Earymar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 29: Rigel 29:
[[Kategory:Mar yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Mar yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Mar yn Kanada]]
[[Kategory:Mar yn Kanada]]
[[Kategory:Geografy fan Michigan]]
[[Kategory:Mar yn Michigan]]
[[Kategory:Geografy fan New York]]
[[Kategory:Mar yn New York]]
[[Kategory:Geografy fan Ohio]]
[[Kategory:Mar yn Ohio]]
[[Kategory:Geografy fan Pennsylvania]]
[[Kategory:Mar yn Pennsylvania]]
[[Kategory:Mar yn Ontario]]
[[Kategory:Mar yn Ontario]]
[[Kategory:Grutte Marren]]
[[Kategory:Grutte Marren]]

De ferzje fan 30 okt 2016 om 16.53

Earymar
De Earymar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
De Earymar yn dûnkerblau, mei de oare Grutte Marren yn ljochtblau.
geografy
lokaasje easten fan Noard-Amearika
koördinaten 42°2′N 81°2′W
ûnderdiel fan Grutte Marren
sifers
maks. lingte 388 km
maks. breedte 92 km
oerflak 25.667 km²
djiptegemiddelde 19 m
djipste punt 64 m
wetterfolume 480 km³

De Earymar (Ingelsk: Lake Erie; Frânsk: Lac Érié), is ien fan 'e fiif Grutte Marren fan eastlik Noard-Amearika, mei in oerflak fan 25.667 km². It djiptegemiddelde is 19 m, mei in djipste punt op 64 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 92 km, en op it langste punt 388 km. De Earymar is op 'e Ontariomar nei de lytste fan 'e fiif Grutte Marren.

Utsjoch oer de Earymar fan in heech klif ôf by Learnington, yn Ontario.

De Earymar wurdt oan 'e westkant begrinzge troch de Amerikaanske steat Michigan, oan 'e súdkant troch de steaten Ohio, Pennsylvania en New York, en oan 'e noardkant troch de Kanadeeske provinsje Ontario. Der lizze mear as fjouwerentweintich petiterich lytse eilantsjes yn 'e Earymar. Mei it wetter dat de mar útstreamt, wurdt sawol yn Kanada as yn 'e Feriene Steaten in protte elektrisiteit opwekke, mei't it by de Niagarawetterfallen ûnbidich grutte hydro-elektryske turbines oandriuwt.

De mar is neamd nei de Eary (Erie), in no sa goed as útstoarn Yndiaansk folk dat de krite besuden de mar bewenne yn 'e tiid dat de earste Frânske ûntdekkingsreizgers dit diel fan Noard-Amearika besochten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.