Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 79: Rigel 79:
De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de [[Frankryk|Frânske]] koloanje [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]] rekkene, dy't yn [[1863]], by de [[Frede fan Parys (1763)|Frede fan Parys]], yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn [[1800]] wer weromjaan moasten oan Frankryk. [[Napoleon]] lykwols, dy't it doe yn [[Parys]] foar it sizzen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e [[wrâldsee]]ën net folle mei it gebiet, dat yn [[1803]] ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de [[Feriene Steaten]], by in transaksje dy't bekendstiet as de [[Louisiana-oankeap]]. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.
De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de [[Frankryk|Frânske]] koloanje [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]] rekkene, dy't yn [[1863]], by de [[Frede fan Parys (1763)|Frede fan Parys]], yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn [[1800]] wer weromjaan moasten oan Frankryk. [[Napoleon]] lykwols, dy't it doe yn [[Parys]] foar it sizzen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e [[wrâldsee]]ën net folle mei it gebiet, dat yn [[1803]] ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de [[Feriene Steaten]], by in transaksje dy't bekendstiet as de [[Louisiana-oankeap]]. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.
[[File:Adobe pueblo revival.jpg|left|thumb|250px|Nije [[arsjitektuer]] yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] dy't him spegelet oan 'e [[tradysje|tradysjonele]] boustyl fan 'e [[Pûeblo-Yndianen]].]]
[[File:Adobe pueblo revival.jpg|left|thumb|250px|Nije [[arsjitektuer]] yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] dy't him spegelet oan 'e [[tradysje|tradysjonele]] boustyl fan 'e [[Pûeblo-Yndianen]].]]

Nei't yn [[1848]] it [[Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo]] in ein makke oan 'e twajierrige [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]], wie Meksiko twongen om syn hiele noardlike grinsregio, wêrûnder ek de provinsje Nij-Meksiko, ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. Neitiid joech Teksas by it saneamde [[Kompromis fan 1850]] yn ruil foar in bedrach fan [[$]]10 miljoen syn oanspraken op it eastlik diel fan Nij-Meksiko op, sadat op [[9 septimber]] [[1850]] it [[Territoarium Nij-Meksiko]] stifte wurde koe. Dêrta hearde net inkeld de tsjintwurdige steat Nij-Meksiko, mar ek de steat [[Arizona]], it uterste súdeasten fan [[Nevada]] en in stripe fan súdlik [[Kolorado]]. Yn [[1853]] skaften de Feriene Steaten fierders troch de saneamde [[Gadsden-oankeap]] fan Meksiko it tsjintwurdige Arizona besuden de rivier de [[Gila (rivier)|Gila]] en de [[Hakke fan Nij-Meksiko]] oan, in gebiet dat doe ek ta it [[territoarium (Feriene Steaten)|territoarium]] kaam te hearren.
{{wrapper}}
|[[File:Wpdms Arizona Territory 1860 ZP.svg|thumb|right|220px|It Territoarium Nij-Meksiko fan [[1850]] oant [[1866]] (de pearze omlining jout it diel fan it territoarium oan dêr't de [[Konfederearre Steaten fan Amearika|Konfederaasje]] ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch|Boarger-oarloch]] oanspraak op makke).]]
|-
|[[File:New Mexico Territory 1866 ZP.svg|thumb|right|220px|It Territoarium Nij-Meksiko fan [[1886]] oant [[1912]].]]
|-
|}

Under de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) spile Nij-Meksiko in lytse rol yn it [[front bewesten de Mississippy yn de Amerikaanske Boargeroarloch|front bewesten de Mississippy]], om't de [[Amerikaanske Suden|Súdlike]] [[Konfederearre Steaten fan Amearika]] oanspraak makken op 'e súdlike helte fan it Territoarium Nij-Meksiko (in gebiet dat oan 'e grins fan [[Kalifornje]] ta rikte). De Konfederaasje besocht dêr in eigen territoarium te foarmjen, dat [[Territoarium Arizona (Konfederearre Steaten fan Amearika)|Arizona]] komme moast te hjitten (net te betiizjen mei it lettere Amerikaanske territoarium mei dy namme).

Under de ambisjeuze [[Nij-Meksikokampanje]] foelen Konfederearre [[troepen]] út [[Teksas]] ûnder lieding fan [[generaal]] [[Henry Hopkins Sibley]] it gebiet begjin [[1862]] binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de [[Slach by Glorieta Pass]] twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn [[april]] by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei [[Feriene Steaten|Noardlike]] troepen ûnder [[kolonel]] [[Edward R.S. Canby]], dat bekend kaam te stean as de [[Slach by Albuquerque]]. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út [[Kolorado]] en [[Kalifornje]], holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it [[Noardlike Leger]] tsjinnen.

