Ferskil tusken ferzjes fan "Laaksum"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
6 bytes grutter ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
[[Ofbyld:080507 Laaksum Fryslân NL.jpg|right|thumb|400px600px|It haventsje fan Laaksum (2008)]]
'''Laaksum''' is in [[buorskip]] by [[Warns]] yn de gemeente [[Nijefurd]], yn it suden fan [[Fryslân]]. Laaksum leit yn [[Nijefurd]], direkt oan de [[Iselmar]]. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in ''doarp'' neamd, benammen ''"It lytste fiskersdoarp fan Jeropa"''.
 
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hjerring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hjerring jûns op 'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].
 
[[Ofbyld:080507 Laaksum Fryslân NL - recreatieterreintje.jpg|right|thumb|400px600px|It rekreaasjeterreintsje by it haventsje fan Laaksum (2008)]]
De Laaksumers hawwe net altyd hjerringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de [[bot (Fiskfisk)|botfiskerij]] en yn de [[17e iuw]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]]. Nei it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadichoan binne se ien foar ien opholden.
 
It haventsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it haventsje fan Laaksum.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.mnopr.com/laaxum/ Webstee oer Laaksum] (dea)
 
<gallery>

Navigaasjemenu