Willibrord: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
→‎Libben: ik wat keppelings derút helle, der wienen tefolle fan
Rigel 18: Rigel 18:
Willibrord hie lykwols by de Friezen te krijen mei in soad tsjinslagen. Dizze tsjinslagen waarden benammen feroersake troch de tsjinwerking fan de heidenske kening Radboud. Hjiroan kaam pas in ein, doe [[Karel Martel]] nei de dea fan kening Radbod, syn opfolger ferslein hie. Yn [[719]] ûntfing Willibrord besyk fan Winfrid, better bekend as [[Bonifatius]], dy nei in ferblieu fan trije jier nei oare heidenkse Germaanske lannen loek om der it evangeelje te ferkundigen.
Willibrord hie lykwols by de Friezen te krijen mei in soad tsjinslagen. Dizze tsjinslagen waarden benammen feroersake troch de tsjinwerking fan de heidenske kening Radboud. Hjiroan kaam pas in ein, doe [[Karel Martel]] nei de dea fan kening Radbod, syn opfolger ferslein hie. Yn [[719]] ûntfing Willibrord besyk fan Winfrid, better bekend as [[Bonifatius]], dy nei in ferblieu fan trije jier nei oare heidenkse Germaanske lannen loek om der it evangeelje te ferkundigen.


De metoade dy't Willibrord brûkt hat om it evangeelje by de Friezen te bringen wie feitlik fernederend foar harren. Hy socht polityke en militêre stipe by de grutste tsjinstanner fan it Frieske ryk ûnder kening Radbod, namlik by it doe al kristlik [[Frankyske ryk]]. Benammen hofmeier Pipyn wie Willibrord syn grute bekermhear.
De metoade dy't Willibrord brûkt hat om it evangeelje by de Friezen te bringen wie feitlik fernederjend foar harren. Hy socht polityke en militêre stipe by de grutste tsjinstanner fan it Fryske ryk ûnder kening Redbad, namlik by it doe al kristlike [[Frankyske ryk]]. Benammen hofmeier Pipyn wie Willibrord syn grute beskermhear.


==Literatuer==
==Literatuer==

De ferzje fan 15 jun 2007 om 17.53

De hillige Willibrord

Willibrord, ek Willibrordus (658 - 7 novimber 739) neamd, wie in biskop die oanskreaun stie as de "apostel fan de Friezen."

Libben

Willibrord waard berne yn Northumbria (Ingelân) as soan fan tige kristlike alders, dy't noch net sa lang leden ta it kristlike leauwen bekeard wienen. As sânjierige jongen fertrouwde syn heit, dy't Wilgis hiete, him ta oan it kleaster fan Ripon (flakby York) as oblaat. De heit fan Willibrord sels waard hearremyt.

Yn Ripon woeks Willibrord op ûnder ynfloed fan Sint-Wilfridus (Egbert), de biskop fan York. Dizze biskop wie, oars as de doe yn Grut-Brittanje hearsende katholyke-Keltyske tradysje, in foarstanner fan de Roomske line.

Doe Willibrord 20-jier âld wie, gong er fuoart nei it "eilân der Hilligen", (Ierlân). Der moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigi. Hy waard yn 688 as priester wije. Fûl mei de geast fan "peregrinatio", en mei de winsk om't de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn 690 mei alve gesellen oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by Katwijk en ferkundigde der it evangeelje oan de Friezen, dy't net yn Kristus leauwden mar yn it Fryske heidendom.

Yn 690 reisde hy mei tolve gesellen, werûnder Werenfried fan Elst, nei de Fryske kening Redbad om syn foarbeeld Jesus Kristus te folgje dy't ek rûn loek om de bliide boadskip te ferkundige. Hy besike it Fryske ryk dat har ústrekke fan de Weser (Noard-Dútslân oant de Swin yn Belgje. It Fryske heidendom waard krekt as by oare Germaanske folken sterk bepale troch natuerferearing, mei hillige beamen en stienen en wetter as libbensboarn. Yn de ûnsteane legendes oer de apostel spile de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as guon en iviche boarn.

Yn tsjinstelling ta de missy metoade fan de Iers-Skotse monniken, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missionering pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by Pipyn II, dy't de Fryske kening Redbad oer de Ryn ferdreaun hie, en fersekerde hy him fan de pauslike goedkeuring doe hy yn Rome nei twa swiere reizen yn 695 oankaam. Hy waard troch Paus Sergius I as aartsbiskop der Friezen wije, werby Utert him tawize waard as syn haadsetel.

Troch rikkemedaasje fan Pepyn krieg Willibrord fan de Frankyske ealje ek in proatte lân skonken, en dermei koe hy hiel wat tjerken en kleasters bouwen. Sa ûntfing hy yn 698 de earste helte fan it folle gruter lânguod fan Irmina, de abdis flakby Trier, dy't de mem fan Plektrudis, de frou fan Pepyn, wie. Doe Pepyn him letter ek it restant fan dit lânguod skonk, wie Willibrordus yn steat om de abdij fan Echternach te stifte, de pleats wer't hy syn missytochten tariede nei it Fryske ryk, en sels nei Denemarken en Thuringia (Thüringen yn Dutslân) ta.

Willibrord hie lykwols by de Friezen te krijen mei in soad tsjinslagen. Dizze tsjinslagen waarden benammen feroersake troch de tsjinwerking fan de heidenske kening Radboud. Hjiroan kaam pas in ein, doe Karel Martel nei de dea fan kening Radbod, syn opfolger ferslein hie. Yn 719 ûntfing Willibrord besyk fan Winfrid, better bekend as Bonifatius, dy nei in ferblieu fan trije jier nei oare heidenkse Germaanske lannen loek om der it evangeelje te ferkundigen.

De metoade dy't Willibrord brûkt hat om it evangeelje by de Friezen te bringen wie feitlik fernederjend foar harren. Hy socht polityke en militêre stipe by de grutste tsjinstanner fan it Fryske ryk ûnder kening Redbad, namlik by it doe al kristlike Frankyske ryk. Benammen hofmeier Pipyn wie Willibrord syn grute beskermhear.

Literatuer

  • A.G. Weiler, Willibrords missie. Christendom en cultuur in de zevende en achtste eeuw, Hilversum, 1989;
  • K. van Gulik, e.o., Willibrord tussen Ierland en Rome. Een bundel historische en muzikaal-liturgische bijdragen, Utrecht, 1995;
  • A.H. de Jong, e.o, Woest en ledig? Nederland vòòr Willibrord, Hilversum, 1995;
  • Catalogus tentoonstelling Museum Het Catharijneconvent, Willibrord en het begin van Nederland, Utrecht, 1995.