De ferzje fan 29 des 2016 om 22.41

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.



Steat Nij-Meksiko
State of New Mexico (Ingelsk)
Estado de Nuevo México (Spaansk)
flagge wapen
Crescit eundo
(Latyn, "Geandewei wurdt it grutter")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting NM
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1912)
haadstêd Santa Fe
grutste stêd Albuquerque
offisjele taal Ingelsk (de facto)
Spaansk (semy-offisjele status)
sifers
ynwennertal 2.085.572 (2014)
befolkingstichtens 6,6 / km²
oerflak 315.194 km² (wêrfan 0,2% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme Land of Enchantment
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.newmexico.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nij-Meksiko (betsjuttingsside).

Nij-Meksiko (Ingelsk: New Mexico, útspr.: [nu: 'mεksɨkoʊ], likernôch: "Nûû Meksikkoo"; Spaansk: Nuevo México, útspr.: ['nweβo 'mexiko], likernôch: "nweebo chikoo"; Navaho: Yootó Hahoodzo, útspr: [jo:to haho:dzo], likernôch: "jooto hahoodzo"), offisjeel de Steat Nij-Meksiko (Ingelsk: State of New Mexico; Spaansk: Estado de Nuevo México), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Meksiko, byneamd Land of Enchantment ("Lân fan Betsjoening"), leit yn 'e regio fan it Amerikaanske Súdwesten. De haadstêd is Santa Fe, mar de grutste stêd is Albuquerque. Neffens in skatting út 2014 hie de steat goed 2 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 36e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Meksiko mei goed 315.000 km² de 5e steat. Nij-Meksiko in in tinbefolke gebiet, dat bekend stiet om syn woastinen en syn Yndiaanske en Latino-kultueren.

Namme

Der wurdt gauris tocht dat Nij-Meksiko ferneamd is nei it oangrinzgjende Meksiko, in lân dêr't it 27 jier lang diel fan útmakke (fan 1821 oant 1848). Mar dat is net wier. Nij-Meksiko waard yn 1563 sa neamd troch iere Spaanske ûntdekkingsreizgers, mear as 250 jier foar't Meksiko as ûnôfhinklik lân syn namme oannaam (earder hiet Meksiko Nij-Spanje en wie it in Spaanske koloanje). Feitlik waard Nij-Meksiko ferneamd nei it Azteekske Ryk, dat yn it Azteeksk Mexica hiet, om't de Spanjerts mienden dat Nij-Meksiko Yndiaanske kultueren fan ferlykbere monetêre rykdom omfieme.

It wite sân fan it Nasjonaal Monumint White Sands.

Geografy

Nij-Meksiko hat in oerflak fan 315.194 km², wêrfan't 0,2% út wetter bestiet. It leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6), en grinzget yn it noarden oan 'e Amerikaanske steat Kolorado, yn it westen oan 'e steat Arizona, en yn it súdeasten en easten oan 'e steat Teksas. Yn it uterste noardeasten hat it fierders in 55 km lange grins mei de Oklahoma Panhandle, in útstykjend diel fan 'e steat Oklahoma. Yn it súdwesten, dêr't Nij-Meksiko tsjin Meksiko oan leit, hat de steat syn iennichste ynternasjonale grins.

Nij-Meksiko hat in fierhinne fjouwerkantige foarm; inkeld yn it súdwesten stekt it grûngebiet in eintsje nei it suden ta út. Dat diel fan 'e steat wurdt dêrom wol de Hakke fan Nij-Meksiko neamd. De eastgrins mei de Oklahoma Panhandle leit persiis op 103° westerlingte, en dy mei Teksas leit 5 km mear nei it westen ta. De westgrins mei Arizona leit op 109°03′ westerlingte, en de noardgrins mei Kolorado leit persiis op 37° noarderbreedte. Yn it uterste noardwesten foarmet de grins, dy't dêr bestiet út twa rjochte linen dy't inoar kruse, in fjouwersteatepunt (de saneamde Four Corners), dêr't it grûngebiet fan Nij-Meksiko, Kolorado, Arizona en Utah gearkomt. It eastlike twatrêde part fan 'e Nijmeksikaanske súdgrins is mei de buorsteat Teksas, wylst it westlike trêdepart tsjin 'e Meksikaanske steaten Chihuahua (90%) en Sonoara (10%) oan leit.

De dripstiengrotten fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns.

