Springe nei ynhâld

Ekskommunikaasje: ferskil tusken ferzjes

kt
(nije side)
 
(kt)
 
'''Ekskommunikaasje''' of '''yn de ban dwaan''' is yn [[kristendom|kristlike]] [[tsjerke|tsjerklike]] fermiddens de heechste foarm fan [[bestraffing]], wêrby't in [[tsjerke]]lid troch it [[tsjerke]]bestjoer út 'e mienskip set[[ferballe]] wurdt. Soks kaam fan âlds benammen foar yn 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], dêr't soks troch de [[paus]]en fan [[Rome (stêd)|Rome]] as in wapen brûkt waard tsjin [[roomsk-katolisisme|roomsen]] dy't der in ôfwikende miening op nei holden oer [[religy|religieuze]] ûnderwerpen (wat as [[ketterij]] beskôge waard). Troch sokken yn 'e ban te dwaan waarden se ôfsnien fan 'e (roomske) leauwensmienskip en waard harren de tatsjinning fan 'e [[sakremint]]en, dy't yn it [[roomsk-katolisisme]] in sintraal en krúsjaal plak ynnimme, ûntholden. It doel dêrfan wie om sokke [[ketter]]s te twingen om har eigen ideeën op te jaan en har del te jaan ûnder de offisjele [[dogma]]tyk fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
 
In ferneamd gefal fan ekskommunikaasje die him yn 'e [[Midsiuwen]] foar, nei't der in skeel ûntstien wie tusken [[paus]] [[Gregoarius VII]] en de [[Hillige Roomske Ryk|Hillige Roomske]] [[keizer]] [[Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk|Hindrik IV]] oer de saneamde [[ynvestituerstriid|ynvestituer]] (koartsein: wa fan har beiden oft yn it [[Hillige Roomske Ryk]] [[biskop]]pen beneame mocht). Yn [[1076]] late dy rûzje ta de ekskommunikaasje fan Hindrik IV troch de paus, wêrnei't de keizer de fernederjende [[Gong nei Canossa]] meitsje moast om him oan Gregoarius te ûnderwerpen. Fan 'e [[Reformaasje]] ôf ferlear it wapen fan 'e ekskommunikaasje lykwols oan macht; de [[tsjerke]]herfoarmer [[Marten Luther]], dy't yn [[1521]] ekskommunisearre waard, sette neitiid gewoan syn eigen [[Lutherske Tsjerke]] op, en fielde gjin oanstriid om him mei de paus te fermoedsoenjen.
[[Kategory:Tsjerkerjocht]]
[[Kategory:Bestraffing]]
[[Kategory:Ferballing]]