Tsjerke op it Bloed (Jekaterineburch): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke op it Bloed ''Храм-на-Крови'' | ôfbylding = Yekaterinburg cathedral on the blood 2007.jpg | ôf...
 
Rigel 36: Rigel 36:
== De eksekúsje fan de keizerlike famylje ==
== De eksekúsje fan de keizerlike famylje ==


Nei de [[Febrewarisrevolúsje (1917)|Febrewarisrevolúsje]] waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn [[Tsarskoje Selo]] bûten [[Sint-Petersburch]]. Om't [[Alexander Kerensky]], de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan [[Tobolsk]]. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterinenburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterinenburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It [[Tsjechysk Legioen]], dat oan de kant fan de [[Witen (leger)|Witen]] tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterinenburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.
Nei de [[Febrewarisrevolúsje (1917)|Febrewarisrevolúsje]] waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn [[Tsarskoje Selo]] bûten [[Sint-Petersburch]]. Om't [[Aleksander Kerensky]], de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan [[Tobolsk]]. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterinenburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterinenburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It [[Tsjechysk Legioen]], dat oan de kant fan de [[Witen (leger)|Witen]] tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterinenburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.


Op de betide moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn de kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.
Op de betide moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn de kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.

De ferzje fan 22 des 2016 om 16.59

Tsjerke op it Bloed

Храм-на-Крови

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Sverdlovsk oblast
plak Jekatarinenburch
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2000-2003
boustyl Russysk-Byzantynsk
offisjele webside
hram-na-krovi

De Tsjerke op it Bloed ta eare fan Alle Hilligen dy't it Russyske Lân ferljochtsje (Russysk: Храм-на-Крови во имя Всех святых, в земле Российской просиявших) is in Russyske-otterdokske tsjerke dy't boud waard op it plak fan it Ipatjevhûs yn in Jekatarinenburch, dêr't Nikolaas II, de lêste tsaar fan Ruslân, mei syn frou, bern en in tal persoanielsleden tidens de Russyske boargerkriich fermoarde waarden troch de bolsjewiken .

De eksekúsje fan de keizerlike famylje

Nei de Febrewarisrevolúsje waard de keizerlike famylje fan Ruslân finzen holden yn it Alexander Paleis yn Tsarskoje Selo bûten Sint-Petersburch. Om't Aleksander Kerensky, de lieder fan it tydlike regear fan Ruslân nei de revolúsje, benaud wie foar de feilichens fan de eardere tsaar en de famylje, liet hy de famylje ferhûzje nei it hûs fan de eardere gûverneur fan Tobolsk. Doe't de bolsjewiken yn 1918 de macht grepen en in boargerkriich útbriek, naam it Presidium it beslút de keizerlike famylje oer te bringen nei Jekaterinenburch, om har fan dêr letter nei Moskou te bringen en harren foar it tribunaal te lieden. Yn Jekaterinenburch hiene de bolsjewiken it grutte stiennen hûs fan Nikolaas Ipatjev útsocht om de famylje ûnder te bringen. It Tsjechysk Legioen, dat oan de kant fan de Witen tsjin de bolsjewiken focht, nadere lykwols Jekaterinenburch en no naam ûnder de bolsjewiken de bangens ta dat de famylje befrijd wurde soe. Lokale bolsjewiken namen doe yn oerlis mei de lieding yn Moskou it beslút om de hiele keizerlike famylje te eksekutearen.

Op de betide moarn fan 17 july 1918 waard de hiele keizerlike famylje mei in diel fan it hôfpersoaniel dat trou bleaun wie yn de kelder fan it Ipatjevhûs mei kûgels en bajonetten ombrocht. In lytse wike letter ferovere it Tsjechysk Legioen de stêd.

