafde"; 1961), in adaptaasje fan Anna Karenina.

Yn 1962 spile Sharif foar it earst yn in Ingelsktalige film, doe't er troch de Britske regisseur David Lean cast waard yn 'e rol fan sjaryf Ali yn it histoaryske epos Lawrence of Arabia (oer T.E. Lawrence). Dy rol levere Sharif in nominaasje op foar in Oscar yn 'e kategory bêste manlike byrol, wylst er der in Golden Globe mei wûn yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in spylfilm en in dielde Golden Globe yn 'e kategory nije stjer fan it jier (akteur). Filmkenners beskôgje Lean syn kar foar Sharif om in rol te ferfoljen dy't no rûnom beskôge wurdt as ien fan 'e dreechste byrollen yn 'e skiednis fan Hollywood, as tige riskant, mei't de man doedestiden bûten syn heitelân Egypte frijwol folslein ûnbekend wie.

Syn earst Ingelsktalige rol betsjutte foar Sharif ek daliks syn ynternasjonale trochbraak, en yn 'e folgjende pear jier spile er yn ferskate oare Westerske films, wêrby't er folop profitearre fan syn ûndúdlike etnisiteit, mei't er behalven foar in Arabier likegoed trochgean koe foar in Spanjert, in Italjaan, in Gryk, in Turk, in Joegoslaaf, in Rus, in Meksikaan, in Kubaan of sels in wat dûnker útfallen Middenjeropeaan. Dêrby spriek er behalven Arabysk en Ingelsk ek floeiend Frânsk, Spaansk, Italjaansk en Gryksk, neffens himsels "[...] mei in aksint dat my by steat stelde en spylje de rol fan in frjemdling sûnder dat wa ek krekt wist wêr't ik wei kaam [...]" Dêr makke Sharif gebrûk fan troch behalven yn Arabyske en Ingelsktalige films ek oan Frânske, Italjaanske, Spaanske en Grykske produksjes mei te wurkjen.

Sharif mei Geraldine Chaplin yn Doctor Zhivago (1965).

In protte lof krige er foar syn rol as de preester Francisco yn 'e Spaanske Boargeroarloch, yn 'e film Behold a Pale Horse (1964). Ek spile er in Joegoslavyske partizaan yn The Yellow Rolls-Royce (1964), de Mongoalske feroverder Dzjengis Khan yn Genghis Khan (1965), in Dútsk militêr yn The Night of the Generals (1967), Rudolf, kroanprins fan Eastenryk yn Mayerling (1968) en de Argentynske revolúsjonêr Che Guevara yn Che! (1969). Syn bekendste rol útsein dy fan sjaryf Ali yn Lawrence of Arabia hie Sharif lykwols yn David Lean syn epyske leafdesferhaal Doctor Zhivago (1965), in adaptaasje fan 'e roman mei deselde namme út 1957 fan 'e Russyske skriuwer Boris Pasternak. Yn dy film, dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch en de Russyske Revolúsje spilet, fertolke Sharif de titelrol fan 'e dokter en dichter Joery Zjivago. Sawol it boek as de film wiene yn 'e Sovjet-Uny tritich jier lang ferbean. Foar dizze rol wûn Sharif in Golden Globe foar bêste manlike akteur yn in spylfilmdrama.

In oare bekende rol fan Sharif wie dy fan Nicky Arnstein, de man fan it titelpersonaazje Fanny Brice, yn 'e film Funny Girl (1968). Syn tsjinspylster wie dêrby de Joadsk-Amerikaanske sjongster Barbra Streisand yn har earste filmrol. Funny Girl waard yn 1967 opnommen, wylst yn it Midden-Easten de Seisdeiske Oarloch útfochten waard tusken Egypte en syn Arabyske bûnsgenoaten oan 'e iene kant en de Israel oan 'e oare kant. Fanwegen Streisand har lûdroftige stipe foar Israel krige Sharif foar syn beslissing om oan dy film mei te wurkjen lêst mei it Egyptyske regear, en hy makke it foar himsels noch nammenste minder troch in romantyske relaasje mei Streisand te begjinnen. Doe't de film it oare jiers útkaam, waard dy yn Egypte en in grut tal oare Arabyske lannen daliks ferbean. Sharif loek him dêr lykwols neat fan oan, en spile op 'e nij de rol fan Nicky Arnstein yn it ferfolch Funny Lady, út 1975.

Omar Sharif yn 1993.

Oare films dêr Sharif yn spile, wiene de western Mackenna's Gold (1969), mei Gregory Peck; de skriller Juggernaut (1974), mei Richard Harris; en it romantyske drama The Tamarind Seed (1974), mei Julie Andrews. Yn 1976 hied er in kameoroltsje yn 'e komeedzje The Pink Panther Strikes Again, en yn 1984 wied er mei in selde soarte fan roltsje te sjen yn 'e spionaazjeparody Top Secret!, wylst er oan it begjin fan The 13th Warrior (1999) in koarte rol hie as de mentor fan 'e haadpersoan, spile troch Antonio Banderas. Yn 2003 fertolke Sharif de haadrol yn 'e Frânske film Monsieur Ibrahim, in adaptaasje fan 'e roman Monsieur Ibrahim et les Fleurs du Coran, fan Éric-Emmanuel Schmitt, as in islamityske Turkske keapman dy't de rol fan heit op him nimt foar in Joadske jonge. Mei dat optreden wûn Sharif de César du Cinéma (de wichtichste Frânske filmpriis) yn 'e kategory bêste akteur.

