Changes

Jump to navigation Jump to search
2.028 bytes added ,  2 jier lyn
oanf
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske [[folkstelling]] fan [[2000]] hat fan 'e [[befolking]] fan Nij-Meksiko 28,8% it [[Spaansk]] as [[memmetaal]] en 4,1% it [[Navaho (taal)|Navaho]]. Sa'n 64% is fan hûs út [[Ingelsk]]talich. De [[Hispano's fan Nij-Meksiko]], it lânseigen diel fan 'e Latino-befolking fan 'e steat, sprekke Ingelsk of [[Nijmeksikaansk-Spaansk]]. Dat lêste is in [[dialekt]] fan it Spaansk dat karakterisearre wurde kin as in tige behâldende foarm dy't weromgiet op it [[Kastyljaansk]] út 'e [[santjinde iuw]]. Yn [[1995]] fierde Nij-Meksiko in twatalich [[folksliet]] yn: ''O' Fair New Mexico'' / ''Mi Lindo Nuevo México''. Yn [[2008]] waard it earste Navaho-talige [[skoalboek]] ynfierd foar it [[iepenbier ûnderwiis]].
[[File:Santa Fe San miguel chapel.jpg|right|thumb|250px|De San Miguel-kapel yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]], de âldste [[tsjerke]] fan Nij-Meksiko, boud yn [[1610]].]]
 
===Godstsjinst===
Op it mêd fan [[godstsjinst]] bestie yn [[2008]] 75% fan 'e [[befolking]] fan Nij-Meksiko út [[kristendom|kristenen]], wêrûnder 42% [[roomsk-katolisisme|roomsen]] en 33% [[protestantisme|protestanten]]. Yn [[2010]] wiene de grutste protestantske denominaasjes de [[Súdlike Baptistekonvinsje]] mei goed 113.000 leden, de ([[mormoanen|mormoanske]]) [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]] mei krapoan 68.000 leden en de [[Feriene Metodistyske Tsjerke]] mei rom 36.000 leden. [[Ateïsme|Ateïsten]] en [[agnostisisme|agnosten]] foarmen yn [[2008]] 22% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene it [[joadendom]] en it [[boedisme]] (elts mei 2%). De oanhingers fan alle oare religyen mei-inoar makke 3% fan 'e Nijmeksikaanske befolking út.
 
==Klimaat==
Nij-Meksiko hat in [[klimaat]] dat oer it algemien [[drûchte|drûch oant tige drûch]] is en klassifisearre wurde kin as in [[woastynklimaat]] mei hjir en dêr eilantsjes fan [[steppeklimaat|steppe]]-, [[lânklimaat|lân]]- en [[heechberchtmeklimaat]]. Simmerdeis binne [[temperatuer]]en [[dei|oerdeis]] fan 38 °C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter sakket oant tusken de 10 en 15 °C [[dei|oerdeis]]. Rekôrtemperatueren wiene 50 °C, op [[27 juny]] [[1994]] yn 'e neite fan [[Loving (Nij-Meksiko)|Loving]], en –46 °C op [[1 febrewaris]] [[1951]] te [[Gavilan (Nij-Meksiko)|Gavilan]]. Nij-Meksiko kriget jiers yn trochsneed mar 350 mm [[delslach (waar)|delslach]].
 
==Keppelings om utens==
*{{en}}[http://www.newmexico.gov/ Offisjele webside fan it regear fan Nij-Meksiko]
*{{en}}[http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko op YouTube]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/New_Mexico ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|New Mexico}}
}}
 
{{Feriene Steaten}}
 
[[Kategory:Nij-Meksiko| ]]
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Histoaryske Spaanske koloanje]]

Navigaasjemenu