Priis (ûnderskieding): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 des 2016 om 13.43

In priis is in ûnderskieding dy't men kriget foar in beskate prestaasje. Faak giet it der dêrby om wa't de bêste, fluchste of sterkste yn 'e iene of oare aktiviteit is, mar prizen wurde ek wol ferjûn foar oarsoartige prestaasjes. Dejinge dy't in priis takend kriget, wurdt ornaris oantsjut as de (priis)winner. As it om in sportwedstryd giet, kin ek sprutsen wurde fan in kampioen. Faak omfiemet in priis in taastber symboal fan 'e oerwinning, lykas in medalje, in beker, in krâns of in oarkunde. By sportwedstriden is it wizânsje om 'e winner in goudene medalje te jaan, wylst dejinge dy't it twadde plak behelle hat, in sulverne medalje kriget en dejinge dy't it trêde plak behellet in brûnzene medalje. Foar in ferliezer is der soms in treastpriis. Faak is der oan in priis njonken it ymmateriële prestiizje en it taastbere bewiis boppedat in beskaat jildbedrach ferbûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.