Petrus (apostel): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 48: Rigel 48:
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat]]
[[Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat]]
[[Kategory:Hebriuwsk hillige]]
[[Kategory:Roomsk-katolyk hillige]]
[[Kategory:Roomsk-katolyk hillige]]
[[Kategory:Anglikaansk hillige]]
[[Kategory:Anglikaansk hillige]]

De ferzje fan 13 jan 2017 om 21.04

Sint Petrus

Petrus is in persoan út it nije testamint en ien fan de tolve apostels fan Jezus Kristus. Hy jildt foar de katoliken as de earste paus. Yn keunst en ikoanografy is Petrus hast altyd wer te kennen oan syn griis burd en oan de kaaien fan de himel, dy’t it amt fan de paus symbolisearje. Oare attributen binne in omkeard krús en in hoanne.

Persoan

De krusiging fan Petrus

Petrus wie in fisker op de Mar fan Tiberias. Hy hjitte Simon Bar Jona. Syn broer Andreas late him nei Jezus, dy’t syn preekjen noch mar krekt begûn wie. Jezus neamde him yn it Arameesk Keefas, yn it Gryksk oerset as Petros, dat 'rots' betsjut. Hy begeliede Jezus troch hiel syn iepenbiere libben. Gjin oare apostel komt yn it evangeelje sa faak foar, wêrby hy soms út namme fan alle apostels it wurd fiert. Nei de dea, opstanning en de Himelfeart fan Jezus Kristus kaam Petrus nei foaren om op te treden as lieder fan de learlingen. Yn de tiid fan keizer Nearo waard Petrus krusige. Petrus fûn syn lêste rêstplak flakby it stadion fan de Fatikaanske heuvel dêr't er krusige is. Petrus waard neffens sizzen op syn eigen fersyk ûndersteboppe krusige, mei de holle nei ûnderen. In útlis wie dat er dat die om sjen te litten dat nei de komst fan Kristus alle ferhâldingen omkeard wienen.

Petrus spile yn it begjin fan de tsjerke in sintrale rol, dy’t ûnder mear yn de hannelingen beskreaun en troch tsjerkeheiten oerlevere is. De oerlevering seit dat de stifting fan de tsjerken yn Rome, Antiochië en Jeruzalim oant Petrus ta tebek giet. Foar it ferbliuw fan Petrus yn Rome rikke boarnen tebek oant it nei-apostoalyske tiidrek mei it Earste Brief fan Klemins oan de Kristenen fan Korinte en de brief fan Dionysius oan de Kristenen fan Rome. It stânpunt dat Petrus no echt yn Rome west hat, wurdt faak beynfloede troch it stânpunt dat de persoan hat oer de legitimiteit fan it katolike petrusamt.

It evangeelje omskriuwt Petrus as de rots fan de tsjerke: "Jo binne Petrus, en op dizze stienrots sil ik myn tsjerke bouwe en de poarten fan de hel sille harren net oerweldigje. Ik sil jo de kaai jaan fan it himelske keninkryk, en wat jo op ierde bine sil ek yn de himel bûn wêze, en wat jo op de ierde ûntbine, sil ek yn de himel ûntbûn wêze." - Mattéus 16:18-19. It is syn opjefte om syn bruorren yn it leauwen te fersterkjen: "Ik haw foar jo bidden, dat jo leauwen net fersaakje sil, at jo ta ynkear kommen binne, sterkje dan op jo bar jo bruorren." - Lukas 22:34 - en hy is de herder fan Kristus syn kudde: "Doe't se iten hienen frege Jezus oan Simon Petrus: ‘Simon soan fan Jehannes, hast do my leaf, mear dan de oaren hjir’. ’Ja, hear’, sei hy, ‘jo witte dat ik fan jo hâld’. Dêrop sei Jezus: ‘soarge dan foar myn kudde." - Jehannes 21:15-.

Pausamt

De kaai fan de himel dy't Petrus fan Jezus krige.

Der waard al betiid klam lein op de bysûndere rol fan Petrus as biskop fan Rome, troch Apostoalyske heiten en tsjerkeheiten as Tertullianus, Klemens fan Aleksanderje, Irenaeus fan Lyon, Ignatius fan Antiochje, Syrillus fan Jeruzalim en Syprianus. Sy skreaunen de biskoppen fan Rome in bysûndere ferantwurdlikens foar de ienheid fan de Kristenen ta. Bygelyks, de striid om it Sabellianisme, it Marsionisme en it skisma tsjin paus Novatianus. Op dizze wize ûntwikkele de tsjerke de Eklesiology-teology fan it Petrusamt.