Nij-Meksiko is in tige drûge steat, mei mar 650 km² oerflaktewetter. It lânskip rint útinoar fan it útstrutsen, rôzekleurige woastynlân fan 'e Chihuahuawoastyn en mei kleauwen trochsniene heechflakten (mesa's) oant de Grutte Flakten yn it easten en de hege mei snie bekape bergen fan 'e Rocky Mountains. Nettsjinsteande Nij-Meksiko's imago fan drûchte wurdt in oansjenlik part fan 'e steat oerdutsen mei nullewâlden, benammen yn it bercheftige noarden. Tsientûzenen fjouwerkante kilometers fan it grûngebiet fan 'e steat hawwe in beskerme status as nasjonaal wâld. It Sangre de Cristo-berchtme, de súdlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains, rint rûchwei fan noard nei súd troch de fierhinne ûnoantaaste wyldernis fan noardeastlik Nij-Meksiko.

De steat leit trochinoar op 1.735 m boppe seenivo, mei as heechste punt Wheeler Peak, yn 'e Rocky Mountains, op 4.013 m. It leechste punt is it oerflak fan it Red Bluff Reservoir, in opslachmar oan 'e grins mei Teksas, op 867 m. De wichtichste rivier fan 'e steat is de Rio Grande, dy't fierder streamôf, yn Teksas, de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko foarmet. Oare oansjenlike rivieren binne de Pecos, de Canadian, de San Juan en de Gila. Nij-Meksiko hat in protte natoerskientme, lykas de dripstiengrotten fan it Nasjonaal Park Carlsbad Caverns, by Carsbad, en it wite sân fan it Nasjonaal Monumint White Sands, by Alamogordo.

Der binne yn Nij-Meksiko 23 Yndianereservaten, dy't mei-inoar in oansjenlik part fan it grûngebiet fan 'e steat beslane:

Yndianereservaten yn Nij-Meksiko.
Yndiaanske ruïnes yn Chaco Canyon.

Skiednis

De ierst bekende minsklike bewenners fan Nij-Meksiko wiene de Paleo-Yndianen fan 'e Clovis-kultuer. Letter yn 'e prehistoarje waard noardlik en sintraal Nij-Meksiko behearske troch de Anasazy, de foarâlden fan 'e moderne Pûeblo-Yndianen, wylst it suden ta it ferspriedingsgebiet fan 'e Mogollon-kultuer hearde. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen it gebiet berikten, yn 'e midden fan 'e sechstjinde iuw, waard Nij-Meksiko bewenne troch de sedintêre Pûeblo-Yndianen en de nomadyske Navaho, Apachen en Jût (Ute).

In lânkaart mei dêrop oanjûn de fersprieding fan 'e histoaryske Yndiaanske kultueren: yn giel de Hohokam-kultuer; yn grien de Mogollon-kultuer en yn rôze de Anasazy, de foarâlden fan 'e hjoeddeiske Pûeblo-Yndianen.

Fan 1540 oant 1542 teach de Spaanske conquistador Francisco Vásquez de Coronado troch it gebiet dat letter Nij-Meksiko kaam te hjitten, dêr't er omdôch socht nei de heimsinnige Sân Gouden Stêden fan Cibola, dy't beskreaun wiene troch de roomske frater Marcos de Niza. Yn 1563 waard de namme Nuevo México optocht troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Francisco de Ibarra, dy't it uterste noarden fan 'e koloanje Nij-Spanje ferkende op 'e sneup nei goudminen, en syn befinings foarstelde as 'in nij Meksiko' (d.w.s. in gebiet dat it Ryk fan 'e Azteken yn rykdom belykje koe). Hoewol't letter bliken die dat dat net wier wie, bleau de beneaming stykjen, ek doe't it gebiet yn 1595 de status fan provinsje krige. By syn oanstelling yn 1598 bekrêftige de earste provinsjale gûverneur, Jean de Oñate 'Nij-Meksiko' as de offisjele namme fan 'e Provinsje Santa Fe yn Nij-Meksiko.

Datselde jiers, 1598, makke Oñate ek in begjin mei de kolonisaasje fan 'e nije provinsje, troch de stifting fan 'e (no net mear besteande) delsetting San Juan de los Caballeros, oan 'e igge fan 'e Rio Grande. Om it gebiet foar kolonisten tagonklik te meitsjen, liet Oñate El Camino Real de Tierra Adentro ("De Keninklike Wei fan it Binnenlân") oer in ôfstân fan 1.100 km nei it noarden trochlûke, fan Santa Bárbara, yn 'e provinsje Chihuahua, nei syn eigen ôfhandige provinsje. Yn 1607 waard oan 'e foet fan it Sangre de Cristo-berchtme de stêd Santa Fe stifte, dy't foarbestimd wie om 'e haadstêd fan Nij-Meksiko te wurden.

