Ferskil tusken ferzjes fan "Westlik griis iikhoarntsje"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
gjin bewurkingsgearfetting
 
==Hâlden en dragen==
Westlike grize iikhoarntsjes binne útslutend by deiljocht aktyf. Se fûrazjearjefoerazjearje wol op 'e grûn, mar weagje har nea fier fan [[beam]]men ôf, en ferpleatse har it leafst fan beam nei beam. Yn ferhâlding mei it (eastlike) [[grize iikhoarntsje]] (''Sciurus carolinensis'') is it westlike grize iikhoarntsje in tige skou bistke, dat beskûl siket yn in beam sadree't er fersteurd wurdt, en dêrwei dan utering jout oan syn ûnfernoegen mei heaze sjirpende skellûden. By sokke gelegenheden spriedt er syn [[plomsturt]] noch wider út as dat er oars al docht, sadat it wol liket as sit er ûnder in [[paraplu]]. Mooglik dat soks helpt om him tsjin [[rôffûgels]] te beskermjen. Hy harket skerp nei de alaarmroppen fan soartgenoaten, oarsoartige iikhoarntsjes en [[sjongfûgels]], en as er sa'n warskôgingsgjalp hearre, jout er dy sels ek troch, wat in rêstich bosk feroarje kin yn in tsjotterjend en sjirpend leven fan komsa.
 
Westlike grize iikhoarntsjes hâlde gjin [[wintersliep]], mar se binne [[winter]]deis wol minder aktyf as yn oare [[jiertiid|jiertiden]]. Se bouwe twa soarten in nêsten: in ienfâldich sliepplatfoarm dat se it grutste part fan it jier brûke, en in rûn nêst om 'e winter yn troch te bringen en jongen yn it smiten. Beide nêstfoarmen wurde makke fan stokjes en twiichjes, [[blêd (plant)|blêden]], [[moas]], [[koarstmoas]], stikjes [[skors]] en soms [[hier (begroeiïng)|hier]]. Jongere bisten, en ek wol âldere eksimplaren dy't ûnderweis binne of lêst hawwe fan it waarme [[waar]], sliepe soms ek wol sa op 'e keale beamtûke.
10.424

bewurkings

Navigaasjemenu