Ipatjevhûs

It Ipatjevhûs

It Ipatjevhûs wie in stiennen gebou fan twa ferdjippings út de lette jierren 1880. Sûnt 1908 wenne hjir de yngenieur Nikolaas Ipatjev. Yn april 1918 waard it hûs troch de regionale autoriteiten yn beslach nommen. Nei de Oktoberrevolúsje joech it hûs ûnderdak oan hege funksjonarissen en ynstânsjes, mar it bleau fanwegen de moard op Ruslân's lêste tsaar foar in protte lju in bysûnder gebou. Wat hjir bard wie makke fan it gebou in soarte fan pylgersplak, dêr't minsken ek út oare dielen fan it lân benammen om wichtige data yn it libben fan de tsaar hinne op ôf kamen. Dit omtinken liede yn 1977 ta de foardracht fan KGB-foarsitter Joeri Andropov en it beslút fan it Sintrale Komité fan de Sovjet-Uny om it gebou te ferwoastgjen. It beslút waard rjochtfeardige mei it ekskús dat it gebou ôfbrutsen wurde moast om in oangrinzgjende strjitte te ferlingen. Mar ek nei de sloop fan it hûs bleau it plak foar minsken in hillig plak en nei it begjin fan de Perestrojka kamen jimmeroan mear leauwenden gear op it plak dat no in stik ûnlân wie. Oan de earste gearkomsten makke de plysje in ein, mar op 18 augustus setten de lju hjir in houten krús del, dat twa wiken letter lykwols waard ferwidere. It waard folge troch in twadde en letter in tredde no metalen krús.

De nije tsjerke

De oan Elisabeth Fjodorovna wijde kapel út 1991

Op 20 septimber 1990 joegen de gemeente en de tsjerklike autoriteiten tastimming oan it otterdokske bisdom Sverdlovsk om op it plak fan it eardere Ipatjevhûs in monumint te bouwen. Op 23 septimber 1992 waard úteinset mei de bou fan it tsjerke-monumint. Tegearre mei de earste stienlizzing waard in earder boude kapel ynwijd, mar as gefolch fan de drege ekonomyske sitewaasje yn Ruslân en it brek oan jild kaam de bou fuort dêrnei stil te stean.

Krúsbyld mei bylden fan de keizerlike famylje

Pas yn it jier 2000, nei de hilligferklearring fan de keizerlike famylje troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke, waard op it plak begûn mei nije tariedings fan de bou fan de tsjerke. Patriarch Alexius II kaam op 23 septimber 2000 nei it plak om it nije projekt te wijen. De bou fan de tsjerke eine no hurd en it doel wie om de konsekraasje fan de tsjerke op de 85e jierdei fan de moard op de Romanov's gearfalle te litten. Op 16 july 2003 wie it safier dat de tsjerke plechtich ynwijd waard.

De tsjerke is in fiifkoepelich gebou woarn mei in hichte fan 60 meter. Se is yn Russysk-Byzantynske styl útfierd, de styl fan de measte tsjerken dy't tidens it regear fan Nikolaas boud waarden. De tsjerke bestiet út in boppe- en in ûndertsjerke. Yn de ljochte boppetsjerke dy't wijd waard oan Alderheljen krige in 30 meter lange en 13 meter hege ikonostase fan seldsume soarten wyt moarmer in plak. Hjir is boppe it plak dêr't de Romanov's fermoarde waarden in iepening yn de flier oanbrocht, sa't it fan boppe ôf sjoen wurde kin. Yn de benedentsjerke, de Bloedtsjerke, binne ek de autentike resten fan it Ipatjevhûs opnommen. Hjir stiet in porsleinen ikonostase fan in lokale porsleinfabryk. It alter fan de benedentsjerke stiet op it plak dêr't de eksekúsje fan de Romanov's plakfûn. Hjir is ek in museum ûnderbrocht mei in eksposysje dy't wijd is oan de lêste dagen fan de Romanov's en in auditoarium mei 160 sitplakken. Ek jout de tsjerke ûnderdak oan in sneinsskoalle en wurdt der Bibelûnderwiis jûn.

Op 27 novimber 2002 waard by de Tsjerke op it Bloed de earste stien lein foar de bou fan it patriarchale kleaster mei de Nikolaastsjerke, dat yn 2003 ree kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]