Ferearing

It Adikulamonumint wurdt ornaris sjoen as it grêfmonumint fan de apostel Petrus. Dizze stien is lykwols troch keizer Kaligula út it Egyptyske Heliopolis plondere en yn it Sirkus delsetten. De opskriften dy't yn de read-graniten stien beitele binne, binne der ynset ta eare fan de Romeinske keizers Augustus Oktavianus en Tiberius.

De tombe fan Petrus.

Yn Petrus syn tiid waard it lichem ornaris flakby de eksekúsje begroeven. Dat is ek bard mei it lichem fan Petrus. Al gau is der in lyts monumintsje delsetten as werkenning foar de pylgers dy’t it grêf besykje woenen, en om foar te kommen dat it grêfmonuminten dy't yn dy tiid boud waarden foar rike boarchers, it grêf ûnberikber meitsje soenen. Troch keizer Konstantijn is der de earste Sint-Piters basilyk boud, dy’t oant de 16e iuw stien hat. Boppe-op het grêf is it alter setten. De Sint-Piter fan no is op it selde plak boud. By renovaasjewurk yn de jierren '30 fan de 20e iuw is it grêf fan Petrus iepene. Yn dat grêf lei in ridlik goed bewarre skelet fan in stevich boude man fan in jier of 60-70. Algemien giet men der fan út dat dit de stoffelike resten binne fan de Joadske fisker Simon, de apostel fan Jezus.

Petrus hat trije feestdagen. De wichtichste is it Heechfeest fan Petrus en Paulus op 29 juny - neffens de oerlevering binne de beide apostels op deselde dei en yn deselde oere stoarn. De befrijing fan Petrus wurdt fierd op 1 augustus mei it feest fan Sint Petrus- bannen. Op 22 febrewaris wurdt yn de katolike tsjerke it leargesach Ex Cathedra mei it feest fan Petrus' stoel fierd.

Ikoan fan Sint Piter út de sechsde iuw.

Petrus is de patroanhillige fan de abdijen fan Bath en Berchtesgaden, fan Bremen, Chartres, Abdij fan Dendermonde, Keulen, Trier, Las Vegas, it bisdom Jackson, Köpenick, Leien, Lessen, Leuven, Maastricht, Moissac, Naumburg, Obermarsberg, Oostende, Sint-Petersburch, it bisdom Filadelfia, Sint-Pieters-Rode, Poznań, it bisdom Providence, Puurs, Regensburch, Rome, Umbrië en Worms, en fjierder fan de tsjerke, de pausen, bakkers, de boetelingen, brêgebouwers, de fiskers, de fiskehannelers, de glêzebiters, de leadjitters, de mitselers, de oerwurkmakkers, de pottebakkers, de segelbrânders, de skippers, de skipsbouwers, de skrynwurkers, de skuonmakkers, slachters, de slotmakkers, de smeien en de stienkappers. Petrus wurdt oanroppen by skipbrekken, troch jonge froulju, boetelingen, by sinsfertsjustering, slangebiten, hûnsdollens, stellerij, foetpinen, koarts, besetenheid en by it fallen.

Geskriften

Kanonyk

It Nije Testamint telt twa brieven, wêrfan tocht wurdt dat se skeaun binne troch Petrus:

  • De earste brief fan Petrus
  • De twadde brief fan Petrus

Der is mear as ien mening oer de fraach oft ien of beide brieven pseudepigrafysk binne. De beide brieven wurde rûsd op op likernôch 65 of 100 nei Kristus.

Apokryf

It apokrive evangeelje fan Petrus is in koart passyferhaal, dat op guon punten dosetyske tinzen hat. It earste kommentaar oer dizze apokrive komt út de 4e iuw fan Eusebius fan Caesarea fan likernôch 210. De bewarre tekstfragminten komme út de 6e en 8e iuw. Oer it evangeelje fan Petrus hat net in protte diskusje west by de kanonfoarming fan it Nije testamint; it waard frij algemien as apokryf beskôge.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Petrus fan Wikimedia Commons.