Ferskil tusken ferzjes fan "Hannel"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
79 bytes grutter ,  3 jier lyn
L
red
(nije side)
 
L (red)
[[File:MercadodeSanJuandeDios.jpg|right|thumb|250px|In [[merk (hannelsgearkomste)|merk]] yn [[Meksiko]].]]
'''Hannel''' of '''kommersje''' is de oerdracht fan eigendom fan dingen of tsjinsten fan 'e iene [[minske|persoan]] of [[organisaasje]] oan 'e oare, yn ruil foar [[jild]] of foar oare dingen en/of tsjinsten. In systeem dat sokke oerdrachten tastiet of fasilitearret wurdt yn 'e [[ekonomy]] in [[merk (ekonomy)|merk]] neamd (net te betiizjen mei [[merk (hannelsgearkomste)|merk]] yn 'e sin fan in spesifike gearkomste foar it bedriuwen fan hannel). In hannelsproses tusken twa partijen wurdt bilaterale hannel neamd, wylst sa'n proses dêr't trije of mear partijen oan dielnimme, bekendstiet as multylaterale hannel. Immen dy't oan hannel docht is in [[keapman]] of hanneler, en produkten dy't ferhannele wurde, binne '''hannelswaar''' of '''negoasje'''. It [[polityk|politike]] systeem dat basearre is op frije hannel is it [[kapitalisme]].
 
De oarspronklike foarm fan hannel wie [[ruilhannel]], wêrby't guod en tsjinsten rjochtstreeks útwiksele waarden tsjin oar guod en oare tsjinsten. Dat systeem funksjonearre op guon plakken yn [[Jeropa]] oant djip yn 'e [[Midsiuwen]] en yn oare parten fan 'e wrâld noch folle langer. Yn 'e Aldheid begûn op guon plakken lykwols ien partij yn 'e hannel al [[ealmetaal|ealmetalen]] ([[goud]], [[sulver]], [[brûns]], [[koper]]) te brûken om foar it guod of de tsjinsten fan 'e oare partij te beteljen. De oare partij koe sokke ealmetalen dan letter brûke om der sels wer guod of tsjinten foar te keapjen. Fan gefolgen ûntstie der in proses fan '''keap''' en '''ferkeap''', wêrby't de '''betelling''' troch de iene partij en it '''fertsjinjen''' troch de oare partij barde mei [[jild]]. De [[útfining fan jild]] (earst [[munt]]jild en letter ek [[papierjild]], [[kredyt]] en [[digitaal jild]]) soarge foar in sterke ferienfâldiging fan it hannelsproses en dêrtroch ek foar in groei fan 'e wrâldwide hannel.

Navigaasjemenu