Ferskil tusken ferzjes fan "Pake"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
17 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
[[]]
(red hiele side + oanf)
L ([[]])
In '''pake''' of ([[argaïsme|argaysk]]) '''oareheit''' (útspr. mei [[nijere brekking|brekking]] yn it earste [[wurdlid]]: [warə'hɔit] of [warə'hɛit], "ûarreheit") is in [[man (sekse)|man]] mei in [[soan]] of [[dochter]] dy't sels [[bern (persoan)|bern]] hat, of, beskreaun fanút it eachpunt fan sokke [[bernsbern]] (of pakesizzers), de [[heit]] fan ien fan jins [[âlden]]. Dit is in foarm fan [[twaddegraads besibskip]]. It [[eigenskipswurd]] dat by 'pake' heart, is '''pakich''' of '''pake-eftich'''. De [[frou]]like wjergader fan in pake is in [[beppe]]. Tegearre foarmje [[pake en beppe]] in [[generaasje]] yn in [[minske|minsklike]] [[famylje (besibskip)|famylje]]. Fanút it eachpunt fan 'e pakesizzers besjoen is de heit fan in pake de '''oerpake''', en dy syn heit de '''betoerpake''' of '''oeroerpake''' (sjoch fierder de [[list fan beneamings foar generaasjes]]). It [[foarheaksel]] "bet-" yn "betoerpake" komt fan "better", "mear".<ref>{{Aut|Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de}}, ''Etymologisch Woordenboek'', Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.</ref>
 
Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'pake' ek brûkt wurde (as ferwizing nei of as [[oansprektitel]] foar) eltse willekeurige âldman. As oansprektitel is it tige [[familiêrens|familiêr]], en de toan fan 'e útspraak bepaalt dêrby oft it [[freon]]lik of [[hún]]jend bedoeld wurdt, want it kin in [[poppenamme]] wêze foar in âldere man mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte [[respekt]] hat, mar it kin ek bedoeld wêze as [[mislediging]] wêrby't de oandacht fêstige wurdt op 'e [[âlderdom]] fan 'e man yn kwestje. Fierders is 'pakepong' in ferâldere útdrukking foar de [[oerheid]] (fanwegen [[belesting]]heffing, wêrby't jins [[jild]] dus yn 'e grutte [[ponge]] ferdwynt). Krektsa wurdt mei 'pake syn pakhús' de [[finzenis]] bedoeld.
 
Yn prinsipe hat eltse pakesizzer twa pakes. It kin fansels wêze dat dat net sa is om't ien fan beiden al [[ferstoarn]] is. En trochdat it sûnt de ynfiering fan it [[homohoulik]] ynboargere rekke is dat [[homoseksualiteit|homo's]] en [[lesbiënne]]s [[gesin]]nen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa pakes meitiid grif feroarje. Om 'e beide pakes útinoar te hâlden, wurdt yn 'e regel troch de pakesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har âlden in ekstra oantsjutting tafoege. Dêrby kin it gean om 'e [[foarnamme]] fan pake ("pake Willem" en "pake Drewes") of om 'e [[efternamme]] ("pake De Vries" en "pake Visser"). Ek kin it ûnderskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de hân lizzende saken, lykas it wenplak ("pake Wier" en "pake Terherne"), in bysûnderheid dy't de pakesizzer oan pake opfallen is ("pake stôk" en "pake burd") of it feit dat der mar ien pake is fan wa't de [[oarehelte|frou]] noch libbet ("pake fan beppe"). In oare praktyske oplossing kin wêze om nei ien pake te ferwizen as "pake" en nei de oare as "opa", benammen as it dêrby om in [[Hollân]]ske pake giet.

Navigaasjemenu