Ferskil tusken ferzjes fan "Priis (ûnderskieding)"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
red
L (noch wat)
L (red)
 
In '''priis''' is in [[ûnderskieding]] dy't men kriget foar in beskate prestaasje. Faak giet it der dêrby om wa't de bêste, fluchste of sterkste yn 'e iene of oare aktiviteit is, mar prizen wurde ek wol ferjûn foar oarsoartige prestaasjes. Dejinge dy't in priis takend kriget, wurdt ornaris oantsjut as de (priis)winner. As it om in [[sport]]wedstryd giet, kin ek sprutsen wurde fan in [[kampioen]]. Faak omfiemet in priis in taastber [[symboal]] fan 'e oerwinning, lykas in [[medalje]], in [[beker (priis)|beker]], in [[krâns (priis)|krâns]] of in [[oarkunde]]. Faak is der oan in priis njonken it ymmateriële [[prestiizje]] en it taastbere bewiis boppedat in beskaat [[jild]]bedrach ferbûn.
 
By sportwedstriden is it wizânsje om 'e winner in [[goudene medalje]] te jaan, wylst dejinge dy't it twadde plak behelle hat, in [[sulverne medalje]] kriget en dejinge dy't it trêde plak behellet in [[brûnzene medalje]]. De heechste of wichtichste priis hjit by eltse gelegenheid de '''haadpriis'''. Foar in ferliezer is der by guon priisútrikkings in [[treastpriis]] of in [[earfolle fermelding]]. In [[oeuvrepriis]] wurdt ferjûn oan [[skriuwer]]s en [[keunstner]]s, net foar in spesifike prestaasje, mar foar harren hiele [[oeuvre]]. De winner fan in [[publykspriis]] wurdt útornearre troch it [[publyk]], yn tsjinstelling ta de winner fan in [[sjuerypriis]], dy't bepaald wurdt troch in [[faksjuery]]. In [[ûnderskieding]] is in priis yn 'e foarm fan in [[eareteken]], dat troch in hegere [[autoriteit]] oan immen tawiisd wurdt fanwegen syn fertsjinsten of as [[earbetoan]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=

Navigaasjemenu