De Spaanske kolonisten wisten mei harren heechhertich fanwegen kommen de oars net oarlochssuchtige Pûeblo-Yndianen wolfergoed tsjin har yn it harnas te jeien, mei as gefolch de Pûeblo-Opstân, dy't yn 1680 útbriek. Dy rebûlje wie tige súksesfol, en de Spanjerts wiene twongen om Santa Fe en frijwol al harren oare delsettings yn Nij-Meksiko foar in perioade fan tolve jier op te jaan. Nei de dea fan 'e Pûeblo-lieder Popé wist Diego de Vargas Nij-Meksiko yn 1692 lykwols wer ûnder Spaansk bewâld te bringen. Wylst se Santa Fe ta in regionaal hannelssintrum ûntjoegen, stiften de weromkearende kolonisten yn 1706 út 'e omlizzende delsettings wei Albuquerque, dat útgroeie soe ta de grutste stêd yn 'e provinsje.

De provinsje Nij-Meksiko as ûnderdiel fan Meksiko (1821-1848).

Doe't de Spaanske koloanje Nij-Spanje yn 1821 syn ûnôfhinklikheid fan it memmelân wûn en ûnder de namme Meksiko selsstannich waard, gie Nij-Meksiko mei oer nei it nije lân, al lei it dêrbinnen alhiel oan it fuottenein, krektlyk as earder yn Nij-Spanje. Doe't yn 1836 de oanbuorjende Meksikaanske provinsje Teksas ûnder ynfloed fan Ingelsktalige kolonisten út 'e Feriene Steaten de ûnôfhinklikheid útrôp en de Republyk Teksas waard, makke dat nije lân oanspraak op alle gebiet yn 'e provinsje Nij-Meksiko dat eastlik fan 'e Rio Grande lei. De iennichste wraam dy't de Teksanen op Nij-Meksiko diene, wie lykwols de Teksaanske Santa Fe-ekspedysje fan 1841, dy't folslein mislearre en einige mei it kriichsfinzen nimmen en opsluten fan it foltallige Teksaanske leger troch de provinsjale milysje fan Nij-Meksiko.

De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de Frânske koloanje Louisiana rekkene, dy't yn 1863, by de Frede fan Parys, yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn 1800 wer weromjaan moasten oan Frankryk. Napoleon lykwols, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, koe fanwegen de Britske oppermacht op 'e wrâldseeën net folle mei it gebiet, dat yn 1803 ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de Feriene Steaten, by in transaksje dy't bekendstiet as de Louisiana-oankeap. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.

Nije arsjitektuer yn Santa Fe dy't him spegelet oan 'e tradysjonele boustyl fan 'e Pûeblo-Yndianen.

Nei't yn 1848 it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo in ein makke oan 'e twajierrige Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, wie Meksiko twongen om syn hiele noardlike grinsregio, wêrûnder ek de provinsje Nij-Meksiko, ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. Neitiid joech Teksas by it saneamde Kompromis fan 1850 yn ruil foar in bedrach fan $10 miljoen syn oanspraken op it eastlik diel fan Nij-Meksiko op, sadat op 9 septimber 1850 it Territoarium Nij-Meksiko stifte wurde koe. Dêrta hearde net inkeld de tsjintwurdige steat Nij-Meksiko, mar ek de steat Arizona, it uterste súdeasten fan Nevada en in stripe fan súdlik Kolorado. Yn 1853 skaften de Feriene Steaten fierders troch de saneamde Gadsden-oankeap fan Meksiko it tsjintwurdige Arizona besuden de rivier de Gila en de Hakke fan Nij-Meksiko oan, in gebiet dat doe ek ta it territoarium kaam te hearren.

It Territoarium Nij-Meksiko fan 1850 oant 1866 (de pearze omlining jout it diel fan it territoarium oan dêr't de Konfederaasje ûnder de Boarger-oarloch oanspraak op makke).
It Territoarium Nij-Meksiko fan 1886 oant 1912.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) spile Nij-Meksiko in lytse rol yn it front bewesten de Mississippy, om't de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika oanspraak makken op 'e súdlike helte fan it Territoarium Nij-Meksiko (in gebiet dat oan 'e grins fan Kalifornje ta rikte). De Konfederaasje besocht dêr in eigen territoarium te foarmjen, dat Arizona komme moast te hjitten (net te betiizjen mei it lettere Amerikaanske territoarium mei dy namme).

Under de ambisjeuze Nij-Meksikokampanje foelen Konfederearre troepen út Teksas ûnder lieding fan generaal Henry Hopkins Sibley it gebiet begjin 1862 binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de Slach by Glorieta Pass twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn april by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei Noardlike troepen ûnder kolonel Edward R.S. Canby, dat bekend kaam te stean as de Slach by Albuquerque. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út Kolorado en Kalifornje, holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it Noardlike Leger tsjinnen.