Ferskil tusken ferzjes fan "Geslachtsmienskip"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
+ sitaat
L (+ sitaat)
Foar geslachtsmienskip yn 'e [[biology]]ske sin (fan 'e earste stap fan 'e [[fuortplanting]]) is it net nedich dat de frou in orgasme berikt. Sterker noch, iuwenlang wie de [[genêskunde|medyske wittenskip]] derfan oertsjûge dat froulju gjin orgasme krije koene. Pas yn 'e [[njoggentjinde iuw]] waard it tsjindiel oantoand, mar noch altyd wurde froulju wol foarsteld as lju dy't geslachtsmienskip duldsum ûndergeane om harren gleone manlike partner te geriivjen, of dy't harren gleone manlike partner op in houtsje bite litte ("No net, skat, ik haw pineholle").
 
Dizze foarstelling fan saken is besiden de wierheid. Der sille grif froulju wêze dy't net fan geslachtsferkear hâlde, mar de measten genietsje der perfoarst teminsten likefolle fan as manlju. Yn dit ramt sei [[seksuolooch]] [[Jelto Drenth]] yn [[2016]] yn in [[fraachpetear]] mei de ''[[Ljouwerter Krante]]'': ''"As ik op 'e sprekoere in troud pear krij fan wa't de iene partner in soad sin oan seks hat en de oare net, dan is dejinge dy't in soad sin hat meastal de frou."''<ref>{{Aut|Laan, Mannus van der}}, ''"Seks Is een Kinderspelletje"'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 10 desimber 2016, ''Sneon en Snein'', s. 28-29.</ref> Wol hawwe froulju faak ferlet fan mear [[seksuële stimulaasje]] as manlju om in orgasme te berikken: 70-80% binne dêrta direkte stimulaasje fan 'e klitoris nedich. As it harren de muoite net wurdich is, [[simulearre orgasme|simulearje se soms in orgasme]]. As se wol wier in orgasme hawwe, kinne in protte froulju dêrby ek in [[froulike ejakulaasje]] (''squirting'') belibje, wêrby't lichemseigen floeistof troch de [[para-uretrale klieren]] yn in ritmysk ta- en ôfnimmende striel fia de [[urinebuis]] útdreaun wurdt.
[[File:Édouard-Henri_Avril_(14).jpg|left|thumb|280px|Geslachtsmienskip yn 'e [[cowgirl (seksposysje)|cowgirl]]posysje (troch [[Édouard-Henri Avril]]).]]
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Sexual_intercourse ''References'', op dizze side].
----

Navigaasjemenu