Behalven as filmakteur wie Sharif yn syn mear as sechstichjierrige aktearkarriêre ek op 'e tillefyzje te sjen yn in ferskaat oan tillefyzjefilms en minysearjes. Sa hied er de rol fan Koda Dad yn 'e rige The Far Pavilions (1984), dy't yn Britsk-Ynje spilet; fertolke er de rol fan Russyske prins Fjodor Romodanovsky yn 'e minysearje Peter the Great (1986), oer tsaar Peter de Grutte; en wied er te sjen as tsaar Nikolaas II yn 'e rige Anastasia: The Mystery of Anna (1986). Fierders spile er in Marokkaansk bedoeïnehaadman yn 'e rige Maktub: The Law of the Desert (1992), en fertolke er de rol fan Jetro, de skoanheit fan 'e Joadske profeet Mozes, yn 'e minysearje The Ten Commandments (2006).

Sharif jout in bridgedemonstraasje yn Nederlân (1967).

Bridge

Sharif wie ek alhiel besleifere fan it kaartspul bridge en hearde op in stuit ta de fyftich bêste bridgespilers fan 'e wrâld. Mei Charles Goren skreau er ferskate jierren lang in kollem foar de Amerikaanske krante de Chicago Tribune, al liet er dêrby it eigentlik skriuwwurk fierhinne oer oan Tannah Hirsch. Fierders wie Sharif de auteur fan ferskate publikaasjes op it mêd fan bridge, en liet er yn 1992 in bridge-kompjûterspultsje op it ûnder syn namme publisearje as Omar Sharif on Bridge, dat oarspronklik útbrocht waard yn in MS-DOS- en in Amiga-ferzje, mar dat tsjintwurdich noch altyd beskikber is foar Windows en mobile tillefoans.

Priveelibben

Sharif troude mar ien kear yn syn libben, en dat wie mei de yn har eigen lân wiidferneamde Egyptyske aktrise Faten Hamama. Hy kaam mei har yn 'e kunde doe't se yn 1954 syn tsjinspylster wie yn 'e film Sira‘ Fi al-Wadi ("Striid yn 'e Delling"). Hoewol't Hamama oant dy tiid altyd wegere hie om foar de kamera te tútsjen, makke se datoangeande foar Sharif in útsûndering. Hja waarden fereale opinoar en hy bekearde himsels ta de islaam sadat er noch datselde jiers mei har trouwe koe. Se krigen ien soan, Tarek El-Sharif, dy't berne waard yn 1957 (en yn Doctor Zhivago yn in flashback de rol fan 'e dokter as achtjierrich bern spile). Yn 1965, doe't it rezjym fan Nasser him reisbeheinings oplizze woe, gie Sharif yn frijwillige ballingskip yn Jeropa, wat úteinlik ta de ein fan syn houlik late, om't Hamama om utens net aardzje koe. Hja giene yn 1966 as freonen útinoar, en skieden formeel yn 1974. Sharif woe letter hawwe dat Faten Hamama de iennichste frou wie dêr't er ea fereale op wurden wie.

Omar Sharif yn 2009 mei de Libaneeske sjongster en aktrise Cyrine Abdelnour.

Oer syn affêre mei Barbra Steisand, yn 1967, sei Sharif neitiid dat er har by harren earste moeting net bjuster oantreklik fûn, mar dat er al rillegau ûnder har tsjoen rekke. Dat koste him op in hier nei syn Egyptyske nasjonaliteit. Under de produksje fan Lawrence of Arabia rekke Sharif goed befreone mei de Iersk-Britske akteur Peter O'Toole, dy't yn dy film de titelrol fertolke. In oare freon fan sines wie de foaroansteande Egyptyske egyptolooch Zahi Hawass. Fierders kaam út Sharif syn fassinaasje mei hynsteracen ek in libenslange freonskip mei hynstetrener David Smaga fuort. Sharif wie faak te finen op 'e Frânske racebanen en wie sels eigner fan in stikmannich hynders dy't ferskate prizen wûnen. Nei geraden dat er âlder waard, sette Sharif him wer yn Kaïro nei wenjen, yn 'e neite fan syn famylje. Underwilens hied er ek twa pakesizzers krigen, Omar Sharif jr., berne yn Montreal, yn 1983, dy't ek akteur is, en Karim Sharif.

Ferstjerren

Yn maaie 2015 waard nei bûten ta brocht dat Sharif oanhelle rekke wie mei de sykte fan Alzheimer. Op 10 july 2015, minder as in healjier nei it ferstjerren fan syn eks-frou Faten Hamama, kaam Sharif yn 'e âlderdom fan 83 jier yn in Kaïreensk sikehûs te ferstjerren nei't er troffen wie troch in hertoanfal. Syn útfeart waard op 12 july yn it bywêzen fan famylje, freonen en kunde holden yn 'e Grutte Moskee fan Mushir Tantawi, yn eastlik Kaïro. Syn deakiste waard drapearre mei in Egyptyske flagge.

Publikaasjes

  • 1976 – Éternel Masculin (mei Marie-Thérèse Guinchard; yn 1977 oerset yn it Ingelsk as The Eternal Male)
  • 1980 – Goren's Bridge Complete (mei Charles Goren)
  • 1982 – Ma Vie au Bridge (mei Anne Segalen en Patrick Sussel; yn 1983 oerset yn it Ingelsk as Omar Sharif's Life in Bridge)
  • 2004 – Omar Sharif Talks Bridge
  • ???? – Bridge Deluxe II Play with Omar Sharif (bridgehânlieding)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.