Boris Karloff: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 23: Rigel 23:
File:Boris Karloff as The Monster in Bride of Frankenstein film trailer.jpg|Karloff as It Mûnster út de ''Bride of Frankenstein'', trailer (1935)
File:Boris Karloff as The Monster in Bride of Frankenstein film trailer.jpg|Karloff as It Mûnster út de ''Bride of Frankenstein'', trailer (1935)
Ofbyld:Bride gip.jpg|thumb|Yn de breid fan Frankestein
Ofbyld:Bride gip.jpg|thumb|Yn de breid fan Frankestein
File:Boris Karloff radio show WNEW 1950.jpg|Boris Karloff by syn radioprogramma by WNEW, New York.
File:Boris Karloff radio show WNEW 1950.jpg|Boris Karloff by syn radioprogramma foar bern by WNEW, New York.
</gallery>
</gallery>



De ferzje fan 15 nov 2016 om 18.17

Boris Karloff
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Henry Pratt
nasjonaliteit Britsk
berne 23 novimber 1887
berteplak Camberwell
stoarn 2 febrewaris 1969
stjerplak Midhurst
jierren aktyf 1909-1969
prizen Twa stjerren op de Hollywood Walk of Fame

William Henry Pratt (Camberwell (Grut-Londen), 23 novimber 1887 - Midhurst (Susseks), 2 febrewaris 1969) wie in Ingelsk akteur dy't bekend wurden is ûnder syn artystenamme Boris Karloff.

Pratt hie diplomaat wurde sillen en hat yn Londen studearre. Hy emigrearre lykwols yn 1909 nei Kanada en socht ûnder de namme Boris Karloff oansluting by in teaterselsskip. Sy trokken tsien jier troch de Feriene Steaten oant Karloff yn Hollywood telâne kaam. Hy hie op dat stuit gjin bekendheid en gjin jild. Hy spile dêrnei yn 80 (meast stomme) films oant er yn 1931 cast waard foar de rol fan mûnster yn de film Frankenstein. Karloff soe dy rol, mei de bekende bouten yn syn hals, noch twaris spylje yn de 'Breid fan Frankenstein' en de 'Soan fan Frankenstein', en om dizze rol bleau er de minsken it meast by, mar Karloff hat tal fan oare rollen yn films en teaterstikken fertolke.

Yn tsjinstelling ta it byld fan aakliksma wie Karloff in minlik minske dy't mâl mei bern wie en graach foar harren de Krystman spile. Ek brocht er ferskate opnames fan berneferhalen (foar radio) út. In sosjabel man mei in protte freonen, ek bûten syn fakwrâld.

Filmografy

Literatuer

  • Donald F. Glut: The Frankenstein Legend. A Tribute to Mary Shelley and Boris Karloff. Scarecrow Press, Metuchen NJ 1973, ISBN 0-8108-0589-8
  • Paul M. Jensen: Boris Karloff and His Films. A.S. Barnes, South Brunswick 1974, ISBN 0-498-01324-3
  • Cynthia Lindsay: Dear Boris. The Life of William Henry Pratt A.K.A. Boris Karloff. Limelight Editions, London 1995, ISBN 0-87910-106-7
  • Scott Allen Nollen: Boris Karloff. A Critical Account of His Screen, Stage, Radio, Television and Recording Work. Mei in foarwurd fan Ray Bradbury. McFarland and Company, Jefferson N.C. 1991, ISBN 0-89950-580-5
  • Scott Allen Nollen, Sara Jane Karloff: Boris Karloff. A Gentleman's Life. Midnight Marquee Press, Baltimmore 1999, 2005 (werútjefte), ISBN 1-887664-23-8

Keppelings om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boris Karloff fan Wikimedia Commons.